한국   대만   중국   일본 
Home (film ut 2015) - Wikipedy Springe nei ynhald

Home (film ut 2015)

Ut Wikipedy
Home
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Tim Johnson
produsint Mireille Soria
Chris Jenkins
Suzanne Buirgy
senario Tom J. Astle
Matt Ember
basearre op The True Meaning of Smekday
   fan Adam Rex
muzyk Lorne Balfe
Stargate
filmstudio DreamWorks Animation
distribusje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Jim Parsons
Rihanna
byrollen Steve Martin
Jennifer Lopez
Matt L. Jones
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 27 maart 2015
foarm lange tekenfilm
sjenre berne - science fiction - komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 94 minuten
budget en resultaten
budget $135 miljoen
opbringst $386 miljoen

Home is in Amerikaanske science fiction - komeedzjefilm foar bern ut 2015 , under rezjy fan Tim Johnson . De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jim Parsons en Rihanna . De titel betsjut "Thus". De film is basearre op it berneboek The True Meaning of Smekday , fan Adam Rex . It ferhaal giet oer de Boov, in ras fan butenierdske wezens dy't fral utblinke troch har talint foar utnaaien. Op 'e flecht foar harren fijan, de Gorg, untdekke se de Ierde , in planeet dy't har wol in gaadlik skulplak taliket. Dat se stjoere alle minsken nei Austraalje en eigenje har de rest fan 'e wrald ta. Ien famke , Tip Tucci, en har kat Pig witte lykwols oan deportaasje te untkommen. Oh, in knoffelige Boov dy't troch de Boov-autoriteiten socht wurdt, jout him by har. Tegearre geane se op 'e siik nei Tip har mem . Home krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy , mar wie yn 'e bioskopen in kommersjeel sukses. Yn 2016 waard troch Netflix in tekenfilmsearje op basis fan 'e film makke.

Plot [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De Boov binne in ras fan leffe butenierdske wezens , dy't utnaaien ferheft hawwe ta in keunst. Se binne al op 'e flecht foar de unmeilydsume , planeetferdylgjende Gorg sunt harren lieder, kaptein Smek, omreden fan it yntimidearjende uterlik fan 'e Gorg by fredesunderhannelings wei utpykt is. Derby hat er heal by fersin wol in rune stien fan 'e Gorg stellen (wat de Boov as in wiere helddedie sjogge). De stien hjit no de Stilmakker, mei't Smek him oan in stok befestige hat en eltsenien dermei op 'e plasse huft dy't er stil hawwe wol. De Boov beslute dat de Ierde in hiel gaadlik plak is om "thus" te neamen, mei't de Gorg harren der nea fine sil. Dat de Ierde al bewenne is troch in oare yntelliginte soarte , sjogge se net as beswier. Dat se begjinne se oan harren "freonlike" ynvaazje troch de minsken , dy't se as primityf en unnoazel beskogje, te fangen mei reuseftige 'stofsugers' en se te deportearjen nei Austraalje . Nei dy flugge en bloedleaze ferovering nimme de Boov har yntrek yn 'e no leechsteande wenten yn 'e rest fan 'e wrald.

Ien fan 'e Boov, in utsunderlik drok en frijtinkend lid fan dat ras, beslut om al syn nije Boov- buorlju yn it appartemintekompleks der't er syn yntrek nommen hat, ut te nugjen foar in housewarmingparty . Hy hjit 'Oh', mei't dat is wat oare Boov altyd (yn argewaasje ) utroppe as se him ferskinen sjogge. Syn buorlju geane dan ek ta it uterste om net nei syn feest te hoegen. Op 'e strjitte sjocht Oh lykwols de Boov- ferkearsplysje Kyle, dy't omreden fan syn wurk net by him weirinne kin. Derom beskoget Oh him as in freon , hoewol't er dat net is. Kyle stegeret de utnuging foar it feest ek of, mar Oh beslut him fia e-mail dochs in utnuging te stjoeren. By fersin drukt er lykwols op 'e knop "ferstjoer oan allegearre", dy't fuort njonken de knop "ferstjoer" sit. Fan gefolgen giet de utnuging nei de hiele Molkewei , en dus ek nei de Gorg, mei oanwizings hoe't it appartemint fan Oh te berikken is. De oare Boov binne poerrazen dat Oh harren skulplak ferret hat, en kaptein Smek beslut dat er de deastraf krije moat. Oh docht wat Boov it beste dogge en naait ut.

Net fier fan Oh syn nije appartemint of is it fjirtjinjierrige famke Gratuity "Tip" Tucci troch in fersin fan 'e Boov oan 'e deportaasje untkommen. As iennichste efterbleaune minske yn 'e sted besiket se no underdukt foar de Boov te oerlibjen mei inkeld har kat Pig, in Japanske bobtail , as selskip. Se haldt harsels geande mei it doel om har mem Lucy werom te finen en troch har hate foar de Boov. As yn it appartemint fan Tip en har mem in Boov syn yntrek nimt, moat se in oar hinnekommen sykje, dat se nimt Pig mei en set of yn har memme auto . Se mient dat de syktocht dy't yn 'e sted nei Oh op tou set is, foar har bedoeld is, dat se siket har taflecht yn deselde supermerk der't Oh krekt troch de efterdoar nei binnen slupt is. As se inoar tsjinkomme, moatte se earst neat faninoar hawwe. Tip slut Oh op yn in frieskast , mar as har auto net mear starte wol, biedt Oh oan om him te meitsjen as se him derut lit. Dat docht se, mar hy reparearret de auto net, ynstee makket er der in hiel nij fiertuch fan, in soarte fan swevende auto anneks fleanmasine dy't oandreaun wurdt troch trije smaken wetteriis .

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Oh fertelt Tip dat yn it Boov- haadkertier yn Parys alle gegevens oangeande de deportearre minsken byholden wurde, dat der sille se perfoarst utfine kinne wer't har mem bedarre is. Yn ruil betinget er dat se him meinimt. Hy wol eins nei Antarktika ta, it iennichste part fan 'e wrald der't gjin oare Boov binne, mar Tip feridelet ferskate kearen in besykjen fan him om 'e bestimming yn it navigaasjesysteem te feroarjen. Underwilens hat ien fan 'e Boov in helder idee krigen: se kinne Oh syn e-mail annulearrje foar't er de Gorg berikt. Der hawwe se lykwols wol Oh syn wachtwurd foar nedich, en lit hy no de iennichste Boov weze dy't net "wachtwurd" as wachtwurd hat. Plysje Kyle wurdt efter Oh en Tip oan stjoerd, en hy wit Oh te pakken te krijen, mar Tip weeft handich mei him of.

Nei't Tip en Oh it Boov-haadkertier yn Parys ynfiltrearre binne, dat him befynt yn 'e no swevende Eiffeltoer , wit Oh tagong ta syn account te krijen. Hy annulearret de utnuging krekt foar't dy de Gorg berikke kin. Dernei helpt er Tip om yn it kompjutersysteem de presize lokaasje yn it no grotfolle Austraalje te finen fan Lucy , dy't der wanhopich nei Tip op 'e siik is. Se wurde trappearre en op in hier nei arrestearre , mar Tip keart de swiertekreft fan 'e Eiffeltoer om, sadat it bouwurk op 'e kop komt te hingjen en de Boov dy't harren yn 'e hechten slaan woene, derof rugelje. Tip en Oh untkomme en sette koers nei Austraalje. Geandewei de reis reitsje se stadichoan befreone, wylst Oh troch syn omgong mei in echte minske foar it ferstan kriget hoe mis oft de Boov west hawwe yn harren behanneling fan 'e minsken.

Boppe Sudeast-Aazje wurdt de auto/fleanmasine fan Tip en Oh ynhelle troch oare Boov yn fleanende skutels , dy't yn panyk utnaaie. It docht bliken dat de Gorg de Ierde dochs op 'e iene of oare wize fun hawwe en dat der in float fan Gorg- jachtfleantugen efter de Boov oan sit. De auto/fleanmasine rekket skansearre en stoart del yn it oerwald , en Oh kin him net mear oan 'e praat krije. As fierderop in Gorg-jager delstoart, wol Tip deropta om te sjen oft der wat oan te reden is. Oh kantet him sterk tsjin dat idee oan, mei't op gefaar ofgean yngiet tsjin alles der't de Boov foar steane. Tip set lykwols troch en hy oerwint syn eangst en folget har. De Gorg-jager blykt in drone te wezen, en Oh fynt yn it tastel in Gorg- superchip , dy't alles oandriuwe kin. It is in nij idee foar Oh, dat je sukses berikke kinne troch op gefaar of te gean, dat hy fynt it allegear mar nuver. Mar mei de superchip fljocht de auto wer en kinne se har paad nei Austraalje ferfolgje.

Se berikke it plak der't Tip har mem weze moat tagelyk mei it Gorg-memmeskip. De Boov binne yn alle steaten en evakuearje halje-trawalje de Ierde. Oh wurdt ferskuord tusken syn natuerlike oanstriid om te flechtsjen en syn trou oan syn nije freondinne. Hy besiket in tuskenwei te finen troch Tip wiis te meitsjen dat har mem yn it Boov-skip is, sadat Tip mei him utnaaie sil. Sy lit har lykwols net bedrage (benammen om't Oh grien wurdt eltse kear dat er liicht ). Oh pykt dan mar allinne ut en giet as leste Boov oan board fan it Boov-skip. Tip bliuwt allinne efter en fielt har ferret , en, wat minder is, se kin middenmank de unbidige kliber folk dy't de Boov yn Austraalje dumpt hawwe har mem net fine.

As it memmeskip fan 'e Gorg it romteskip fan 'e Boov efternei komt en driget yn te heljen, soarget Oh der mei de superchip foar dat it Boov-skip nije nivo's fan faasje berikke en sa untkomme kin. As de oare Boov foar it ferstan krije dat Oh op in delstoarte Gorg-jager ofgien is om 'e superchip te bemachtigjen, besauwe se har oer syn dapperens . Smek wiist eltsenien derop dat hy de kaptein is en dat utnaaien (en net dapperens) it wichtichste is. Oh fertelt de oare Boov lykwols dat Smek in kaptein fan neat is en dat er fan Tip leard hat dat minsken om inoar jouwe op in manear dy't de Boov frjemd is, mei't sy gjin aldelju of famyljebannen hawwe. De oare Boov wurde drof fan dat nijs en komme dan yn opstan tsjin Smek, om't se fine dat Oh kaptein weze moat. Kyle nimt Smek syn Stilhalder of en langet dy oer oan Oh. Dat fleuret de oare Boov aardich op, mar Oh sit it noch altyd dwers dat er Tip op 'e Ierde efterlitten hat om troch de Gorg ferdylge te wurden.

Tip is underwilens fan 'e utputting fan har fruchteleaze syktocht yn 'e sliep fallen. Mar as se wekker wurdt, is Oh weromkommen om har te helpen har mem te finen, sa't er oarspronklik unthjitten hie. De blide weriening fan Tip mei har mem wurdt rou fersteurd as it Gorg-memmeskip op 'e Ierde delkomt om mei de ferneatiging fan 'e planeet te begjinnen. Oh, dy't no foar it ferstan hat dat Tip nea opholden weze soe mei sykjen nei har mem, freget him of oft de Gorg soms ek wat sykje dat se kwytrekke binne. Hy untdekt dat de stien fan 'e Stilhalder hol is en dat der wat yn sit. Hy slut Tip en Lucy op yn 'e auto/fleanmasine om se feilich te halden en giet dan allinne op it Gorg-memmeskip ta. Tip, dy't trochhat dat de Gorg yn it reuseftige memmeskip it lytse figuer fan Oh nea sjen sille, brekt ta de auto ut en brukt yn in spegel wjerspegele sinneljocht om 'e oandacht fan 'e Gorg te luken en op Oh te festigjen. It memmeskip haldt ho, mar kin net op 'e tiid stopje ear't Oh platwalst wurdt. Hy smyt Tip de stien ta en wurdt wei yn in stofwolk, mar as it memmeskip in eintsje tebek giet, docht bliken dat er it sunder kleanskuorren oerlibbe hat.

De Gorg-befelhawwer komt ut it memmeskip del. Tip jout Oh de stien wer, dy't er by de Gorg bringt. It reuseftige, tige yntimidearjende uterlik fan 'e Gorg blykt mar in robot te wezen, dy't betsjinne wurdt troch in seestjer -eftich wezen dat de holle as syn ' cockpit ' brukt. De Gorg komt ut syn robot foar 't ljocht, praat mei Oh, nimt de stien oan en giet werom yn it memmeskip, dat dernei ofset fan 'e Ierde. Neitiid fertelt Oh oan Tip en Lucy dat de Gorg-befelhawwer de iennichste noch libbene Gorg wie en dat de stien, eins in soarte fan aai , de folsleine folgjende generaasje fan syn soarte befette. Dat wie de reden dat er sa unmeilydsum efter de Boov oansiet.

Twa wiken letter binne de minsken mei de help fan 'e Boov weromkeard nei harren oarspronklike wenplakken en wenten. Oh kin einlings in housewarmingparty halde, der't diskear sawol Boov as minsken te gast binne. Tip bringt de Boov foar it earst yn 'e kunde mei it ferskynsel " dunsjen ". Eks-kaptein Smek befynt him op 'e moanne , der't er in eigen feestje bout. Yn it sinnestelsel arrivearje romteskippen fan ferskate rassen fan butenierdske wezens, werunder de Gorg en syn lytskes, dy't op utnuging fan Oh underweis nei de housewarmingparty binne

Rolferdieling [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jim Parsons .
Rihanna .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Oh Jim Parsons
Tip Tucci Rihanna


byrollen
personaazje akteur/aktrise
kaptein Smek Steve Martin
Lucy Tucci Jennifer Lopez
Kyle Matt L. Jones
Gorg-befelhawwer Brian Stepanek
Boov-oankundiger April M. Lawrence
oare Boov Stephen Kearin
Brian Stepanek
Lisa Stewart
April Winchell

Produksje en distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Produksje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Home waard regissearre troch Tim Johnson nei in senario fan Tom J. Astle en Matt Ember op basis fan it berneboek The True Meaning of Smekday fan Adam Rex , ut 2007 . As produsinten wiene Mireille Soria , Chris Jenkins en Suzanne Buirgy by it projekt belutsen foar de filmstudio DreamWorks Animation . Foar de film wie in budget beskikber fan $ 135 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch Lorne Balfe en Stargate .

Distribusje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De distribusje fan Home waard fersoarge troch 20th Century Fox . De film waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Boulder yn Boulder (Kolorado) , der't er op 7 maart 2015 te sjen wie. Op 27 maart fan dat jier iepene er yn 'e Amerikaanske bioskopen . It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 24 maart 2015 by platemaatskippij Roc Nation . Home kaam op 26 juny 2015 beskikber as digitale download en waard op 28 july fan dat jier utbrocht op dvd en blu-ray .

Untfangst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 'e filmkritisy krige Home mingde resinsjes . Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hat de film in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 139 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: " Home is kleurryk, healwiis en folslein goedaardich, en sadwaande ferdivedaasje dy't dermei troch kin, mar der bestiet gjin tekoart oan bettere animearre alternativen." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Home in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 31 resinsjes.

De Amerikaanske presidint Barack Obama (rj.) by in besyk oan DreamWorks Animation yn novimber 2013 , werby't er u.o. Steve Martin (3e f. rj.) en Jim Parsons (2e fan rj.) mette, dy't der wiene om har dialooch foar Home yn te sprekken .

Resultaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Opbringst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Home brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 177,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $208,6 miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $386,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $135 miljoen betsjut dat in winst fan $251 miljoen, hoewol't der de marketingkosten noch wol of moatte.

Prizen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Home waard nominearre foar trije Annie Awards , twa People's Choice Awards en twa Kids' Choice Awards .

Tekenfilmsearje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It sukses fan Home joech oanlieding ta it meitsjen fan in tekenfilmsearje op basis fan 'e film, dy't Home: The Adventures of Tip & Oh kaam te hjitten. Dy wie fan 29 july 2016 of te sjen op Netflix . De rollen fan Jim Parsons en Rihanna waarden deryn lykwols oernommen troch Mark Whitten en Rachel Crow .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .