Frede fan Munster

Ut Wikipedy
De beediging fan it ferdrach.
( Gerard Terborch , 1648)
De Santjin Provinsjen mei yn read de line fan de skieding tusken de Noardlike en de Sudlike Nederlannen

De Frede fan Munster wie in foar Nederlan wichtich ferdrach dat op 15 maaie 1648 in ein makke oan de Tachtichjierrige Oarloch tusken de opstannelingen yn de Republyk fan de San Feriene Nederlannen en Spanje ( Habsburch ).

De Frede fan Munster wie underdiel fan de Frede fan Westfalen , dy't ek in ein makke oan de Tritichjierrige Oarloch tusken in grut tal oare Europeeske lannen. Se moat net betize wurde mei it ferdrach fan Munster ( Instrumentum Pacis Monasteriensis , IPM) fan 24 oktober 1648 tusken it Hillige Roomske Ryk en Frankryk , dat lykwols in grutte oerlaping hie mei it ferdrach fan Osnabruck (IPO) fan deselde datum tusken it Hillige Roomske Ryk en Sweden . Allegear binne wol underdiel fan de Frede fan Westfalen.

It ferdrach tusken Spanje en de Nederlannen waard op 30 jannewaris 1648 feststeld. Op 15 maaie waard de frede foarfest tekene en troch Nederlanske en Spaanske gesanten mei harren eed bekreftige, under grutte belangstelling fan it publyk yn Munster . Op it skilderij de undertekening fan it fredesferdrach fan Munster - de seis underhannelers mei de fingers omheech fingers f.l.n.r. Willem Ripperda , Frans fan Donia , Adriaen Clant tot Stedum , Adriaen Pauw , Jan van Mathenesse en Barthold van Gent.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Boer, H.W.J. de, H. Bruch en H. Krol (red.), Adriaan Pauw (1585-1653); staatsman en ambachtsheer . Heemstede, VOHB, 1985
  • Manzano Baena, Laura, "Negotiating Sovereignty: the Peace Treaty of Munster, 1648", History of Political Thought, Volume 28, numer 4, 2007, siden 617-641.
  • Poelhekke, J.J. , De vrede van Munster . De Haach, Martinus Nijhoff, 1948.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]