Feteraan

Ut Wikipedy
Amerikaanske marinefeteranen dy't yn 'e Twadde Wraldoarloch op 'e USS Missouri tsjinnen by in besyk oan dat alde slachskip .

In feteraan (fan it Latynske vetus , dat "ald" betsjut) of ek wol in ald-soldaat of ald-strider , is immen dy't as militer syn lan tsjinne hat yn ien of mear oarlochssitewaasjes . Sokken krije yn eigen lan faak spesjale erkenning, yn 'e foarm fan underskiedings , plechtichheden, monuminten en earegreven op begraafplakken . In soad lannen hawwe ek in spesjaal Ministearje fan Feteranesaken. Yn bredere sin wurde yn 'e folksmule ek alle lju wol feteranen neamd dy't op in beskaat med in lange steat fan tsjinst hawwe.

Sitewaasje yn Nederlan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn Nederlan is sunt 1990 immen formeel (d.w.s. neffens de wetlike definysje) in feteraan as it giet om in eardere militer of in eardere militarisearre boarger mei de Nederlanske nasjonaliteit , dy't it Keninkryk fan de Nederlannen tsjinne hat under oarlochsomstannichheden of by fredesmisjes . Faak wurde lykwols foutyf alle eks-militeren foar feteranen oanmurken. De besteande definysje stiet under druk om't eks-militeren dy't under de Kalde Oarloch yn 'e Nederlanske Striidkreften tsjinne hawwe, neffens de besteande definysje gjin oanspraak meitsje kinne op 'e status fan feteranen (om't der under de Kalde Oarloch yn West-Jeropa nea wier oarlochfierd is). In bykommend punt is dat de troch Nederlan hantearre definysje fan wat in feteraan is, op dit med wezentlik ofwykt fan 'e definysjes dy't yn NATO -bunsgenoaten lykas it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten gongber binne.

Feteranesykte [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De feteranesykte is in bakteriele ynfeksjesykte dy't ta de dea liede kin as men jin der net betiid genoch foar behannelje lit. Dizze sykte hjit sa om't de baktearje yn 1976 foar it earst identifisearre waard nei in kongres fan oarlochsfeteranen fan it American Legion , der't in soad lju earnstich siik waarden en 34 persoanen oan 'e sykte kamen te ferstjerren .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Further reading , op dizze side .