한국   대만   중국   일본 
Ivanovo (oblast) - Wikipedy Springe nei ynhald

Ivanovo (oblast)

Ut Wikipedy
Ivanovo oblast

Ивановская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lan Ruslan
federaal distrikt Sintraal
ekonomyske regio Sintraal
haadplak Ivanovo
grutste plak Ivanovo
taal Russysk
sifers
ynwennertal 976.918 (2022)
oerflak 21.437 km²
befolkingstichtens 45,57 ynw./km²
Etnyske groepen Russen (90,63 %)
Oekrainers (0,72 %), Tataren (0,63 %)
stan 2010
oar
stifting 1936
tiidsone UTC +3
koordinaten 57° 03' N 41° 24' E
webside ivadm.ivanovo.ru

De oblast Ivanovo ( Russysk : Ивановская область; Ivanovskaja oblast ) is in oblast yn it Europeeske diel fan Ruslan .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oblast is ien fan de gebieten dy't it langst troch Russen bewenne wurdt en in pear steden datearje ut de tiid fan de 13e iuw.

Yn 1929 unstie de folle gruttere yndustry-oblast Ivanovo. Dy oblast waard yn 1936 opdield yn de oblasten Jaroslavl en Ivanovo. Yn 1944 waarden fan de oblast Ivanovo nochris dielen ofskuord foar de stifting fan de nije oblasten Kostroma en Vladimir .

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oblast leit likernoch 300 kilometer noardlik fan de haadsted Moskou tusken de Wolga en de Kljazma yn it sintrale diel fan de Easteuropeeske Leechflakte . Yn de oblast streame likernoch 1.700 rivieren en rivierkes en der binne mear as 150 marren.

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oblast is relatyf earm. Oan it begjin fan de 19e iuw unstiene der tekstylfabriken, weryn't de regio in liedende rol spile. Derom wurdt Ivanovo ek wol ferlike mei de Ingelske tekstylsintra Manchester en Liverpool . Noch jimmeroan is de tekstylyndustry wichtich foar de ekonomy, mar dernjonken is der ek in soad masjinebou en gemyske yndustry.

Bestjoersyndieling en steden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oblast Ivanovo is underferdield yn 21 rajons en 6 stedsdistrikten. De grutste sted is it bestjoerssintrum Ivanovo. Meiinoar binne der yn de oblast 17 steden en 13 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste steden
Namme Russysk Ynwenners (2022) [1] Wapen Lokaasje
Ivanovo Иваново 399.983 56° 59' N 40° 58' E
Kinesjma Кинешма 79.936 57° 27' N 42° 09' E
Sjuja Шуя 56.041 56° 51' N 41° 22' E
Vitsjuga Вичуга 32.971 57° 12' N 41° 55' E
Furmanov Фурманов 32.855 57° 15' N 41° 06' E
Teikovo Тейково 31.623 56° 51' N 40° 33' E

Befolkingsuntwikkeling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Befolking 1.195.804 2.649.429 1.322.152 1.339.110 1.323.852 1.313.627 1.148.329 976.918

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It klimaat fan de oblast is tuskenbeide kontinintaal. De simmers binne relatyf waarm, wylst winters kald en snieryk binne. De kaldste moanne is jannewaris mei in trochsneed temperatuer fan -12 graden Selsius. July is de waarmste moanne mei in trochsneed temperatuer fan + 18 graden Selsius.

Ofbylden [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Iwanowo

  1. Ynwennertallen ofkomstich fan de Russysktalige lemma's (oproppen 5 juny 2022)

 
Dielgebieten fan Ruslan

Flagge fan Ruslân

Republyk Adygea ? Altai ? Basjkortostan ? Boerjaasje ? Chakasje ? Dagestan ? ( Donjetsk ) ? Ingusjeesje ? Kabardino-Balkaarje ? Kalmukje ? Karatsjai-Tsjerkjesje ? Kareelje ? Komi ? ( Krim ) ? ( Luhansk ) ? Mari El ? Mordoovje ? Noard-Osseesje-Alaanje  ? Oedmoersje  ? Sacha  ? Tatarstan  ? Tsjetsjeenje  ? Tsjuvasje ? Tuva
Kraj Altai ? Chabarovsk ? Kamtsjatka ? Krasnodar ? Krasnojarsk ? Perm ? Primorje ? Stavropol ? Transbaikal
Oblast Amoer ? Archangelsk ? Astrachan ? Belgorod ? Brjansk ? ( Cherson ) ? Irkutsk ? Ivanovo ? Jaroslavl ? Kaliningrad ? Kaluga ? Kemerovo ? Kirov ? Koergan ? Koersk ? Kostroma ? Leningrad ? Lipetsk ? Magadan ? Moermansk ? Moskou ? Nizjni Novgorod ? Novgorod ? Oarenburch ? Omsk ? Orjol ? Penza ? Pskov ? Rjazan ? Rostov ? Sachalin ? Saratov ? Smolensk ? Sverdlovsk ? Tambov ? Tjumen ? Tomsk ? Tsjeljabinsk ? Tula ? Tver ? Uljanovsk ? Vladimir ? Vologda ? Voronezj ? Wolgograd ? ( Zaporizja )
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-Mansje ? Jamalo-Nenetsje ? Nenetsje ? Tsjukotka
Federale sted Moskou ? Sint-Petersburch ? ( Sebastopol )
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslan, mar as diel fan de Oekraine