한국   대만   중국   일본 
Gerrit van Duyl - Wikipedy Springe nei ynhald

Gerrit van Duyl

Ut Wikipedy
Gerrit van Duyl
persoanlike bysunderheden
nasjonaliteit Nederlansk
berne 18 septimber 1888
berteplak Koudum
stoarn 27 desimber 1952
stjerplak Zeist
wurkpaad
berop/amt predikant, politikus
aktyf as predikant, NSB -politikus

Gerrit van Duyl ( Koudum , 18 septimber 1888 ? Zeist , 27 desimber 1952 ) wie in Nederlanske teolooch en nasjonaalsosjalistysk politikus .

Biografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Van Duyl studearre teology oan de Universiteit fan Utert . As (frijsinnich) Nederlansk-herfoarme predikant stie er tusken 1917 en 1929 under oare op It Hearrenfean , Assen en Hilversum . Yn de jierren 1917-1929 wie er sekretaris fan de Studieclub van moderne theologen .

Yn 1933 waard er lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) fan Anton Mussert . Binnen de NSB ferfolle er yn de jierren 1933 -1937 de funksje fan haad fan de ofdieling Foarming en wied er ferantwurdlik foar de politike foarming fan de NSB-leden. Ek wie er yn 1936 -1937 redakteur fan it NSB-tydskrift Vorming , letter omdoopt ta Ontwakend volk . Hy waard algemien erkend as de beste sprekker fan de NSB; syn redefieringen wiene steefest skaaimerke troch kreftige taal, dy't oerhinge nei agressiviteit. Sa waard er yn 1935 ta in boete fan f 100 feroardiele fanwegen mislediging fan it iepenbier gesach. Van Duyl fette syn taak as 'Foarmingslieder' op troch it yn 'e gaten halden fan de ideologyske suverheid fan de NSB. Dy oertsjuging makke dat er de lieding hieltyd op wat er seach as tekoartkommingen wiisde. Yn 1937 hie er ien dei foar de NSB sitting yn de Earste Keamer .

Yn selde jier makke Van Duyl yn it geheim in kampanje ree tsjin de frijmitselerij , mei de bedoeling Musserts fertrouweling Farwerck falle te litten. Letter yn 1937 besocht Van Duyl tsjin Mussert sels gear te spannen, under oaren fanwegen Mussert syn healslachtige halding foar it antysemitisme oer. It skeel tusken beiden krige de hichte nei oanlieding fan de foar de NSB rampsillich ferrune Twadde Keamerferkiezingen fan 1937. It stimpersintaazje fan twa jier earder gie troch de helte en it waard dudlik dat de NSB nea op eigen kreft de macht krije soe. Van Duyl en syn oanhingers wifelen net om Mussert de ferantwurdlikheid foar it minne resultaat yn 'e skuon te skowen. Der waard in plan makke om Mussert foar in pear moanne nei Switserlan te stjoeren en him dernei of te setten. Mussert krige lykwols lucht fan it komplot. Hy reagearre effektyf: Van Duyl en dy syn folgelingen waarden twongen om de NSB te ferlitten.

Nei't er by de NSB fuotgien wie wied er yn 1938 ien fan de oprjochters fan de Nederlandsche Volkspartij . Nei de ynfal wie er under mear lid fan de NSNAP-Van Rappard en trede er op as sprekker foar dy groepearring oant Van Rappard syn NSNAP op 27 septimber 1941 ophefte. Van Duyl wie fierder begeunstigjend lid fan de Germaanske SS yn Nederlan. Ek foar dy klup trede er op as sprekker, bygelyks yn Rotterdam op 20 maart 1943. Yn augustus fan dat jier sette er mei syn twadde frou nei Dutslan of. Yn maaie '46 waard er yn Nederlan arrestearre en yn april 1948 troch it Bysunder Gerjochtshof yn Amsterdam feroardiele ta tsien jier finzenisstraf mei oftrek fan foararrest. Yn 1951 waard er frijlitten.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: