Hiteluchtballon

Ut Wikipedy

De hiteluchtballon is in loftballon , in loftfartuch , mei in koer foar passazjiers en guod, dy't lichter is as lucht . It gehiel driuwt op de wyn. It underskie mei oare soarten fan loftballonnen is dat waarme lucht brukt wurdt yn 'e ballon, dy't waarmer en dertroch lichter as de lucht deromhinne is.

De skiednis fan de hiteluchtballon [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ballon fan de bruorren Montgolfier .

De alderearste ballon waard boud troch de bruorren Montgolfier . Op 21 novimber 1783 yn Parys makken Marquis D’arlandes en Pilatre de Rozier de earste tocht. Om farre te kinnen wie in fjoer nedich. Der wurdt sein dat de markys boppe Parys de rivier de Seine beseach doe't syn kollega sei: "Asto dy rivier sa sitst te besjen, dan kinne wy deryn baaie. Fjoer myn maat, wat fjoer."

De hiteluchtballon hat net lang fan de rom genietsje kind. Alve dagen nei de histoaryske feart waard der in oar soarte fan loftballon demonstrearre, in gasballon . De gasballon brukte wetterstofgas om omheech te kommen, was folle simpeler wie. Twa iuwen lang bleau de hiteluchtballon in seldsum ferskynsel. Dat feroare yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw, doe't yn de Feriene Steaten in hiteluchtballon boud waard as underdiel fan in undersyksprojekt. Foar dy ballon waarden folle modernere stoffen brukt as by de ballon fan de bruorren Montgolfier.

Op 11 augustus 1978 waard de Atlantyske Oseaan yn seis dagen mei in hiteluchtballon oerstutsen. Yn dy seis dagen waard mear as 5.000 kilometer oflein.

De ballon. [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hiteluchtballonnen meitsje gebruk fan hite lucht. It stigen komt trochdat de lucht waarm wurdt en utset en as gefolch derfan lichter wurdt as de omjouwende lucht. As't der genoch waarmte festhalden wurdt giet de ballon omheech. As de lucht wer ofkuollet dan sakket de ballon wer stadichoan nei underen ta.

De lucht wurdt waarm stookt.

In hiteluchtballon is makke fan ripstof Nylon . Dy stof is spesjaal weefd mei oeral fersterke triedden om foar te kommen dat de stof skuort. De stof is licht fan gewicht en is te krijen yn alle kleuren. De stof kin temperatueren ferneare fan wol mear as 120 graden. Dat is hjitter as siedend wetter.

De ballon sels wurdt enveloppe neamd. Dizze enveloppe hat twa grutte iepeningen. Ien oan de boppekant en ien oan de underkant. De iepening oan de boppekant wurdt brukt om de hite lucht of te fieren wannear't in piloat lanje wol. Hy wurdt ofsletten troch in beweechbere konstruksje dy't liket op in parasjute, en derom ek sa neamd wurdt.

De iepening oan de underkant is om it fjoer fan de brander tagong te jaan sunder de stof oan te taasten. Runom dy iepening of mule sitte stikken stof dy't fjoerwarrend binne. Dy stof hjit Nomex . Itselde materiaal wurdt ek brukt by de oerstrupers fan Formule 1 racers. De keabels binne makke fan rustfrij stiel en steane yn ferbining mei de enveloppe oan in freem op sterke rizelglezene stokken, der't de brander ynsit. De stokken kinne by wynflagen de lichte bewegings fan de ballon tsjin de brander oer kompensearje.

It sicht is prachtich.

De flam sels ferskynt allinnich as de piloat dat wol. Om bisten net bang te meitsjen fleant men faak mei in flustersysteem. Dy branders binne stiller as de haadbrander.

De koer is makke fan flochten reid en is boppe-oan de rane ofwurke mei suede of lear . Oare materialen binne ek besocht mar dy misse de fearkreft dy't in reiden kuorke wol hat. Minsken en piloaten fine in reiden kuorke ek moaier as bygelyks in plestik kuorke. De branstoftanks binne fold mei floeiber propaangas . Dy tanks steane meastal yn 'e hoeke fan de koer.