Hans en Grytsje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hansel und Gretel )
Hans en Grytsje
algemiene gegevens
oarspr. titel Hansel und Gretel
auteur Bruorren Grimm
taal Dutsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1812 , Berlyn
oarspr. utjwr. Realschulbuchhandlung
bondel Kinder- und Hausmarchen
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Hans en Grytsje
publikaasje 1985 , Ljouwert
utjouwer Afuk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN  oers. 9 06 27 32 321

Hans en Grytsje , yn it oarspronklike Dutsk : Hansel und Gretel ( Nederlansk : Hans en Grietje ), is ien fan 'e bekendste mearkes dy't troch de bruorren Grimm optekene waarden yn harren Kinder- und Hausmarchen ("Berne- en Husmearkes") fan 1812 . It giet werom op in oerald Dutsk folksferhaal , dat de bruorren Grimm trochdien waard troch Dortchen Wild. It is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, mei derunder film , tillefyzje , animaasje , romans en fideospultsjes . Yn 1983 is it mearke troch Jant Visser-Bakker oerset yn it Frysk as underdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 1 , neffens de utjefte Die Schonsten Marchen der Bruder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dutsk is troch Margrit Weber ). Yn 2012 waard Hans en Grytsje op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema , as underdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm .

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it mearke binne Hans en Grytsje de bern fan in earme houtsjer en syn frou. As der in hongersneed oer it lan komt, trunet de frou, dy't de styfmem fan 'e bern is, de heit oan om harren mei te nimmen de bosk yn en der efter te litten. Mar Hans heart har dat sizzen, dat hy giet nei buten ta en docht de busen fol mei kiezelstientsjes dy't glimme yn 'e moanneskyn. De oare deis bringt harren heit de beide bern djip yn 'e bosk en pykt dernei ut. Mar Hans en Grytsje wachtsje oant it tsjuster wurdt, en folgje dan it spoar fan 'e glimmende stientsjes, dy't Hans op 'e hinneweis om it hoartsje falle litten hat, werom nei hus.

In yllustraasje troch Arthur Rackham , ut 1909 .

Mar de hongersneed haldt oan, dat harren styfmem stiet der op 'e nij by harren heit op oan om 'e bern yn 'e bosk efter te litten. Diskear hat se lykwols de doar op 't slot dien, dat Hans kin gjin stientsjes byinoar sykje. De oare deis bringt harren heit Hans en Grytsje wer de bosk yn en spilet dan fan ruten. De bern besykje it paad werom te finen, mar sunder it spoar fan stientsjes ferdwale se hopeleas. Nei in pear dagen omdoarme te hawwen, komme se by in huske dat alhiel makke is fan bole en koeke. Se binne utroppe, dat se begjinne der gau fan te iten. It aldwyfke dat der wennet komt nei buten ta en nuget harren yn 'e hus. Mar hja blykt in boaze hekse te wezen, dy't Hans yn in lyts hokje mei traaljes festset om him fet te mesten, en Grytsje al it wurk yn en om 'e hus dwaan lit.

No hawwe heksen hiele minne eagen, dat eltse dei as de hekse by Hans syn hokje komt en him oan 'e finger fielt om te sjen oft er al fet genoch is om te slachtsjen en op te iten, stekt Hans in tukje tusken de traaljes troch, dat de hekse foar syn finger haldt. Se snapt der neat fan dat dy jonge nea net fetter wurdt, mar uteinlik beslut se him dan sa mar op te iten. As se Grytsje fiele litte wol oft de une al goed hjit is, beart dy dat se net wit hoe't dat moat. Om it har sjen te litten, linet de hekse sels yn 'e une, mar dan jout Grytsje har in triuw, dat se der yn knoffelet, en slacht derop gau-gau it doarke efter har ticht. Sa ferbrant de hekse op in skriklike wize, wylst Grytsje Hans befrijt ut syn hokje. Se loegje de busen fol mei juwiellen dy't se yn 'e wente fan 'e hekse fine en geane dan nei hus. No't de hekse, dy't de bosk betsjoend hie, dea is, kinne se it paad wol fine. As se thus oankomme is harren heit o sa bliid dat se der wer binne, en harren styfmem blykt yn 'e tuskentiid weirekke te wezen.

Eftergrun [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Men tinkt wol dat dit ferhaal untstien is under of nei oanlieding fan 'e Grutte Hongersneed ( 1315 - 1321 ), doe't de lju wanhopige dingen diene, lykas harren eigen bern yn 'e steek litte, en sels wol har taflecht namen ta kannibalisme . Yn 'e earste ferzje fan Hans en Grytsje dy't de bruorren Grimm festleine, yn 'e utjefte fan harren Kinder- und Hausmarchen fan 1812 , wiene it de heit en de echte mem fan Hans en Grytsje dy't harren yn 'e bosk efterlieten, en hiene dy beiden der likefolle skuld oan.

Pas yn lettere utjeften waard, nei alle gedachten om it teltsje wat bernfreonliker te meitsjen, de mem ferfongen troch in boaze styfmem fan wa't it hiele plan utgie, en begun de heit tsjinnichheid te underfinen. It earste part fan it mearke liket as twa drippen wetter op Lyts Tomke , dat Charles Perrault yn 1697 optekene yn syn Contes de Ma Mere l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes"). It feit dat de mem/styfmem stoarn is as de bern nei de dea fan 'e hekse wer thus komme, suggerearret foar de measte literatuerwittenskippers dat de mem/styfmem en de hekse yn oerdrachtlike sin ien en deselde frou foarstelle.

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm , De Moaiste Mearkes 1 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afuk), ISBN 9 06 27 32 321 .
  • Grimm, Jacob en Wilhelm , Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888 .

Foar sekundere boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .