한국   대만   중국   일본 
Gruthartoch - Wikipedy Springe nei ynhald

Gruthartoch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gruthartochdom )
Hindrik fan Luksemboarch is no wralds iennichste regearjende gruthartoch.

Gruthartoch is in aadlike titel dy't leger fan stan is as kening , mar heger as hartoch of ( soeverein ) prins en likernoch fan gelikense hichte as aartshartoch en grutfoarst . In froulike gruthartoch of de frou fan in gruthartoch is in gruthartoginne . It gebiet der't in gruthartoch oer hearsket, is in gruthartochom . Saakkundigen binne fan betinken dat de titel 'gruthartoch' yn it Hillige Roomske Ryk untstien is, der't men nammentlik mei de term Großherzog ferwiisde nei de grutfoarsten fan 'e Midsiuwske Russyske stedsteaten .

Tsjintwurdich is de iennichst oerbleaune regearjende gruthartoch de hearsker fan Luksemboarch , dat as in gruthartochdom bestiet sunt 1815 . Fanwegen it feit dat it no it iennichste yn syn soarte is, wurdt Luksemboarch ek wol koartwei "it gruthartochdom" neamd. De oansprektitel foar de gruthartoch fan Luksemboarch is, krekt as by in kening: "Jins Keninklike Majesteit", en yn 'e trede persoan inkeltal : "Syn Keninklike Majesteit".

Foarhinne bestiene der mear gebieten mei in gruthartoch oan it haad, benammen yn Dutslan :

Buten de Dutske gebieten kamen gebieten mei in gruthartoch oan it bewald mar in bytsje foar:

Fierders wurdt de titel 'gruthartoch' ek wol brukt foar de net-regearjende leden fan it Hus Romanov , fan 'e tsaren fan Ruslan . Harren titel wurdt lykwols ek wol oerset as ' aartshartoch '.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .