Havana Ginger
, echte namme:
Monica Pendas
(
Los Angeles
,
27 febrewaris
1984
), is in restend
Amerikaansk
neakenmodel
,
stripper
en
pornografysk aktrise
fan mingd
Afro-Kubaansk
-
Spaansk
-
Yndiaansk
etnysk
komof. Yn it begjin fan har karriere hat hja ek wol gebruk makke fan 'e artystenammen Havana, Mika Brown, Mika en Mica, wylst har uteinlike
skulnamme
ek wol misstavere wurdt as Havanna Ginger.
Havana Ginger waard yn
1984
berne yn
Los Angeles
, yn 'e
steat
Kalifornje
. Hja makke har debut yn in
pornografyske film
yn
2004
, doe't hja tweintich jier wie. Neffens de
Internet Adult Film Database
(IAFD) hat se sunt yn likernoch 220 underskate films spile, u.m. foar sokke foaroansteande labels as
New Sensations
,
Elegant Angel
,
Sin City
,
Hustler Video
,
Third Degree Films
,
Wicked Pictures
,
Red Light District
,
Devil's Film
,
Anabolic Video
,
Zero Tolerance
,
Vivid Entertainment
,
VCA Pictures
,
Evil Angel
,
Digital Sin
,
Pure Play Media
en
Adam & Eve
.
Ek hat Havana Ginger wol wurke foar minder bekende studio's, lykas
West Coast Productions
,
Black Ice
en
Platinum X Pictures
. Fierders hat se ek in protte yn 't spier west foar pornosites op it
ynternet
, lykas
Reality Kings
en
BangBros
. Dernjonken posearre hja ek foar ferskate
neakenbleden
, en wie hja aktyf as
stripper
. Yn
2014
loek se har uteinlik ut 'e pornoyndustry werom. Neffens har offisjele opjefte is Havana 1.60 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 34D, dy't se krigen hat troch (yn it begjin fan har karriere) in
boarstfergruttingsoperaasje
te undergean. Havana Ginger har
twillingsuster
is ek wurksum as pornoaktrise, under de namme
Savana Ginger
.
●
(in)
Offisjele webside fan Havana Ginger
●
(in)
Havana Ginger har side op
Twitter
●
(in)
Biografy en filmografy fan Havana Ginger yn 'e
Internet Movie Database
(IMDb)
●
(in)
Biografyske gegevens en filmografy fan Havana Ginger yn 'e
Internet Adult Film Database
(IAFD)
●
(in)
Biografyske gegevens en filmografy fan Havana Ginger yn 'e
Adult Film Database
(AFD)
●
(in)
Biografyske gegevens fan Havana Ginger op
FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|