한국   대만   중국   일본 
Fermissing - Wikipedy Springe nei ynhald

Fermissing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fermist persoan )
In poster fan 'e FBI mei de foto fan in fermiste famke .

In fermissing (in resint lienwurd op basis fan it Nederlanske wurd vermissing ) is it untrestgjende unfynber wezen fan almeast in persoan . Hoewol't in fermissing fan in husdier of in foarwerp fansels ek mooglik is, wurdt dat yn 'e regel net mei dizze term oantsjut. Yn Nederlan wurde elts jier tusken de 16.000 en 20.000 minsken by de plysje as fermist opjun. Derfan is likernoch 85% binnen 48  oeren wer teplak. Likernoch 20 peroanen yn 't jier bliuwe yn Nederlan langer wei as in jier, en derfan ferdwine ungefear 15 permanint. It is dus sa dat wat langer oft in persoan fermist is, wat lytser de kans dat hy of sy noch weromfun wurde sil. De plysje hat feste metoaden untwikkele foar de behanneling fan fermissingssaken.

Kritearia [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De kritearia foar it feststellen fan in fermissing binne net altyd like dudlik. Sa kin it by guon lju relatyf lang duorje (ferskate dagen oant sels ferskate wiken ) ear't immen harren ofwezigens opmerkt en him of har begjint of te freegjen wer't sa'n persoan bedarre is. By oaren wurdt de ofwezichheid frijwol fuortendaliks opmurken. Dat ferskil haldt ferban mei de wize fan libjen : as it om in lid fan in gesin giet, sille de oare gesinsleden him of har daliks misse. As it lykwols giet om in allinnichsteande , en as dy bgl. wurkleas is en mar in bytsje sosjale kontakten hat, kin hy of sy ferdwine sunder dat immen der euvelmoed yn hat.

Skaaimerken fan in fermissing binne yn elts gefal dat de oangeande persoan fan it iene op it oare momint unfynber is, en dat der gjin oanwiisbere reden foar is, wylst der ek nimmen is dy't wit wer't sa'n persoan bedarre is. De Plysje yn Nederlan hantearret de folgjende kritearia foar in fermissing:

  • de fermiste persoan is unferwachts ferdwun ut syn of har eigen feilige om-en-by;
  • it is unbekend wer't dy persoan no is;
  • it is yn it belang fan 'e fermiste persoan sels dat hy of sy fun wurdt.

Oarsaken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Oarsaken fan in fermissing kinne weze:

  • De fermiste persoan is op eigen manneboet ofset. Men kin dan tinke oan:
    • In bern dat utnaaid is.
    • Immen dy't him/har earne oars under in nije identiteit nei wenjen sette wol, bgl. om te untsnappen oan in unoangename thussitewaasje of oare unoangename omstannichheden, of om te profitearjen fan bettere libbensomstannichheden op it nije ferbliuwplak.
    • Immen is underdukt om't hy/sy bedrige wurdt, of om't hy/sy socht wurdt troch de plysje , of om't hy/sy yllegaal yn in lan ferbliuwt en utset driget te wurden.
  • De fermiste persoan is it slachtoffer wurden fan in untfiering en wurdt finzen en ferburgen holden. As bliken docht dat dat is wat der oan 'e han is, sprekt men dernei net mear fan in fermissing, hoewol't it ferbliuwplak fan 'e untfierde persoan fansels likegoed unbekend bliuwt.
    • De fermiste persoan hat, om hokfoar reden dan ek, syn eigen untfiering yn sene set om oaren tinke te litten dat er it slachtoffer wurden is fan in untfiering.
  • De fermiste persoan is it slachtoffer fan in ungemak of misdriuw wurden en hat derom net mear nei hus weromkeare kinnen. Soks komt gauris foar, bgl. as immen mei de auto te wetter rekke en ferdronken is, of as immen yn bercheftich gebiet yn in rotsspjalt of in steil ravyn fallen is.
    • De fermiste persoan hat, om hokfoar reden dan ek, syn eigen dea yn sene set om oaren tinke te litten dat er ferstoarn is.
  • De fermiste persoan is ferdwaald en hat derom net mear nei hus weromkeare kinnen. Soks kin bgl. bern of geastlik beheinde of deminte lju oerkomme.
  • De fermiste persoan is fermoarde of troch de skuld fan in oar omkommen , en de moardner of dejinge dy't skuldich is oan syn of har dea (bgl. immen dy't men drank op efter it stjoer siet en de fermiste persoan deariden hat), hat it stoflik omskot ferburgen of op in oare wize ferdwine litten om oan bestraffing te untkommen.
  • De fermiste persoan is fier fan hus (bgl. op in fakansjebestimming ) kommen te ferstjerren of leit der yn koma of bewusteleas yn it sikehus , sunder dat hy of sy in identitikaasjebewiis by him of har hie.
  • De fermiste persoan hat selsmoard dien.
In muorre mei foto's fan lju ut Sily dy't ferdwunen nei de steatsgreep fan 1973 en noch altyd fermist wurde.

It opspoaren fan in fermist persoan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ofhinklik fan it gefal en de gearfandele ynformaasje bepaalt de plysje wer't de fermiste persoan weze kinne soe oft hy of sy noch libbet, en/of wer't syn of har stoflik omskot weze kinne soe as hy of sy stoarn is. Wer't en hoe't socht wurdt, hinget fansels sterk of fan 'e fraach oft men ferwachtet in libbene persoan of in lyk te finen. As der kans bestiet dat de fermiste persoan noch libbet, is it finen fan him of har folle driuwender om't de persoan dan mooglik te min iten , wetter , lucht , ensfh. hat om lang yn libben te bliuwen, of yn oare drege omstannichheden ferkeart (bgl. ferwunings hat dy't fersoarge wurde moatte). Oan it finen fan in lichem wurdt ek in soad wearde hechte, ta befestiging fan it ferstjerren, en yn it gefal fan in moard , foar it krijen fan oanwizings dy't helpe om 'e dieder te identifisearjen. Mar wylst by de syktocht nei in libbene persoan in pear oeren it ferskil tusken libben en dea betsjutte kinne, meitsje in pear ekstra oeren yn it gefal fan in lyk net folle ferskil.

Oanwizings dy't fan belang weze kinne foar it undersyk by in fermissing, binne u.m.:

Dernjonken docht de plysje soms in berop op it publyk , bgl. mei in plysjeberjocht op 'e tillefyzje (folgjend op it nijs ), troch in Amber Alert utgean te litten (yn it gefal fan in fermist bern) of fia it tillefyzjeprogramma Opsporing Verzocht . Ek binne der soms spontane inisjativen fan boargers om mei te sykjen. De plysje hat dan wol graach dat soks yn oerlis bart, sadat der bgl. gjin spoaren utwiske wurde dy't noch undersocht wurde moatte.

Net alle ynformaasje dy't de plysje hat, wurdt oan it publyk trochjun. Guon dingen wurde ta beskerming fan 'e privacy fan 'e fermiste persoan geheim holden of om foar te kommen dat kriminelen har foardiel dermei dwaan kinne. Oare dingen wurde geheim holden om letter in fertochte trappearje te kinnen op saneamde diederkennis : dingen dy't inkeld de dieder witte kin.

Behanneling fan in fermissing [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fermissings kinne opjun wurde by de plysje , wernei't almeast in siikaksje uteinset. As der gjin oanwizings binne dat de fermiste persoan troch in misdriuw ferdwun is of om in oare reden yn gefaar ferkeart, wurdt ornaris nei de oanjefte 24  oeren wachte om mei de siikaksje te begjinnen. Yn 'e praktyk wurdt 75% fan 'e as fermist opjune persoanen binnen dy 24 oeren weromfun. As lykwols oannimlik is dat de fermiste persoan yn gefaar ferkeart, wurdt daliks aksje undernommen.

De gongbere proseduere by fermissings is faak dat minsken frege wurdt om ut te sjen nei de fermiste persoan. Sa kinne der ofbyldings fan 'e persoan yn kwestje ferspraat wurde op of by plakken der't hy of sy foar it lest sjoen is. Op 'e tillefyzje kin nei ofrin fan it nijs in plysjeberjocht utstjoerd wurde en de fermissing kin opnommen wurde yn tillefyzjeprogramma's lykas Opsporing Verzocht en Vermist . Fierders besteane der websiden dy't oandacht oan fermissings besteegje. Efterbliuwers kinne ek terjochte by de Helpline Fermiste Persoanen . Dat is in organisaasje dy't de neisten fan fermisten op emosjoneel en praktysk med understipet.

Yn it gefal fan 'e fermissing fan in bern jilde yn Nederlan spesjale prosedueres, om't dy mear gefaar rinne, bgl. foar untfiering . De plysje kin dan in saneamd Amber Alert utgean litte, dat nei de mobile tillefoanen stjoerd wurdt fan eltsenien dy't him derfoar opjun hat. Boppedat giet yn it gefal fan bern it rjocht om te ferdwinen, dat folwoeksenen wol hawwe, net op; de plysje hat de wetlike taak om utnaaide minderjierrigen dy't harsels oan it wetlik gesach fan harren aldelju of fad untlutsen hawwe, wer under dat gesach werom te bringen.

Yn in protte lannen wurdt in fermist persoan automatysk offisjeel dea ferklearre as hy of sy san jier nei de fermissing noch altyd net weromfun is. Soks kin de efterbliuwers helpe om harren libben wer op 'e rails te krijen, al wie mar op praktysk med (bgl. sadat de erfenis regele wurde kin). Yn Nederlan moat de famylje fan 'e fermiste sa'n deaferklearring sels oanfreegje, mar sa'n oanfraach is hjir al mooglik fanof fiif jier nei de fermissing. Yn guon gefallen, werby't der reedlikerwize fan utgien wurde kin dat immen omkommen is (lykas by in fleanramp werby't fan ien of mear fan 'e ynsittenden fan it delstoarte fleantuch neat weromfun is) kin dat ek earder. Yn 'e simmer fan 2019 waard bgl. de Nederlanner Arjen Kamphuis, dy't in jier earder by in kajaktocht oer in mar yn Noarwegen ferdwun wie, troch de Noarske autoriteiten deaferklearre. Hoewol't syn stoflik omskot nea weromfun wie, waard nei yngeand undersyk besletten dat de iennichste reedlike ferklearring foar syn ferdwining wie dat er in ungemak krigen hawwe moast en ferdronken wie.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Bronnen, noten en/of referenties , op dizze side .