Jackson (Mississippy)

Ut Wikipedy
Jackson
Emblemen
            
Polityk
Lan Feriene Steaten
Steat Mississippy
County Hinds County
Madison County
Rankin County
Sifers
Ynwennertal 175.437 (2012)
Oerflak 276,7 km² (ynkl. wetter)
271,7 km² (allinnich lan)
Befolkingsticht. 645,7 / km²
Stedekloft 576.800 (2012)
Hichte 85 m
Oar
Stifting 1821
Tiidsone UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koordinaten 32°17′56″N 90°11′05″W
Offisjele webside
www.jacksonms.gov
Kaart
De lizzing fan Jackson yn Hinds County en yn 'e steat Mississippy .

Jackson is sawol de haadsted as de grutste sted fan 'e sudlike Amerikaanske steat Mississippy . Teffens is it mei Raymond ien fan 'e beide haadplakken fan it omlizzende Hinds County , al stekke guon butenwiken ut oer de grinzen fan Madison County en Rankin County hinne. Neffens in offisjele skatting ut 2012 hie Jackson doe goed 175.000 ynwenners, wat hast tsientuzen minder is as yn 2000 , mar rom twatuzen mear as yn 2010 . It is de iennichste sted fan boppe as 100.000 ynwenners yn 'e steat Mississippy. Mei alle foarsteden en it heal ferstedske omlizzende plattelan derby komt Jackson as stedekloft ut op in befolking fan krapoan 577.000 minsken.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De krite der't Jackson no leit, hearde oarspronklik ta it wengebiet fan 'e Tsjoktou - Yndianen , ien fan 'e saneamde Fiif Beskaafde Stammen , dy't lykwols nei 1830 under twang fan it Amerikaanske regear en driging mei geweld ynstimden mei harren deportaasje nei it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdich Oklahoma ). De krite om Jackson hinne waard yn 't earstoan Parkerville neamd, en kaam letter, doe't de Fransk-Kanadeeske keapman Louis LeFleur him der nei wenjen set hie, bekend te stean as LeFleur's Bluff.

It Steatskapitoal fan Mississippy .

Yn 1821 besleat de folksfertsjintwurdiging fan 'e steat Mississippy, op in gearkomste yn 'e doetiidske haadsted Natchez , dat der yn 'e midden fan 'e steat in nije haadsted stifte wurde moast. Om't de persize geografyske midden yn in sompe lei, sochten de lanmjitters dy't derop utstjoerd wiene der yn 'e neite nei in gaadlike lokaasje. Harren kar foel op LeFleur's Bluff, der't noch datselde jiers in delsetting stifte waard dy't yn 1822 de status fan sted krige under de nije namme Jackson. De sted waard ferneamd nei generaal Andrew Jackson , de (lettere) sande presidint fan de Feriene Steaten , fanwegen dy syn oerwinning yn 'e Slach by New Orleans , op 'e Britten , yn 'e Oarloch fan 1812 .

Jackson bleau lange tiid in lyts plakje, mei as iennichste funksje dy fan steatshaadsted. Yn 1860 , oan 'e foarjun fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch ( 1861 - 1865 ), hie it noch mar krapoan 3.200 ynwenners. Nettsjinsteande dat untjoech it him under de Boargeroarloch as in strategysk wichtich sintrum foar de produksje fan oarlochsreau foar de Sudliken . Yn 1863 waard it lykwols troch de Noardliken ferovere, en de rest fan 'e oarloch bleau it beset gebiet. Nei de oarloch wisten de blanken yn Mississippy de feroarings dy't fan hegerhan ut Washington oplein wiene (lykas it stimrjocht fan 'e swarten ) grutdiels wer werom te draaien. Yn 1890 naam it steatskongres in nije steatsgrunwet oan dy't de earste yn in rige yn it Amerikaanske Suden blike soe te wezen dy't de swarten (en earme blanken) op sluchslimme wize frijwol al harren boargerrjochten untfytmannen (u.m. troch in alfabetisearringstest te fereaskjen as der in stimfergunning oanfrege waard). Doe't it Amerikaansk Heechgerjochtshof yn 'e tweintichste iuw it near lei op sokke easken om't se tsjin 'e Amerikaanske Grunwet yngiene, betochten Mississippy en de oare Sudlike steaten fluch-fluch nije metoaden om 'e swarten under de tomme te halden.

Om 'e iuwwiksel hinne hie Jackson 7.800 ynwenners; pas yn 'e tweintichste iuw begun de sted te groeien, nei in befolking fan 21.000 minsken yn 1910 ; 48.000 yn 1930 ; 98.000 yn 1950 ; en 154.000 yn 1970 . Fan 1924 of waard der yn Jackson oalje en gas fun en oppompt, mar de kwaliteit foel of, en tsjin 1955 wiene alle boarnen utdien. Under de Twadde Wraldoarloch untjoech Hawkins Field , noardwestlik fan Jackson, him ta in wichtige loftmachtbasis. Yn 1941 waard der de Keninklike Nederlanske Militere Fleanskoalle festige, der't alle piloaten fan 'e Keninklike Loftmacht traind waarden.

It stedhus fan Jackson.

