한국   대만   중국   일본 
Heup - Wikipedy Springe nei ynhald

Heup

Ut Wikipedy
Skelet fan it minsklik bekken , foaroansjoch.
1= krusbonke , 2= termbonke , 3= sitbonke , 4= skambonke ( 4a= corpus , 4b= ramus superior , 4c= ramus inferior , 4d= tuberculum pubicum ), 5= symfyse (of skambonkefoech), 6= heuppotsje ( acetabulum ), 7= foramen obturatum , 8= sturtbonke ( os coccygis ), reade stippelline= linea terminalis

De heup of heupbonke (ek bekend under de Latynske oantsjutting os coxae , letterlik: "heupbonke", fan os , "bonke" en coxa , "heup") is by wringedieren in diel fan it skelet dat de skonk (by minsken ) of de efterpoat (by bisten ) mei de romp fan it lichem ferbynt.

De heup of heupbonke bestiet by minsken ut trije bonken , dy't yn 'e puberteit oaninoar groeie. Dat binne:

De heupbonke makket op syn beurt wer underdiel ut fan it bekken .

In wichtich part fan 'e heupbonke is it heuppotsje , der't it heupgewricht yn draait dat oan 'e bilbonke festsit. It kreakbien op dat gewricht stiet geandewei it minsklik libben bleat oan slitaazje. As dy slitaazje slimme foarmen oannimt, liedt dat ta swiere pine . It is mooglik om yn sokke gefallen it gewrichtsoerflak te ferfangen troch in proteze , dy't in keunstheup neamd wurdt. Dat is lykwols in needoplossing, dy't inkeld fan stal helle wurdt as it echt net oars mear kin.

By beskate hunerassen komt in genetyske oandwaning foar dy't heupdysplasy hjit. Derby wurde ek de heupgewrichten oantaast.

By minsken is de heup in utstekkend en dertroch gans sichtber diel fan it lichem. Yn 'e Westerske kultuer wurde froulju mei grutte boarsten , in smelle mul en brede heupen faak oantreklik fun. Om mear oandacht op 'e heupen (en de stuten ) te festigjen, rinne froulju soms op in manear dy't heupwidzjend neamd wurdt, werby't under it rinnen (unnedich) sterk mei de heupen draaid wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Literatuurverwijzingen , op dizze side .