한국   대만   중국   일본 
Jasmin St. Claire - Wikipedy Springe nei ynhald

Jasmin St. Claire

Ut Wikipedy
Jasmin St. Claire
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Jasmin St. Clair, Jasmine
St. Claire, Jasmine St. Clair,
Rhea Devlugt
echte namme Rhea Alessandra Calaveras
nasjonaliteit Amerikaansk Famme-eilansk
Amerikaansk
berne 23 oktober 1970
berteplak Saint Croix ( Am. Famme-eil. )
etnisiteit Russysk
Nederlansk
Sisyljaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , stripper ,
pornoaktrise
jierren aktyf 1995 ? 2001
offisjele webside
officialjasminstclaire.com

Jasmin St. Claire , echte namme: Rhea Alessandra Calaveras ( 23 oktober 1970 ), is in restend Amerikaansk neakenmodel , stripper , pornografysk aktrise , mainstream - aktrise en Amerikaansk wrakselster , dy't op 't heden as vj wurket. Har artystenamme wurdt ek wol stavere as Jasmin St. Clair, Jasmine St. Claire en Jasmine St. Clair, wylst hja yn it ferline ek wol gebruk makke hat fan 'e artystenamme Rhea Devlugt.

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Komof en Jonkheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

St. Claire waard berne op it eilan Saint Croix , dat underdiel utmakket fan 'e Amerikaanske Famme-eilannen . Hoewol't dat gebiet net ien fan 'e Feriene Steaten is, heart it wol by de Feriene Steaten (likernoch sa't Kurasao , Aruba en Sint-Marten by Nederlan hearre), en alle ynwenners fan 'e Amerikaanske Famme-eilannen hawwe it Amerikaansk steatsboargerskip. Oer St. Claire har etnysk komof bestiet nochal wat betizing; guon boarnen melde dat se mingd Russysk - Brazyljaansk is, mar op har offisjele webside stie dat se fan Russysk - Nederlansk - Sisyljaansk komof is. Dat soe dan ek har alternative artystenamme Rhea Devlugt ferklearje, mei't "Devlugt" dudlik in namme fan Nederlanske oarsprong is.

As bern emigrearre St. Claire mei har aldelju nei de Feriene Steaten, der't it gesin him nei wenjen sette yn New York . Dat wie wer't St. Claire opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle trochrun hie, studearre se oan 'e Schiller International University , op 'e festiging derfan yn it Britske Londen , en neitiid rune se op har tweintichste har studzjetiid of oan 'e Columbia University yn New York. Dernei fun se wurk as in leararesse Fransk yn in neiskoalsk programma foar bern fan aldelju dy't yn it tichthus sieten. (St. Claire sprekt Ingelsk , Fransk , Dutsk , Spaansk , Italjaansk en Amerikaanske Gebeartetaal .) Letter wurke se as lokettiste op 'e ofdieling butenlanske hannel fan in ynvestearringsbank. Yn dyselde snuorje begun se mei posearjen foar neakenbleden , lykas de Penthouse .

Pornokarriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1995 , doe't St. Claire 25 jier wie, makke se har debut yn in pornografyske film . Op it med fan 'e hurde pornografy is se benammen bekend wurden troch de film World's Biggest Gang Bang 2 , ut 1996 . Dat wie in registraasje fan har wraldrekor, werby't se yn ien en itselde etmiel 300 kear seksuele omgong hie, en wol mei 300 underskate manlju. Foar en nei har optreden yn dy film waard St. Claire ynterviewd yn it radioprogramma fan Howard Stern , tegearre mei har kollega-pornoaktrise Annabel Chong , dy't foar har it wraldrekor yn 'e hannen hie. Ek ferskynde se nei oanlieding hjirfan yn it beruchte tillefyzjepraatprogramma The Jerry Springer Show fan presintator Jerry Springer . Yn 1998 makke se jitris sa'n film, titele Jasmin's Last Gang Bang . Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 81 pornofilms, foar't se har yn 2001 weromloek ut 'e pornoyndustry. Yn 2011 waard se foar har pornokarriere ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame .

Mainstream -karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't se har karriere as pornoaktrise beeinige hie, hie se roltsjes yn fjouwer mainstream -films (dy't trouwens gjinien fan fjouweren de bioskoop hellen), ntl.: Blood! Broad! And Brawls , Recipe for Disaster , Communication Breakdown en Swamp Zombies . Ek wie se aktyf yn it Amerikaansk wrakseljen (wat gjin echt wrakseljen is, mar in yn sene sette show), foar de ECW , de XPW en de XWF . Yn 2002 trede se op foar Total Nonstop Action Wrestling , werby't se in striptiis opfierde. St. Clare wie ek belutsen by it runnen fan 'e 3PW -wrakselorganisaasje, tegearre mei har doetiidske freon Brian Heffron . Nei't harren relaasje yn 2005 stikken run, beeinigen se ek harren profesjonele gearwurking, wernei't St. Claire oerstapte nei NWA Cyberspace , der't se bleau oant dy organisaasje opheft waard.

Sunt 2008 wurket St. Claire as in vj foar it Brazyljaanske heavy metal -tillefyzjeprogramma Stay Heavy TV , der't se in ferskaat oan "ekstreme" metal-bands ynterviewd en unsinsurearre heavy metal- fideoklips sjen lit. Sunt 2010 is se dernjonken sjoernaliste foar it heavy metal-bled Roadie Crew Magazine . Yn datselde jier waard se de manager fan 'e Brazyljaanske heavy metal-band Shadowside .

Prizen en nominaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2011 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .