Hofdei

Ut Wikipedy
Wie Kunig Rudolff vff dem tag Zu Wirtzburg ainen Landfriden gemacht vnd vfgericht hatt , Ofbyld fan in hofdei ut it Kronyk fan de biskoppen fan Wurzburg, net fan deselde tiid
Augsburg , 1282 Hofdei fan kening Rudolf I fan Dutslan . Sulveren munt troch Scharff . Oare kant, 600 jier Habsburch-monargy, 1882.

In hofdei ( Dutsk : Hoftag ) wie de namme fan in ynformele en unregelmjittige gearkomste dy't byienroppen waard troch de Roomsk-dutske kening , Roomsk-dutske keizer of ien fan de foarsten fan it Hillige Roomske Ryk . Earder waarden sokke gearkomsten ek wol as Ryksdagen ferwiisd, mar dy gearkomsten hoechden net persfoarst oer saken oangeande it keizerryk, mar earder oangeande harren yndividuele belangen. De wetlike macht fan de Ryksdei ferskynde pas folle letter.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De foarsten hiene de feodale ferplichting om de kening yn halden en dwaan by te stean. Yn de hege midsiuwen waarden hja hjitten om foar de kening te ferskinen, as er der om frege, by keninklike gearkomsten om rie te jaan en mei te dwaan yn it meitsjen fan besluten. Dat waard de saneamde Hoffartspflicht neamd. De gearkomsten krigen yn de ferskillende boarnen ferskillende nammen, lykas parlamentum , conventus , colloquium , curia of curia regis . Al dy nammen waarden wol taheake mei de eigenskipswurden solemnis (seremonieel) of magnus (grut) om nei harren belang te ferwizen. De hofdei ferskilde fan oare keninklike byienkomsten, allinnich al troch wa't der utnuge waarden. Dat koene foarsten, eallju, prelaten of fertsjintwurdigers fan butenlanske machten weze. Fan de trettjinde iuw of, waarden fertsjintwurdigers fan de frije rykssteden ek utnuge op de hofdagen. De gearkomsten waarden organisearre neffens de hofhalding en wiene konsintrearre op de kening.

Wannear't de kening sokke gearkomsten halde liet, en wa't er utnuge, wie alhiel syn beslissing. It is lykwols dreech in ferskil te meitsjen tusken de rie dy't troch de foarsten jun waard en harren wetlike tastimming ta in beslut. It wie harren plicht om de kening yn rie by te stean, mar der untstie letter de need dat de foarsten rieplachte wurde moasten oer wichtige saken oangeande it keizerryk, sa as bygelyks kriichsferklearring. Oer hokker saken de kening krekt rieplachte, wie de beslissing fan de kening sels. Derom kinne de hofdagen net as in ynstitusjonele mienskiplike macht fan de foarsten sjoen wurde.

Oarkonden fan de hege en lette midsiuwen befetsje wichtige ynformaasje, oangeande beliedsbesluten fan de ryksstannen , neamden dat besluten makke waarden mei rie en tastimming fan de foarsten. Beide begripen waarden yn de oarkonden as synonimen brukt foar in wetlik stanpunt. De foarsten dy't net utnuge waarden, of dy't yn de opposysje fan de kening stiene, fielden harren net ferbun oan de beslissings fan de hofdagen.

Nei de Grutte Interregnum (keningleas tiidrek) fan de trettjinde iuw naam de rol fan de karfoarsten ta, om't dy as ryksfoarsten de rol oernamen om harren goedkarring oer wichtige besluten oangeande it keizerryk te jaan mei saneamde tastimmingsbrieven ( Willebriefe ).

Nei't de kening syn macht fierder ofnaam oan de ein fan de fjirtjinde iuw, yn it foardiel fan de foarsten, waarden de "keningleaze gearkomsten" ( Koniglose Tage ) wichtiger, en waarden hast net mear hofdagen neamd. Troch dy keningleaze gearkomsten untstie de need foar in ynstitusjonele gearkomste en oan de ein fan de fyftjinde iuw untstie de Ryksdei .

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karl-Friedrich Krieger: Konig, Reich und Reichsreform im Spatmittelalter . twadde utjefte. Oldenbourg, Munchen, 2005, ISBN 3-486-57670-4 , ( Enzyklopadie Deutscher Geschichte 14).
  • Malte Prietzel: Das Heilige Romische Reich im Spatmittelalter. Wissenschaftliche Buchgesellschaft , Darmstadt, 2004, ISBN 3-534-15131-3 , ( Geschichte kompakt - Mittelalter ).
  • Gabriele Annas: Hoftag - Gemeiner Tag - Reichstag. Studien zur strukturellen Entwicklung deutscher Reichsversammlungen des spaten Mittelalters (1349 - 1471) . 2 folumen. Vandenhoeck & Ruprecht, Gottingen, 2004, ISBN 3-525-36061-4 , ( Schriftenreihe der Historischen Kommission bei der Bayerischen Akademie der Wissenschaften 68 ), (Zugleich: Koln, Univ., Diss., 1997), (with CD ROM: Verzeichnis der Besucher deutscher Reichsversammlungen des spaten Mittelalters (1349 to 1471) ).