Indecent Proposal (film)

Ut Wikipedy
Indecent Proposal
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Adrian Lyne
produsint Sherry Lansing
senario Amy Holden Jones
basearre op de roman fan Jack Engelhard
kamerarezjy Howard Atherton
muzyk John Barry
filmstudio Paramount Pictures
distribusje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Demi Moore
Woody Harrelson
Robert Redford
byrollen Oliver Platt
Seymour Cassel
Rip Taylor
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 7 april 1993
foarm langspylfilm
sjenre romantyske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $38 miljoen
opbringst $266,6 miljoen

Indecent Proposal is in Amerikaanske romantyske dramafilm ut 1993 under rezjy fan Adrian Lyne , mei yn 'e haadrollen Demi Moore , Woody Harrelson en Robert Redford . De titel betsjut "Unfatsoenlik Foarstel". It ferhaal giet oer it jonge troud pear David en Diana, dy't djip yn 'e finansjele swierrichheden bedarje. Dan docht in miljarder harren it foarstel om tsjin betelling fan in miljoen dollar seks te hawwen mei Diana. De film wie basearre op it boek mei deselde namme fan skriuwer Jack Engelhard , ut 1988 . Hoewol't de filmkritisy der net folle fan hiel lieten, waard Indecent Proposal in grut kommersjeel sukses.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

David en Diana Murphy binne in jong troud pear dat op 'e middelbere skoalle al ferkearing krige. David is in arsjitekt dy't derfan dreamt om harren eigen hus te untwerpen en te bouwen, en Diana is in makelder dy't derfoar it perfekte perseel grun fynt yn Santa Monica , oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan . Se moatte flink liene fan 'e bank om 'e grun keapje en mei de bou uteinsette te kinnen, mar se sette troch. As it hus heal of is, rekket de ekonomy lykwols yn in resesje . David wurdt untslein en Diana ferkeapet gjin hus mear.

Om't David en Diana harren hypoteekoflossings net mear opbringe kinne, leit de bank beslach op it heal ofboude hus. David en Diana wolle dat beslist net kwyt, dat se beslute nei Las Vegas te reizgjen om der mei harren sparjild te gokken en sa it jild gear te bringen der't se ferlet fan hawwe. Mar it rint oars, want nei't se yn 't earstoan harren ynset ferdubelje, reitsje se letter oan 'e rulettetafel alles kwyt. Yn itselde kasino komme se yn 'e kunde mei de miljarder John Gage, dy't him fuortendaliks oanlutsen fielt ta Diana. As er fan harren jildsoargen heard, biedt er David en Diana in miljoen dollar oan as er in nacht mei Diana op bed mei.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

David en Diana wolle der earst neat fan witte, mar se hawwe no hielendal gjin reade sint mear en driigje sadwaande alles kwyt te reitsjen. Nei in drege nacht fan wuoljen en prakkesearjen beslute se it oanbod dochs oan te nimmen. Se helje harren freon Jeremy derby, dy't abbekaat is, om in formeel kontrakt op te stellen. Nei't dat troch Gage undertekene is, fljocht Diana mei him yn in helikopter nei syn jacht . Der jout er har de kans om under it kontrakt ut te kommen en werom te gean nei har man as er in toss mei syn 'geloksmunt' ferliest, mar hy neamt de goede kant fan it muntstik en sy bringt de nacht mei him troch. Underwilens hat David, oan 'e feste wal, spyt fan it hiele barren sadree't Diana yn 'e helikopter stapt, en hy bringt de nacht sliepeleas troch wylst er geandefoets troch de sted doarmet.

Hoewol't er hope hie om it hiele ynsidint te ferjitten, kriget David neitiid it idee net ut 'e holle dat syn frou mei in oare man op bed west hat . Hy wurdt hieltyd unwisser oer syn relaasje mei Diana, en fret himsels op fan 'e eangst dat sy efter syn rech om noch altyd mei Gage omslacht. Dat boazet noch fierder oan as David en Diana untdekke dat Gage underwilens it heal ofboude hus fan 'e bank opkocht hat, sadat it hiele gedoch fergees wie. De spannings tusken harren rinne almar fierder op oant David en Diana utinoar geane .

Derop makket Gage nije avanses yn 'e rjochting fan Diana. Hoewol't se har der yn 't earstoan tsjin ferset, stimt se der uteinlik mei yn om tiid mei him troch te bringen, wernei't se stadichoan in relaasje krije. Underwilens belibbet David in djiptepunt foar't er stapke foar stapke syn libben wer op 'e rails kriget. As Diana in formele skieding oanfreget, undertekenet David de papieren en jout de miljoen dollar oan har wei, om't er der neat mear fan hawwe wol.

Diana jout underwilens Gage te kennen dat se prate moatte. Gage, dy't trochhat wat se sizze wol, begrypt einlings en te'n lesten dat sy beiden nea in relaasje hawwe sille dy't dy fan Diana en David belykje kin. Om't er ek ynsjocht dat se langet om werom te gean nei har man, fertelt er har dat sy net mear as de leste is yn in lange rige 'miljoendollarfammen' mei wa't er it oanlein hat. Diana begrypt dat Gage dat seit om it makliker foar har te meitsjen en gean by him wei. Hy jout har syn geloksmunt, dy't twa deselde kanten blykt te hawwen. Diana giet nei de pier der't David har san jier earder frege om mei him te trouwen . Der is in twasidige sitbank , en hy sit der. Sy giet oan 'e oare sitten, mei de rech nei him ta, mar harren hannen sykje inoar en gripe inoar fest.

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Demi Moore .
Woody Harrelson .
Robert Redford .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Diana Murphy Demi Moore
David Murphy Woody Harrelson
John Gage Robert Redford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jeremy Oliver Platt
Shackleford Seymour Cassel
Langford Rip Taylor
deitoerist Billy Bob Thornton
feilingmaster Billy Connolly
freondinne fan David Pamela Holt
heit fan David Tommy Bush
harsels Sheena Easton
himsels Herbie Hancock

Ferskillen tusken boek en film [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Indecent Proposal is basearre op 'e roman Indecent Proposal fan skriuwer Jack Engelhard , ut 1988 . Yn it boek komt in kulturele wriuwing foar dy't ut 'e film weilitten is. Yn 'e roman hjit it personaazje fan David Murphy nammentlik Joshua, en is it in Joad , wylst de miljoner dy't mei syn frou sliepe wol in Arabyske oaljesjeik is.

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Indecent Proposal waard regissearre troch Adrian Lyne , dy't ek ferantwurdlik wie foar films as 9½ Weeks ( 1986 ) en Fatal Attraction ( 1987 ). Hy wurke op basis fan in senario fan Amy Holden Jones en mei in budget fan $ 38 miljoen. As produsinte wie Sherry Lansing by de film belutsen foar filmstudio Paramount Pictures . De kamerarezjy waard dien troch Howard Atherton , wylst John Barry de filmmuzyk fersoarge. Indecent Proposal gie op 7 april 1993 yn premiere . De filmdistribusje wie yn 'e hannen fan Paramount Pictures.

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Indecent Proposal krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy . Sa joech de foaroansteande Amerikaanske resinsint Gene Siskel de film in 'tomme omleech'. In oare promininte Amerikaanske filmkritikus, Roger Ebert , skreau lykwols in positive resinsje oer Indecent Proposal . De feministyske skriuwster Susan Faludi hie net sasear beswier tsjin 'e film op himsels, mar tsjin it byld dat yn 'e film fan it personaazje fan Diana Murphy jun waard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hie Indecent Proposal in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 44 underskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, wurdt der yn 'e film "mei fjoer aktearre," mar hat Indecent Proposal "muoite om oerein te bliuwen nei it prikeljende utgongspunt." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 17 resinsjes.

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Indecent Proposal brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 106,6 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria nochris $160 miljoen. Nettsjinsteande de oer it algemien negative resinsjes kaam de totale opbringst dermei ut op $266,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $38 miljoen betsjutte dat in winst fan $228,6 miljoen.

By de Golden Raspberry Awards (of Razzies), de Amerikaanske prizen foar de minste films, waard Indecent Proposal yn 1994 nominearre yn san kategoryen , u.m. foar minste regisseur ( Adrian Lyne ), minste akteur ( Robert Redford ), minste aktrise ( Demi Moore ) en minste orizjinele liet ( In All the Right Places ). De film wun uteinlik de prizen yn 'e kategoryen minste film, minste byrol fan in akteur ( Woody Harrelson ) en minste senario . Yn it boek The Official Razzie Movie Guide , fan Golden Raspberry Award-stifter John Wilson wurdt Indecent Proposal neamd as ien fan 'e hundert "beste minste films dy't ea makke binne".

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .