Huslik geweld

Ut Wikipedy
In kampanje tsjin huslik geweld yn Uganda .

Huslik geweld is in gedrachspatroan werby't men geregeldwei jins houlikspartner of de persoan mei wa't men gearwennet (en al of net in yntime relaasje hat) mishannelet . Dat kin barre troch de wei fan fysike agresje (slaan, skoppe, bite, triuwe, festhalde, bekugelje mei foarwerpen), geastlike agresje (utskelle, fernederje, bedriigje, yntimidearje, stalking ), ferwaarleazging of finansjele utrupeling. Fierders is it ek faak in gefolch fan of kin it liede ta ferkrefting binnen it houlik . Huslik geweld wurdt gauris feroarsake of oanboaze troch alkoholgebruk , alkoholisme en geastlike sykten, en dernjonken spylje maatskiplik fermidden en kulturele eftergrun ek in rol, mei't bewustwezen, persepsje, definysje, dokumintaasje en bestriding fan dit ferskynsel ferskilt fan sosjale klasse ta sosjale klasse en fan kultuer ta kultuer. Huslik geweld komt sawol yn heteroseksuele as yn homoseksuele relaasjes foar; yn heteroseksuele relaasjes is meast de frou it slachtoffer en de man de dieder, mar lang net altyd.

Persepsje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De measte Westerske lannen hawwe wetten dy't spesifyk rjochte binne op 'e bestriding fan huslik geweld. In protte untwikkelingslannen, lykwols, underkenne net iens dat huslik geweld in probleem is dat bestriden wurde moat. Sa die ut in undersyk fan UNICEF bliken dat it persintaazje fan 'e froulju tusken de 15 en 49 jier dat mient dat in man under beskate omstannichheden it rjocht hat om syn frou te slaan yn Afganistan en Jordaanje 90% is; yn Maly 87%; yn Guinee en East-Timor 86%; yn Laos 81%; en yn 'e Sintraalafrikaanske Republyk 80%. Wegering om oan 'e easken fan 'e man ta te jaan is gauris it ferlechje dat yn sokke untwikkelingslannen jun wurdt om huslik geweld tsjin froulju te behimmeljen. Yn Tadzjikistan , bygelyks, fynt 68% fan 'e froulju it te rjochtfeardigjen as in man syn frou slacht om't se him tsjinsprekt, 62,4% hat der begryp foar as er dat docht om't se it hus ferlitten hat sunder dat se him dat yn 't foar ferteld hie; en 47,9% fynt it goed as er har slacht om't se op dat stuit gjin seksuele omgong mei him hawwe wol.

Wetjouwing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tradisjoneel hiene manlju yn 'e measte kultueren it rjocht om harren froulju te "hoffenjen" (Nederlansk: " kastijden "), mar yn 'e Westerske wrald rekken se dat rjocht oan 'e ein fan 'e njoggentjinde of it begjin fan 'e tweintichste iuw kwyt. Arrestaasjes foar huslik geweld wiene oant de santiger jierren lykwols tige seldsum en kamen inkeld foar as it geweld wol alderraarste foarmen oannaam. Pas sunt de jierren njoggentich binne der wetten oannommen en rjochtlinen opsteld dy't de wol begryplike tebekhaldendheid fan 'e plysje om yn in houlik of in oare yntime relaasje yn te gripen, oan kant reage hat.

Yn in protte lannen (lykas Nij-Seelan , Eastenryk en in soad steaten fan 'e Feriene Steaten ) binne wetten oannommen dy't it mooglik meitsje om lju dy't fan it dwaan fan huslik geweld fertocht wurde, ut 'e hus te pleatsen (oftewol in husferbod op te lizzen). Yn Nederlan is op 1 jannewaris 2009 de Wet Tijdelijk Huisverbod yngien, dy't it mooglik makket om in fertochte foar in perioade fan yn begjinsel 10 dagen sa'n husferbod op te lizzen. Hy (of sy) mei dan under dy perioade op gjin inkele manear kontakt opnimme mei it thusfront. Bysunder oan dizze wet is dat der noch gjin fysyk huslik geweld plakfun hoecht te hawwen, mar dat inkeld de driging derfan al genoch is om sa'n husferbod op te lizzen. Soks stiet yn skril kontrast mei lannen as de Feriene Arabyske Emiraten , der't yn 2010 it heechgerjochtshof oardiele dat in man it rjocht hat om frou en bern fysyk te "dissiplinearjen" salang't dat mar gjin sichtbere lichaamlike skeinings neilit, en mei de Amerikaanske steat Oklahoma , der't in frou ek pas in oanklacht foar huslik geweld yntsjinje kin as hja blauwe plakken of oare sichtbere ferwunings hat.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , Bibliography en Further reading , op dizze side .