Huldrych Zwingli

Ut Wikipedy
Huldrych Zwingli
Hantekening

Huldrych Zwingli (ek Ulrich Zwingli ; * 1 jannewaris 1484 yn Wildhaus ; † 11 oktober 1531 yn Kappel am Albis ) wie in Switserske teolooch en de earste Zuricher herfoarmer. Ut de Zurichske en Sjeneefske reformaasje komt de Grifformearde Tsjerke fuort. De teology fan Zwingli is yn de twadde generaasje troch Heinrich Bullinger en Jehannes Kalvyn fierder droegen.

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Berte en foarming [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Zwingli-bertehus

Ulrich Zwingli wie in soan fan de boer en landrost Johann Ulrich Zwingli (1454?1513) en Margaretha Bruggmann (± 1458?1519), dy't as eardere widdo foar de twadde kear mei Zwingli troud wie. Hy wie it tredde bern en hie teminsten njoggen bruorren en susters. Hjoeddedei is it bertehus fan Zwingli as in museum ynrjochte. Al yn de aldens fan seis jier ferliet er syn bertedoarp om fjouwer jier as learling by syn omke yn Weesen te wenjen. Yn 1494 gyng er nei de Latynske skoalle yn Basel en letter nei de Latynske skoalle yn Bern . Fanwegen syn grutte musikale oanlis woene de Dominikanen him graach yn it kleaster opnimme, mar syn heit fersette him dertsjin.

Studzje yn Wenen (1498?1500) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1498 ferliet Zwingli Bern en yn de aldens fan fyftjin jier sette er utein mei in studzje oan de Universiteit fan Wenen; der skreau er him yn as Vdalricus Zwinglij de Glaris . Hy studearre oan de artystefakulteit, der't er nei de gewoane studzje in soarte fan basisoplieding yn de San frije Keunsten ( septem artes liberales ) folge. Dan yn it simmersemester fan 1500 liet er him nochris ynskriuwe as Vdalricus Zwingling de Lichtensteig .

Studzje yn Basel (1502?1506) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1502 meldt Zwingli him under eksakt deselde namme oan by de Universiteit fan Basel en set der utein mei de studzje teology . Hy studearre der oant 1506 en studearre der of mei de titel Magister Artium ( Master of Arts ). Nei it eksamen studearre Zwingli noch seis moannen teology en gyng dernei lykas in soad oaren yn dy tiid sunder in ofsletten teologystudzje yn de tsjerke oan de slach. Yn septimber 1506 waard Zwingli ta preester wijd.

Pastoar yn Glarus (1506?1516) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de neisimmer fan 1506 waard Zwingli keazen as de liedende pastoar fan Glarus . Der kinne ferskate redenen west ha om de 22-jierrige Zwingli te beroppen. Mooglik wied er by de ynwenners al oanrikkemandearre, mar it kin ek dat de lju harren eigen preester kieze woene om net it utstel fan de biskop fan Konstanz of te wachtsjen. Eins soe nammentlik de ynfloedrike koarhear fan de proasdij fan Zurich, Heinrich Goldi (1496?1552), de prebende (ynkomsten fan de parochy) fan de biskop krije. Der hie Goldi nammentlik al in aardich bedrach foar nei Konstanz oermakke. Formeel wie Goldi as besitter fan de prebende ek de pastoar fan Glarus woarn, mar hy woe net nei Glarus ferhuzje om't er de tsjerklike funksje allinnich as in soarte fan ynvestearring beskoge. De ynwenners fan Glarus hiene fansels net in soad op mei lju dy't allinne de tsjerklike ynkomsten neijoegen, sadat hja in eigen kandidaat sochten dy't se yn Zwingli funen. Nei't de kar op Zwingli fallen wie waard it foar Goldi dreech om it amt fan pastoar tsjin it sin fan de parochianen op him te nimmen. Om net mei lege hannen te einigjen easke Goldi sadwaande in hege finansjele kompinsaasje. Zwingli moast derfoar by de bewenners jild opnimme en de ofbetelling fan it kredyt soe him noch lang heuge.

By de kredytferliening oan Zwingli wiene de ynwenners fan Glarus rynsk, mar wat de pastorij oanbelanget hie it wol wat better kind. Hja wisten mar al te goed dat it underkommen tekoart skeat en doe't Zwingli yn 1516 it oanslach oanfrege, unthieten se him in bettere pastorij te bouwen as er bliuwe soe.

De parochy fan Glarus omfieme ek de doarpen Riedern , Netstal , Ennenda en Mitlodi . Glarus en Riedern hiene likernoch 1.300 ynwenners en foar de geastlike fersoarging wurk Zwingli tegearre mei noch trije of fjouwer kapelanen . Wat Zwingli allegear by de ein hie yn Glarus is net in soad oer bekend. Oer krityk op de Tsjerke like doe noch gjin sprake te wezen. Hy lies de misse en joech absolusje fan de sunden. Yn 1512 skreau er in fersyk oan paus Julius II en frege om in oflaat foar de bewenners fan Glarus. Zwingli wie ek aalmoezenier en naam yn de jierren 1512-1515 foar de paus tsjin de Fransen yn Lombardije diel oan de fjildtochten fan de Italjaanske Krigen , benammen by de Slach fan Marignano.

De boeresoan Zwingli like tige begien te wezen mei it gewoane folk. Yn de rin fan de tiid koed er al syn parochianen, mar mei inkelde famyljes hied er mear kontakt as gewoan en wied er peterfaar foar guon bern. Syn tsjerklike belutsenens die ek bliken ut syn fuleindige stribjen om in splinterke fan it Wiere Krus nei Glarus te heljen, der't er lang om let yn wist te slagjen. Foar in wichtich relyk as in fragmint fan it krus der't Jezus oan stoar wie wol in weardich underkommen nedich en dus liet er de alde tsjerke yn grutter meitsje mei de nei it relyk ferneamde Kruskapel. De ynwenners fan Glarus hiene it lykwols net oer de Kruskapel mar oer de Zwinglikapel.

Yn syn jierren yn Glarus studearre Zwingli fierder en mei grutte iver lies er de wurken fan de antike klassikers en tsjerkfaars . Boppedat learde er Gryksk en sa koed er de gruntekst fan it Nije Testamint leze, dy't Erasmus fan Rotterdam yn in krityske utjefte publisearre hie. Troch de humanist learde Zwingli in oare bedoeling yn de bibelske teksten te sykjen en te werkennen. Sa fun er in nije, foar him befrijende tagong ta de Hillige Skrift. Ek al lei Glarus isolearre, dochs wist er nauwe kontakten te underhalden mei de gelearden fan syn tiid en hy wie altiten op de hichte fan de publikaasjes fan nije boeken. Oan it ein fan syn tiid yn Glarus besiet Zwingli it doedestiidske ymposante oantal fan mear as 100 boeken.

Zwingli woe syn kennis trochjaan en op syn oantrunen waard der yn 1510 in Latynske skoalle yn Glarus stifte. Op dy hegere skoalle koenen jonges basiskennis fan it Latynsk opdwaan en hoegden se net mear om fierrens te gean om kennis op te dwaan. Zwingli waard keazen ta learaar en under syn learlingen wiene tal fan ynfloedrike ynwenners fan it plak, lykas de reformator Valentin Tschudi, de histoarikus Aegidius Tschudi en nei alle gedachten ek Fridolin Brunner, de lettere reformator fan it Kanton Glarus.

Oan it begjin fan de 16e iuw waard der lokaal en federaal diskusearre dat it der om wei gie oer de fraach oft der mei de paus, de keizer of mei de Fransen gearwurke wurde moast. Yn Glarys gyng it der benammen om yn hokker tsjinst de jonge manlju harren as soldaat moasten melde. Zwingli stie yn dat gefal jimmeroan oan de kant fan de paus. Zwingli, dy't as almoezenier de likernoch 500 Switserske soldaten altiten bystie, fjurre yn in preek op 7 septimber 1515 de manlju yn Monza oan ta ienriedigens. Yn oktober 1515, nei't de Switsers earder al by de Slach by Marignano it tsjin de farsk oanfierde troepen fan de Franske kening Frans I oflizze moasten, kaam der ek in ein oan de federale machtspolityk fan Switseran. It lan yntrodusearre doe de militere neutraliteit. De Fransen beaen de Switsers al gau in fredesutstel mei lykwols net al te foardielige betingsten foar de Switsers. Zwingli fersette him der tsjin en bleau trou oan de paus, de tsjinstanner fan de Fransen, mar yn Glarus lykas yn oare dielen fan it lan rekken de minsken op de han fan de Fransen, sadat Zwingli's posysje jimmeroan dreger waard fol te halden. Hy moast yn 1516 oan de kant en krige trije jier ferlof, ek al wie de befolking fan Glarus noch altiten tige wiis mei Zwingli.

Plebaan yn Einsiedeln (1516?1519) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1516 berop Diebold fan Geroldseck Zwingli as plebaan en preker yn it as beafeartsplak ferneamde kleaster Einsiedeln , der't er him op 14 april 1516 oanmelde. Der begun Zwingli him yn syn preken te fersetten tsjin it der feststelde misbruk fan de folksfrommens, de beafeart en tsjin de sunt 1518 yn Switserlan wurkjende oflaatpreker Bernhardin Samson en hy rop de biskoppen fan Sitten en Kostanz op om de Tsjerke mear yn oerienstimming mei it Wurd fan God te bringen. Fanwegen syn underfinings by de fjildtocht yn Itaalje naam er boppedat Erasmus' oertsjuging dulce bellum inexpert?s (Kriich is swiet foar dyjingen dy't it nea meimakke ha) oer, in biedwurd dy't er yn syn sprekwurdenutjefte fan Erasmus understrepe.

Zwingli hie eins nei syn ferbliuw yn Einsiedeln syn pastoarsfunksje yn Glarus wer opnimme moatten, mar yn 1519 naam er it beslut ynstee derfan in berop oan de Grutte Munster fan Zurich oan te nimmen. Syn studzjes en underfinings yn Glarus en Einsiedeln hiene de oan de Rome sa trouwe preester feroare. Dy untjouwing liede Zwingli nei oare ynsichten en hy wie in kritikus mei in skerpe tonge tsjin de tsjerklike misstannen woarn.

Plebaan oan de Grutte Dom fan Zurich (1519?1531) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Grutte Munster yn Zurich op in utsnijing fan it saneamde Murerplan (1576)

Lykas Zwingli wie ek de oerheid fan Zurich tsjin it Switserske hierlingensysteem en dat holp him by it krijen fan de ynfloedrike funksje fan plebaan oan it stift dat oan de Grutte Munster fan Zurich ferbun wie. It stift wie doe op de katedraal nei it meast respektearre geastlike stift fan it bisdom Konstanz. Yn syn preken lei Zwingli hieltiten yn kleare wurden wer it Evangeelje ut, en sawol it folk as de riedshearen lieten harren troch him oertsjugje. Alle prekers fan Zurich krigen yn 1520 de opdracht fan de oerheid om tenei it Evangeelje neffens de ynterpretaasje fan Zwingli te preekjen.

Yn 1519 briek de pest yn Zurich ut en yn septimber fan dat jier waard ek Zwingli troffen. Hy oerlibbe lykwols, mar de sykte hie him sloopt en hie him in jier lang ferswakke. Dy tiid brukte Zwingli om gedichten en lieten te skriuwen. Ek hat de sykte syn begryp fan God beynfloede, om't er syn genezing oan Gods wurk taskreau.

Zwingli publisearre yn 1522 mei " Von Erkiesen und Freiheit der Speisen " (oers.: Oangeande de Kar en Frijheid fan Iten) syn earste reformatoaryske utiensetting tsjin it festen yn de roomske tsjerke. It wurk skreau er nei oanlieding fan it brekken mei de festeltiid by Christoph Froschauer, dat bekend wurde soe as de Affere fan it Woarstiten. Zwingli sels wie ek by it woarstiten yn de festeltiid oanwezich, mar hy die der sels net oan mei. Mei syn utiensetting rjochtfeardige er it hanneljen en skreau dat it festen tsjin it kristlike leauwe yngyng. Zwingli wie der fan oertsjuge dat de Bibel en net de tradysjes fan Rome de boarne fan it kristlike leauwe wie. De biskop fan Konstanz krige fan Zwingli in brief, der't er mei tsien oaren yn ferklearre dat se "mei God wisberet wiene, it Evangeelje sunder ophalden te preekjen" en fregen om opheffing fan it selibaat . Paus Adrianus VI besocht doe noch Zwingli mei in brief, der't de paus de frommens fan de reformator yn priizge, fan fierdere stappen tsjin Rome of te halden.

Portret fan Huldrych Zwingli, 1549 (Hans Asper)

Zwingli bleau nau ferbun mei it distrikt Glarus en bleau brieven skriuwen mei ferskate persoanen as pastoar fan Zurich. Op 12 oktober 1522 preekte Zwingli sels wer yn de parochytsjerke fan Glarus, doe't syn eardere learling Valentin Tschudi as haadselebrant de earste hillige misse opdroech. Yn dy preek liet Zwingli dudlik fernimme dat it net mear deselde pastoar as foarhinne wie. Hy sei der dat wat er ea preke hie net de wierheid fertjintwurdige; hy naam ofstan fan syn preken yn it tiidrek 1506-1516 as pastoar fan Glarus en rop de bewenners fan Glarus op him yn de nije lear te folgjen.

Earste disput fan Zurich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doe't de Dominikanen Zwingli fan ketterij beskuldigen, noege de Grutte Ried fan Zurich alle teologen, dy't Zwinlgli feroardiele koene, ta in disput ut op 28 jannewaris 1523. It waard it earste disput fan Zurich oer de stellings fan Zwingli. Likernoch 600 geastlike en sekuliere persoanen kamen yn Zurich by inoar. Om't de offurdige fan de biskop fan Konstanz, nammentlik Johann Faber, allinne it gesach fan de tradysje en it konsylje tsjin de stellings fan Zwingli wist yn te bringen, erkende de Ried fan Zurich Zwingli as oerwinner fan it disput.

Twadde disput fan Zurich (1523) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In twadde disput fun plak fan 2 oant 28 oktober 1523. Yn oanwezigens fan 900 tsjugen waard der praat oer de byldeferearing en de misse. De oanlieding fan it disput wie de preek tsjin it ferearjen fan bylden en de derut folgjende byldestoarm. Besletten waard om de bylden binnen in heal jier ut de tsjerken de ferwiderjen, sadat de minsken troch mear preken op dizze stap taret wurde koene. De byldestoarm fun sadwaande net ynienen, mar yn alle rest plak.

Belidenis fan it leauwe en de Bibel fan Zurich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bibel fan Zurich (1535)

Yn 1525 publisearre Zwingli syn belidenis fan it leauwe " De vera et falsa religione " (oers.: Oer it wiere en falske leauwe) en stjoerde der in eksimplaar fan nei kening Frans I . Alhoewol't Zwingli it oer in soad saken iens wie mei Luther en oare Dutske herfoarmers, feroaren syn ideeen oer de liturgy radikaal en wiisde hy de fysike oanweziggens fan Kristus yn de kommuny of. Fanof 1525 wie de reformaasje en de fernijing fan de earetsjinst neffens de protestantske yn Zurich gebruk. It Nachtmiel waard yn beide foarmen fierd. Bylden wiene ferwidere en it selibaat en de roomske misse ofskaft. Earmesoarch waard betelle ut funsen dy't frijmakke wiene troch de unteigening fan kleasters en relgieuze stiftingen yn it gebiet der't de sted Zurich it foar it sizzen hie. Ek yn 1525 waard it koarhearestift fan de Grutte Munster feroare yn in proasdij, om sa de foarming fan mear grifformearde teologen mooglik te halden. Hja moasten de utlis fan de Bibel leare en de kennis yn Dutsktalige preken oan it folk oerdrage. De Tsjerke fan Zurich stie under lieding fan Zwingli.

Yn nauwe gearwurking mei Leo Jud sette Zwingli tusken 1524 en 1529 de Bibel oer yn de federale taal. Dy oersetting is tsjintwurdich bekend as de Bibel fan Zurich. De Bibel fan Zurich is dermei de aldste protestantske oersetting fan de hiele Bibel. It wurk waard tusken 1524 en 1529 troch Christoph Froschauer printe en wurdt derom ek wol Froschauer-bibel neamd. Yn 1531 ferskynde der ek in ryk yllustrearre utjefte.

It Marburger godstsjinstpetear (1529) [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It godstjinstpetear yn Marburg (August Noack, 1822-1905

Zwingli moast neat ha fan Luther's saneamde Twarikenlear, dat is in kristlike doktrine dat it "uterlike" under de oerheid en it "inerlike" under de Tsjerke foel. Namste mear seach Zwingli derfoaroer Tsjerke en Steat yn nauwe gearwurking, mei deryn foar de oerheid in serieus te nimmen ferplichting. Hy ferklearre dat de oerheid dy't de foarskriften fan Kristus net as maatstef nimme woe, "mei God" untset wurde mocht.

In oar grut skeel mei Luther wie de ynterpretaasje fan it Hillich Nachtmiel. Yn in publikaasje foel er it idee fan de reeele oanwezigens fan Kristus by de eucharisty oan. De wurden "Dit is Myn lichem, dit is Myn bloed" moasten neffens Zwingli symboalysk opfette wurde en it miel stie symboal foar it Leste Junsmiel. Yn de ferhanneling " Dass Diese Worte Christi "Das ist mein Leib etc." noch fest stehen wider die Schwarmgeister " (oers.: Dat dizze wurden fan Kristus "Dit is myn lichem ensfh." noch jimmeroan fan kreft binne tsjin de fanaten) reagearre Luther ful op Zwingli.

Filips I fan Hessen, dy't it yn grutte halen fine koe mei Zwingli's fiergeande ideeen, hie grutte plannen en woe mei in grut bun de wrald befrije ut de klauwen fan de Habsburgers. Derom noege Filips de twa reformators ut foar in disput, dat mear ienriedigens en it bylizzen fan it skeel ta doel hie. Dat fun plak yn oktober 1529 yn Filips' slot yn Marburg . Zwingli tocht dat er Luther wol mei syn stanpunten oertsjugje koe, mar Luther wifke en moast troch Filip mei klam oerhelle wurde om te kommen. Ek oare teologen namen oan it petear diel. Oer fjirtjin fan de fyftjin artikels koene de teologen it iens wurde, mar de ferskillen oer de eucharisty waarden net bylein.

Earste Kriich fan Kappel [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oersjoch territoriale en politike sitewaasje fan Switserlan nei de Slach by Marignano yn 1515

Zwingli sette undertusken prikken utein om in nij bun op te setten fan protestantske steden en doe't ek Bern de reformaasje ynfierde waard it protestantske Christliche Burgrecht oprjochte. De fiif katolike kantons Luzern, Uri, Schwyz, Unterwalden en Zug fielden harren omsingele en isolearre en sochten ek om in alliansje, dy't foarm krige yn de Christliche Vereinigung mei Ferdinand fan Eastenryk op 22 april 1529. Al gau nei't it ferdrach fan de katolike alliansje tekene wie waard de herfoarme preker Jacob Kaiser finzen nommen yn Uznach en terjochte steld yn Schwyz . Zwingli reagearre poer en woe de katolike kantons militer ofstraffe. In delegaasje ut Bern fielde der neat foar, benammen ek om't in oanfal op de katolike kantons ek in reaksje fan har oanbuorjende katolike steaten koe utlokke. Zurich naam dus allinne it foartou en brocht in leger fan 30.000 man by inoar. De fiif kantons waarden yn de steek litten troch Eastenryk en kamen net fierder as 9.000 man. De Earste Kriich fan Kappel ( Erster Kappelerkrieg ) wie in feit en de legers kamen inoar by Kappel tsjin, mar einige sunder slach om't in famyljelid fan Zwingli, Hans Aebli, in wapenstilstan foar inoar krige. Zwingli easke as betingst foar de wapenstilstan dat de katolike uny untbun waard, dat de herfoarme prekers sunder hinder tagong hiene ta de katolike kantonse, in herfoarming fan it pensioenstelsel en kompinsaasje foar de bern fan de fermoarde Jacob Kaiser. By de underhannelings wie ek in offurdige fan Bern, en die spile it net sa skerp as Zwingli. Hja wiene it net iens oer it oplizzen fan de herfoarming fan it pensioenstelsel en ek it unbehindere preekjen yn de katolike kantons wie foar Bern net sa'n needsaak. De fiif katolike kantons unthieten allinne te brekken mei Eastenryk. De utkomst fan de underhannelings foar de Earste Frede fan Kappel ( Ersten Kappeler Landfrieden ) wie foar Zwingli in bittere pil en liet sjen dat er oan politike ynfloer ferlear.

Twadde Kriich fan Kappel en de dea fan Zwingli [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De moard op Zwingli (Karl Jauslin, 1842-1904 )

De Earste Frede fan Kappel regele net it rjocht op it preekjen yn de katolike kantons. Zwingli ynterpretearre dat as mocht der unbehindere preke wurde, mar de fiif kantons Luzern, Uri, Schwyz, Unterwalden en Zug wegeren eltse foarm fan herfoarming. De protestantske gebieten tochten ferskillend op hokker wize der druk utoefene wurde moast op de katolike kantons. Guon kantons joegen de foarkar oan stille diplomasy, wylst Zurich it mei geweld oftwinge woe en Bern in middenposysje ynnaam. It wie Zwingli, dy't Zurich oanfjurre om de reformaasje dan mar mei it fjoer en it swurd oan de katolike kantons op te lizzen. Yn 1531 kaam it ta wapene konflikt tusken Zurich en de katolike kantons, de Twadde Kriich fan Kappel . By ferrassing wiene it de katolike kantons, dy't op 9 oktober 1531 de kriich oan Zurich ferklearren. It slagge Zurich yn de gauwichheid om in leger fan likernoch 3.500 man by inoar te krijgen, dy't by Kappel lykwols in dubel sa sterk leger fan de katolike kantons trof. Under de soldaten fan it Zurichske leger sieten ek in soad predikanten, werunder Zwingli. De striid duorre net langer as in oere en it leger fan Zurich waard troch de katoliken ynmakke. Zwingli sels rekke ferwune en foel yn hannen fan de fijan. Hja dreaune de spot mei Zwingli, fregen oft se him noch ienris de bycht ofnimme koene en makken him dernei dea. Zwingli's lichem waard fjouwerdield, ferbaarnd en de jiske oanslutend yn de wyn ferstruid.

Pas yn 1838 waard yn Kappel en yn 1885 yn Zurich foar Zwingli in monumint oprjochte. Opfolger fan Zwingli yn Zurich waard Heinrich Bullinger , dy't de grifformearde lear konsolidearre en eins as de echte stifter fan de Grifformearde Tsjerke wurdt beskoge.

Stanbyld fan Zwingli oan de Berlynske Zwinglikirche

Utwurking fan Zwingli's reformaasje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De utgongspunten fan Zwingli's reformaasje wiene oars as dy fan Luther en hat njonken in soad mienskiplike utkomsten ek dudlike ferskillen. Wylst Luther it grau hie oan de hannel yn oflaten en oare misstannen yn de Tsjerke dy't flokten mei syn utlis fan de Bibel, akseptearre Zwingli yn de Tsjerke allinnich dat, wat utdruklik yn de Bibel stie. Sadwaande stie yn de grifformearde tsjerken folle mear noch as yn de lutherske tsjerken it Wurd sintraal. Buten Bibelteksten hiene de grifformearde tsjerkengjin fersierings yn de tsjerken en ek al wie Zwingli sels tige muzikaal, muzyk spile ynearsten gjin rol by de earetsjinst.

Buten inkelde gebieten yn Switserlan en Dutslan giet gjin inkelde tsjerke op grifformearde grunslach streekrjocht werom op Zwingli's wurk. Se binne folle sterker beynfloede troch it tinken fan Jehannes Kalvyn , sa't it yn de Heidelberchske Kategismus festlein is.

Anabaptisten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Zwingli moast neat ha fan it opkommende radikale anabaptisme . De ried fan Zurich keas nei in iepenbier debat yn 1525 de kant fan Zwingli en feroardene dat elk, dy't wegere syn bern doopje te litten, de sted ut moast. De anabaptisten lieten de feroardening lykwols foar wat it wie en kamen by inoar yn it hus fan de mem fan de radikale lieder Felix Manz, der't troch in oare radikale lieder foar it earst in folwoeksene doopt waard. Yn febrewaris 1525 drige de sted mei it oplizzen fan straffen oan it net doopjen fan bern en guon lieders waarden oppakt. Ek op oare plakken yn de Federaasje kaam it anabaptisme op en nei meardere disputen die it bliken dat gjin fan de partijen ynskikke woene. De ried fan Zurich seach doe lang om let yn dat der gjin kompromis mooglik wie en op 7 maart 1526 makke Zurich bekend dat op de werdoperij de deastraf kaam te stean. Zwingli hie neat mei dat beslut te krijen, mar it is ek net bekend dat er him der ta ferset hat. De lieder, Felix Manz, dy't earder sward hie Zurich te ferlitten en him net mear mei de werdoperij of te jaan, waard troch ferdrinking yn de Limmat as earste eksekutearre op 5 jannewaris 1527. Nochris trije lieders waarden deade, wernei't de rest makke dat er fuort kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Huldrych Zwingli