한국   대만   중국   일본 
Henk Feldmeijer - Wikipedy Springe nei ynhald

Henk Feldmeijer

Ut Wikipedy
Feldmeijer as SS'er yn 1941

Johannes Hendrik Feldmeijer [1] ( Assen , 30 novimber 1910 - Raalte , 22 febrewaris 1945 ) wie in Nederlansk fassistysk politikus en lid fan de Waffen-SS . Hy wie lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging , oanfierder fan de " Mussert-Garde " (in op de SS lykjende jongereinbeweging fan de NSB) en ien fan de grunlizzers fan de Nederlandsche SS der't er de foaroanman fan waard.

Oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1928 kaam er fan de hbs en gong wis- en natuerkunde studearjen oan de Ryksuniversiteit Grins . Yn 1932 waard er lid fan de doe krekt oprjochte NSB . Yn 1935 sakke er foar syn kandidaatseksamen en stoppe dernei mei syn studzje om alle tiid te hawwen foar syn NSB-taken. Yn 1930/31 gie er under tsjinst (by de loftdoelartillery ) en waard reserve-offisier, mar yn 1935 krige er ut reden fan syn NSB-lid wezen dien as reserve-offisier.

Aktyf foar it fassisme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

NSB-bestjoerder [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan 1937 of krige Feldmeijer hieltyd mear en mear wichtige funksjes yn de NSB. Hy waard bygelyks bestjoerslid fan Der Vaderen Erfdeel , in stichting mei it doel om de "Dietse" geast fan Nederlan te undersykjen en te befoarderjen. Feldmeijer fielde him oansprutsen troch de ideology fan de Schutzstaffel (SS). Der wie lykwols yn NSB-runten net folle romte foar dat hy hie buten de NSB om kontakten mei SS'ers yn Dutslan .

Yn 1939 rjochte Feldmeijer under tafersjoch fan Meinoud Rost van Tonningen , in rivaal fan Mussert yn de NSB, de saneamde Mussert-garde op, nei foarbyld fan de SS.

Twadde Wraldkriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Justjes foar de Dutske ynfal fan Nederlan yn 1940 waard Feldmeijer mei noch in tal NSB-pommeranten festset en yn de maaiedagen fan 1940 nei Frankryk oerbrocht, der't er op 30 maaie 1940 yn Calais troch de Dutsers befrijd waard. Werom yn Nederlan koe er it rillegau goed fine mei SS-lieder Rauter . Op 11 septimber 1940 waard him hjitten om de Nederlanske SS op te rjochtsjen, tsjin Mussert syn sin yn, dy't neat seach yn de SS. It hie in protte skeel yn de NSB fan gefolgen; mei oan de iene kant Mussert en oan de oare kant Feldmeijer en ek Rost van Tonningen.

De Nederlandsche SS waard lang om let in foarportaal fan de Waffen-SS . In protte Nederlanske SS'ers namen tsjinst by de Waffen-SS en waarden ynset oan it Eastfront . Feldmeijer folge dat foarbyld ek, hy tsjinne yn 1941 by de Leibstandarte-SS "Adolf Hitler" op de Balkan en yn 1942/43 by de SS-division Wiking yn Ruslan. Foar syn optreden by de Waffen-SS krige Feldmeijer u.o. it Izeren Krus .

Werom yn Nederlan krige er de lieding fan Rauter oer it Sonderkommando-Feldmeijer , dat yn 1943 represailles op Nederlanske boargers nei oanslaggen fan it ferset utfierde. Dat barde under de namme Aktion Silbertanne . Ek krige Feldmeijer begjin 1945 it befel oer in bataljon fan Landstorm Nederland . Op 22 febrewaris 1945 waard, underweis nei it front, syn auto besketten troch in alliearde jachtfleanmasine der't Feldmeijer by omkaam.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Namme by fonnis fan Arrondissemintsrjochtbank yn Grins op 21 septimber 1915 wizige fan Veldmeijer yn Feldmeijer