Yn 'e fyftiger en sechstiger jierren wie Jackson ien fan 'e wichtichste striidtoanielen fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging , werby't de swarte befolking mei massale demonstraasjes, boykots en sit-ins syn rjochten werom besocht te winnen. Yn maaie 1961 waarden by ien demonstraasje mear as 300 minsken oppakt foar it fersteuren fan 'e iepenbiere oarder . Earder al wiene njoggen swarte studinten fan it swarte Tougaloo Kolleezje arrestearre nei't se besocht hiene boeken te lezen yn it diel fan 'e iepenbiere bibleteek dat foar blanken reservearre wie. Yn 1963 waard de boargerrjochte-aktivist Medgar Evers fermoarde troch de blanke rasist Byron De La Beckwith , dy't yn 1994 einlings en te'n lesten foar dy misdie feroardiele wurde soe. De Ynternasjonale Lofthaven Jackson-Evers waard letter nei Evers ferneamd.

Yn 1966 skreau James Meredith him as earste swarte studint yn oan 'e Universiteit fan Mississippy , in barren dat oanlieding wie ta in rasse-opskuor dy't sa ut 'e han run dat it nasjonaal regear it leger stjoere moast om it de kop yn te drukken en yn Jackson foar de perioade fan in jier de steat fan belis ofkundige waard. Yn 1967 fierde de rasistyske Ku Klux Klan twa bomoanslaggen ut op 'e joadske Beth Israel - synagoge yn Jackson en op 'e wente fan 'e rabbyn Perry Nussbaum . De rasseskieding waard geandewei de jierren sechtich en de iere jierren santich under druk fan Washington opheft. Yn 1997 waard Harvey Johnson jr. keazen as de earste swarte boargemaster fan Jackson.

It alde steatskapitoal fan Missis-sippy, der't de folksfertsjintwurdi-ging fan 'e steat syn sit hie fan 1839 oant 1903 (no in museum).
Union Station , it haadspoarstasjon fan Jackson.
It Mississippi Museum of Art .

De sted berikte syn heechste ynwennertal, fan krapoan 203.000 minsken, yn 1980 . Trochdat der almar mear (fral blanke) ynwenners nei de foarsteden ferfearen, begun de befolking fan Jackson dernei te krimpen, wylst er tagelyk prosintueel sjoen almar mear ut swarten bestie, om't dy yn 'e binnensted wenjen bleaune. Yn 1990 hie de sted 197.000 ynwenners, yn 2000 184.000, en yn 2010 174.000. Dermei liket it djiptepunt lykwols berikt, want neffens in offisjele skatting ut 2012 hie Jackson doe wer 175.000 ynwenners.

Jackson hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ekonomy fan Jackson stipet tsjintwurdich benammen op 'e yndustry en de hannel. De yndustry omfettet fral de produksje fan elektrysk gebruksguod, masinery en metaalprodukten en it ynblikjen fan itenswaren. Hannel wurdt benammen dreaun yn 'e lanbouprodukten ut 'e omlizzende krite, lykas fleisfee , plomfee , sojabeane en katoen . Op it med fan berikberheid wurdt Jackson betsjinne troch de Ynternasjonale Lofthaven Jackson-Evers , dat beeasten de eigentlike sted leit, yn 'e sted Pearl , yn Rankin County .

Jackson is fierders ferneamd om syn muzykyndustry , dy't sjenres as gospel , blues en R&B omfiemet. It bekende platelabel Malaco Records is yn 'e sted festige. Ek wurdt der ien kear yn it jier de Amerikaanske Ynternasjonale Balletwedstryd holden, mei dielnimmers fan oer de hiele wrald. Jackson hat in tolvetal ynstellings foar heger underwiis, werfan't de aldste it Mississippy Kolleezje is, dat datearret ut 1826 . Folle grutter is lykwols de Steatsuniversiteit fan Jackson (JSU), dy't oprjochte waard yn 1877 . De Universiteit fan Mississippy hat yn Jackson in regionale kampus mei opliedings yn 'e sunenssoarch .

Wat toerisme en ferdivedaasje oangiet, hat Jackson ferskate musea, werunder it Mississippi Museum of Art , in keunstmuseum , en it Old Capitol Museum of Mississippi History , in histoarysk museum dat husfeste is yn it alde Steatskapitoal fan Mississippy. Fierders is der ek de Jackson Zoo , de pleatslike dieretun .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Jackson 10,9% alder as 65 jier en 28,5% jonger as 18 jier. Fierders bestie 34,4% fan 'e hushaldings ut ien persoan , wylst 23,5% fan 'e befolking under de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 79,4% swarten ; 18,0% blanken ; 1,6% Latino's ; 0,4% Aziaten ; 0,1% Yndianen ; 0,5% oaren of fan mingd etnysk komof.

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jackson hat in fochtich subtropysk klimaat , mei hjitte fochtige simmers en mylde winters . Yn july en augustus , de waarmste moannen, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33,1 °C, en yn jannewaris , de kaldste moanne, is dat 13,4 °C. Rekortemperatueren wiene 42 °C op 30 augustus 2000 en ?21 °C op 27 jannewaris 1940 . Jackson kriget jiers trochinoar 1.375,2 mm delslach . Snie is seldsum, en as it falt, teit it ornaris deselde deis wer fuort. Jackson leit yn in gebiet der't frij geregeldwei tornado's foarkomme; op 3 maart 1966 ferwuostge sa'n wynhoas it Candlestick-winkelsintrum yn it suden fan Jackson, werby't 19 minsken de dea funen.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .