한국   대만   중국   일본 
Hawai (eilan) - Wikipedy Springe nei ynhald

Hawai (eilan)

Ut Wikipedy
Hawai
polityk
soarte gebiet eilan
lan Feriene Steaten
steat Hawai
haadplak Hilo
grutste plak Hilo
sifers
ynwennertal 185.000 (2010)
oerflak 10.432,5 km²
befolkingstichtens 17,7 / km²
oar
tiidsone UTC ?10
simmertiid gjin simmertiid
offisjele webside
www.co.hawaii.hi.us

Hawai ( Ingelsk : Hawaii , utspr.: [h?'w?:i:], likernoch: "huh-uaa-ii"; Hawaiaansk : Hawai‘i , utspr.: [h?'vai?i], likernoch "huh-vai-y") is it grutste eilan fan 'e Hawai-arsjipel , in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan dy't nei dit eilan ferneamd is. Teffens is it it grutste eilan fan 'e Amerikaanske steat Hawai , dy't nei de arsjipel ferneamd is. Mei in oerflak fan 10.432,5 km² is Hawai grutter as alle oare Hawai-eilannen mei-inoar. Feitliks is it nei de beide haadeilannen fan Nij-Seelan it grutste eilan fan hiele Polyneezje . Derfandinne stiet Hawai ek wol bekend as the Big Island ("it Grutte Eilan"), in namme dy't faak brukt wurdt om betizing mei de arsjipel of de steat foar te kommen. De grutste sted op it eilan is Hilo , dat teffens it bestjoerssintrum is.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It eilan Hawai hat in totaal oerflak fan 13.170 km², werfan't 10.432,5 km² ut lan en 2.737,5 km² ut wetter bestiet. Dermei beslacht it eilan 62,7% fan alle lan yn 'e Amerikaanske steat Hawai . It eilan mjit op it breedste punt 150 km fan east nei west, en omfiemet it sudlikste punt fan alle fyftich Amerikaanske steaten , nammentlik Ka Lae . Noardwestlik fan Hawai, oare kant it ‘Alenuih?h?-kanaal , lizze de eilannen Maui en Kahoolawe . De fulkaan de Haleakal? , op Maui, is fanof Hawai te sjen. Oan 'e sudkant fan Hawai is de tichtstbye druge grun te finen yn 'e Line-eilannen , dy't ta Kiribaty hearre. It eilan Hawai waard 400.000 jier lyn foarme troch fulkanyske aktiviteit , en is dermei it jongste eilan fan 'e arsjipel, en it iennichste dat noch aktive fulkanen hat.

De lizzing fan Hawai yn 'e Hawai-eilannen .

Der lizze fiif fulkanen fan op it eilan. De Kohala , yn it uterste noardwesten, is dea. De Mauna Kea , yn it noarden, dy't sliept , is de heechste berch fan 'e steat Hawai , mei in hichte fan 4.205 m. Metten fan 'e (underseeske) basis of is it eins de heechste berch fan 'e wrald, mei't de basis fan 'e Mount Everest boppe seenivo leit. Yn it uterste westen fan it eilan Hawai leit de lytse aktive fulkaan de Hual?lai , en yn it uterste sudeasten de jongste fulkaan, de K?lauea , dy't ek aktyf is, en feitlik sunt 1983 sunder ophalden oan it utbarsten is. Mear as de helte fan it oerflak fan it eilan Hawai wurdt lykwols yn beslach nommen troch de unbidich grutte aktive fulkaan de Mauna Loa , werfan't de top yn 'e midden fan it eilan leit.

Noardwestlik fan it eilan Hawai leit de fulkaan de M?hukona , werfan't de top alwer under de weagen ferdwun is. Underwilens is op 35 km sudeastlik fan it eilan allegeduerigen de underseeske fulkaan de L?‘ihi aktyf, dy't no oant 980 m under it see-oerflak rikt. It tinken is dat de Loihi tusken 10.000 en 100.000 jier fan no of troch it see-oerflak hinne brekke sil, sadat der in nij eilan untstiet. Troch de aktiviteit fan sawol de Mauna Loa as de K?lauea groeit Hawai noch altyd; tusken 1983 en 2002 kaam der sa'n 220 ha lan by. Lavastreamen hawwe ferskate doarpen folslein ferrinnewearre, werunder Kapoho yn 1960 en Kalapana en Kaimu yn 1990 .

De lokaasje fan 'e fiif fulkanen fan Hawai.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Men wol hawwe dat Hawai ferneamd is nei Hawai‘iloa , de legindaryske Polynezyske seefarder dy't it eilan as earste untdiek. Oaren miene dat de namme oflaat is fan Hawaiki , it mytyske plak der't de Polynezyske folken oarspronklik wei kommen weze soene. Hawai‘i , de Hawaiaanske namme foar it eilan, is troch prosessen fan klankferskowing etymologysk en linguistysk ekwifalint oan Savaii yn it Samoaansk , dat de namme fan it grutste eilan fan Samoa is.

De earste blanke dy't it eilan Hawai oandie , wie de Britske untdekkingsreizger James Cook , dy't de Hawai-eilannen by syn earste besyk, yn 1778 , de neitiid yn unbruk rekke namme fan 'Sandwicheilannen' joech. By in twadde besyk oan it eilan Hawai, op 14 febrewaris 1779 , waard Cook op it stran fan 'e Kealakekua-baai deade doe't der opskuor untstie oer it meinimmen troch de lanseigen befolking fan in roeiboat , dat troch de Britten utlein waard as dieverij . It eilan Hawai wie it berteplak fan 'e ali‘i (haadman) Pai‘ea Kamehameha, dy't alle Hawai-eilannen yn 1795 under syn hearskippij feriene en regearre under de namme Kamehameha de Grutte . Hy wie it dy't de hiele arsjipel nei syn thuseilan ferneamde.

Op 2 april 1868 waard it eilan Hawai troffen troch in slimme ierbeving fan nei skatting tusken de 7,5 en 7,9 op 'e Skaal fan Richter . Dat wie de meast ferneatigjende ierdbeving ut 'e dokumintearre skiednis fan Hawai. Der kamen 77 minsken om, 31 troch in ierdferskowing benoarden Pahala , en 46 oan 'e kust troch in tsunamy , dy't heger rikte as de toppen fan 'e palmbeammen en op guon plakken goed 500 m it lan yn kaam. Fiif doarpen rekken slim skansearre. Op 29 novimber 1975 fun der fannijs in swiere ierdbeving plak, diskear fan 7,2 op 'e Skaal fan Richter, werby't twa deaden foelen.

In lavastream op it eilan Hawai.

Slimmer wiene de tsunamys dy't op 1 april 1946 en op 23 maaie 1960 feroarsake waarden troch ierdbevings yn Alaska , resp. Sily , en dy't slimme skea oanrjochten yn 'e sted Hilo . Yn 1946 kamen yn Laupahoehoe 16 skoalbern en 5 underwizers om doe't de floedweach de pleatslike skoalle trof. Yn maart 2011 rjochte in tsunamy dy't feroarsake wie troch in ierdbeving oan 'e eastkust fan Japan midsmjittige skea oan op it eilan Hawai, dy't likegoed foar iepenbiere gebouwen allinnich al sa'n $3 miljoen bedroech.

Bestjoer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It eilan Hawai omfiemet ien county , dy't it hiele eilan beslacht, te witten Hawai County , mei de sted Hilo as haadplak. De county wurdt bestjoerd troch in boargemaster , dy't sunt 2004 net mear ta ien fan 'e beide grutte Amerikaanske politike partijen (de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij ) heart, mar polityk neutraal is. De county is underferdield yn njoggen bestjoersdistrikten, dy't basearre binne op 'e moku , tradisjonele ferdielings fan lan yn it prekoloniale Hawai.

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie it eilan Hawai doe in befolking fan 185.000 minsken, wat delkomt op in befolkingstichtens fan 17,7 minsken de km². It grutste plak op it eilan is de countyhaadsted Hilo , mei yn 2010 in befolking fan 43.000 minsken. Fan 'e eilanbefolking wie datselde jiers 13.5% alder as 65 jier en 26,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 30,4% fan 'e hushaldings ut ien persoan . Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 34,5% blanken ; 22,6% Aziaten ; 12,4% lanseigen Hawaianen en oare Polyneziers , Melaneziers en Mikroneziers ; 11,8% Latino's ; 0,7% swarten ; 18,0% oaren of fan mingd etnysk komof.

Gallery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .