한국   대만   중국   일본 
J. van Oudshoorn - Wikipedy Springe nei ynhald

J. van Oudshoorn

Ut Wikipedy
J. van Oudshoorn
skriuwer
persoanlike bysunderheden
echte namme Jan Koos Feylbrief
nasjonaliteit Nederlansk
berne 20 desimber 1876
berteplak De Haach
stoarn 31 july 1951
stjerplak De Haach
wurk
sjenre roman , ferhalen en toaniel
bekendste
  wurk(en)
Willem Mertens' levensspiegel (1914), Louteringen (1916),
Tobias en de dood (1925)
utjouwer Brusse , Van Holkema & Warendorf , Van Dishoeck, Veen, Van Oorschot
jierren aktyf 1914 - 1948

J. van Oudshoorn (skriuwersnamme fan Jan Koos Feylbrief , ( De Haach , 20 desimber 1876 ? De Haach, 31 july 1951 ) wie in Nederlansk skriuwer en amtner.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van Oudshoorn wie in soan fan in amtner oan it Algemien Ryksargyf . Hy hie HBS en studearre oan de Yndyske Ynstelling te Delft . Op 1 oktober 1899 waard er twadde klerk by it ministearje fan Butenlanske Saken , en yn febrewaris 1905 waard er beneamd as twadde kanselier fan de ambassade yn Berlyn Yn 1911 waard er der direkteur-kanselier. Hy troude op 16 april 1914 mei de Berlynske model Marie Elise Gertrud Teichner. It houlik bleau sunder bern.

Van Oudshoorn bemuoide him net folle mei it literere libben fan syn tiid. Hy skreaun allinnich mei P.C. Boutens , Lodewijk van Deyssel en Frans Coenen , dy't ferskate utjouwers oantrunen om syn proaza ut te jaan. Syn iennichste kontakt mei kultuer wie de Berlynske sosieteit Nederland en Oranje , der't er alle tongersdeijunen kaam. Hy lies net folle, mar siet juns te skriuwen en boude sa oan in stadich grutter wurdend oeuvre romans en ferhalen, dy't yn 'e fierte tinken dogge oan it naturalisme fan de Tachtigers , mar wer't ek ynfloeden fan de filosofy fan Hegel yn werkend wurde kin.

Op 1 jannewaris 1933 krige er yn ferban mei oerheidsbesunigings earfol untslach. Oant syn 65ste is er doe op wachtjild kaam. Van Oudshoorn gie werom nei De Haach der't er oan syn dea ta wenne hat oan it Van Imhoffplein. Yn de Twadde Wraldkriich die er wurk foar it Departemint fan Folksfoarljochting en Keunsten. Nei de Befrijing waard undersocht at fan kollaboraasje sprutsen wurde koe, mar hy waard net feroardiele.

Utjouwer Geert van Oorschot hat der foar soarge dat Van Oudshoorn syn wurk net fergetten waard troch it utjaan fan de karlezing Doolhof der zinnen (1950), mei in ynlieding fan Victor van Vriesland en mei in tekst fan F. Bordewijk efterop, en de werutjefte fan Van Oudshoorns wichtichste romans yn de rige De Witte Olifant . Foar "Doolhof der zinnen" krige Van Oudshoorn yn 1950 de Jacobson-priis , grutte 300 gune.

Yn 1950 waard er slim siik. Faaks hat men syn 75ste jierdei derom in jier te betiid halden. In heal jier letter stoar hy mei 74-jier yn Den Haach. Van Oudshoorn syn frou stoar yn 1960 , wernei't syn literere neilittenskip by it jiskefet bedarre. Twa buorlju wisten foar te kommen dat de boeken en papieren op it stoart telane kamen. Letterkundige Wam de Moor hat him der oer untferme en der foar soarge dat u.o. de novelle Bezwaarlijk verblijf utjun waard. Fan syn han wie ek de twadielige biografy yn 1982 .

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Willem Mertens' levensspiegel (roman) ( 1914 )
  • Louteringen (roman) (1916)
  • Zondag (toanielstik) (1919)
  • Verhalen (1921)
  • Tobias en de Dood (roman) (1925)
  • Pinksteren (novelle) (1929)
  • In memoriam (roman) (1930)
  • Achter groene horren (roman) (1943)
  • Leonidas de overwinnaar (oersetting) (1943)
  • De schamele vreugden van Josef Mak (oersetting) (1945)
  • De fantast (novelle) (1948)
  • Doolhof der zinnen (samle wurk) (1950)
  • Bezwaarlijk verblijf (novelle) (1965)
  • Het onuitsprekelijke (brieven) (1968)
  • Verzamelde Werken. Dl. 1: novellen en schetsen (1968, 2e bywurke printinge 1976)
  • Verzamelde Werken. Dl. 2: romans (1974)
  • Marionetten . Nagelaten proza en toneel. Mei in portret fan Van Oudshoorn taheakke. (Besoarge troch Wam de Moor (1987).

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • J. van Oudshoorn 1876-1976. Themanummer fan "Tirade", nr. 219/220 (nov./des. 1976).
  • Maarten 't Hart , Het eeuwig moment. Essays.
  • G.H. 's-Gravesande: Een interview met J. van Oudshoorn in Sprekende schrijvers (1935)
  • W.A.M. de Moor: Over Willem Mertens' levensspiegel van J. van Oudshoorn (1979)
  • F. Hiddema: Schuld en boete in Willem Mertens' levensspiegel (1981)
  • W.A.M. de Moor : Van Oudshoorn. Biografie van de ambtenaar-schrijver J.K. Feijlbrief ( proefskrift - 2 dielen) (1982)
  • F.B. Hotz : Over J. van Oudshoorn. Vijf brieven aan Wam de Moor . Besoarge troch Jan Paul Hinrichs. (De Haach: Statenhofpers, 2016)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]