한국   대만   중국   일본 
Gouden Gids - Wikipedy Springe nei ynhald

Gouden Gids

Ut Wikipedy
De Gouden Gids .

De Gouden Gids is (fan oarsprong) in database yn boekfoarm , der't konsuminten de adressen en tillefoannumers fan bedriuwen yn fine kinne. Dy binne deryn kategorisearre yn sa'n 1.900 rubriken nei bedriuwstuke , ynstee fan dat se der op alfabetyske folchoarder yn opnommen binne. Bedriuwen moatte betelje foar in fermelding, en in opname yn 'e Gouden Gids kin dan ek sjoen wurde as in foarm fan reklame .

Yn in protte lannen besteane soartgelikense gidsen mei soartgelikense nammen, lykas de Gouden Gids yn Flaanderen , de Pages d'Or ("Gouden Siden") yn Walloanje , de Pages Jaunes ("Giele Siden") yn Frankryk , de Gelbe Seiten ("Giele Siden") yn Dutslan en Eastenryk , en de Yellow Pages ("Giele Siden") yn 'e Feriene Steaten , Kanada , it Feriene Keninkryk en Austraalje . Dy nammen binne oflaat fan it feit dat de kontaktgegevens fan kommersjele bedriuwen op giel papier printe wurdt, wylst foar de adressen en tillefoannumers fan net-kommersjele organisaasjes wyt papier brukt is.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan ferskynde de Gouden Gids yn 1965 foar it earst by Utjouwerij Hiber , under de namme fan 'e Gele Gids . Fia de slachsin Gele Gids… Gouden Gids! waard dy titel jierren letter stadichoan feroare yn 'e hjoeddeistige namme. It boek waard yn Nederlan publisearre yn 26 ferskillende ferzjes, dy't allegear rjochte wiene op in beskate regio of stedekloft en der't fergees hus-oan-hus ferspraat waarden. Fan 'e njoggentiger jierren oant 2005 wie de Gouden Gids ek op cd-rom beskikber. Fanof 2004 koene ek kontaktgegevens fan partikulieren yn 'e Gouden Gids opnommen wurde. Dat diel fan 'e gids waard de Nationale Telefoongids , of ek wol de Witte Gids neamd, mar it wie fan 2006 of inkeld noch op it ynternet te rieplachtsjen.

Yn 2005 naam VNU de World Directories oer fan ITT , wernei't dy ymprint yn 2007 omneamd waard ta Truvo. De Nederlanske difyzje fan Truvo waard yn 2008 ferkocht oan European Directories , de utjouwer fan u.m. De Telefoongids , de grutte konkurrint fan 'e Gouden Gids . Dernei waard de Gouden Gids underdiel fan De Telefoongids . Yn 2018 waard bekend dat de papierren ferzje fan De Telefoongids net mear ferskine soe. De Gouden Gids is sadwaande no inkeld noch op it ynternet te rieplachtsjen en fia sms -service 5511.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .