Ferdivedaasjepark

Ut Wikipedy
De wyldwetterbaan "Pirana", yn 'e Efteling .

In ferdivedaasjepark , attraksjepark , amusemintspark , temapark of pretpark ( hollanisme ) is in rekreaasje-oard der't men jin tsjin betelling fermeitsje kin mei almeast grutskalige attraksjes lykas achtbanen , reuzereden , mearketunen en wyldwetterbanen . Sa'n park underskiedt him fan in merke trochdat it net ferpleatsber is, en fan in boarterstun trochdat it oer (folle) gruttere attraksjes beskikt. Derby binne ferdivedaasjeparken rjochte op it fermeitsjen fan grutte groepen minsken, almeast toeristen , mei't sa'n park te grut en djoer is om inkeld bestean te kinnen fan besyk troch de pleatslike befolking.

Ferdivedaasjeparken hawwe har untjun ut 'e Jeropeeske tradysje fan it halden fan in jierlikse merke . Ek de wraldtentoanstellings fan 'e njoggentjinde iuw hawwe der har ynfloed op han. Faak hat in ferdivedaasjepark in beskaat tema (derfandinne de oantsjutting "temapark"), der't alle attraksjes mei te krijen hawwe. Yn guon parken betellet men by de yngong in alomfetsjende tagongspriis wernei't alle attraksjes fierders frij besocht wurde kinne; yn oare parken is de yntreepriis leech, mar moat foar alle attraksjes apart bybetelle wurde. Hoewol't ferdivedaasjeparken besocht wurde troch minsken fan alle leeftydskategoryen, lizze se har dochs benammen ta op it fermaak fan bern.

Guon fan 'e bekendste ferdivedaasjeparken fan 'e wrald binne Disneyland , yn Anaheim , Disney World , yn Orlando , Euro Disney , yn Parys , en Warner Bros. Movie World , yn it Dutske Bottrop . Yn Nederlan is de Efteling , yn it Brabanske Keatsheuvel , fierwei it bekendste ferdivedaasjepark. Oaren binne Duinrell , yn Wassenaar ( Sud-Hollan ), Attraksjepark Slachharen , yn Slachharen ( Oerisel ) en Walibi Holland (de eardere Flevohof), yn Biddinghuzen ( Flevolan ).

Galery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .