한국   대만   중국   일본 
Faltum (mole) - Wikipedy Springe nei ynhald

Faltum (mole)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fatum (mune) )
Faltum (mole)
mune / mole
De mûne yn 2012
De mune yn 2012
lokaasje
lan Nederlan
provinsje Fryslan
gemeente Waadhoeke
plak Tsjom
koordinaten 53° 8' N 5° 29' E
bysunderheden
type mune Spinnekop
funksje Poldermune
oarspr. gebruk Bemeallen fan de Faltumerpolder
flecht 11,46-11,60 meter
boujier 1914 (underhus mooglik alder)
oare ynformaasje
eigner Stifting Monuminten Waadhoeke
monumintale status ryksmonumint
monumintnumer 15821
Webside
Side fan de stifting
Kaart
Fâltum (Fryslân)
Fâltum

Faltum ( Nederlansk : Fatum ) is in nei de utbuorren Faltum ferneamde poldermole en ryksmonumint sudeast fan Tsjom yn de gemeente Waadhoeke .

By Tsjom stiet noch in twadde spinnekopmole, Teatlum .

Stifting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Faltum bemealle oant de ruilferkaveling in polder mei deselde namme. De fjouwerkante undertoer mei houten dielen fan dizze spinnekopmole is mooglik ut de 18e iuw . Yn 1914 en 1915 waard de mole troch bran ferwoaste en wer opboud. Fan de bran binne under yn de mune noch spoaren te sjen. [1]

Oant in restauraasje oan de ein fan de jierren sechtich hie Faltum in selsswichting . Yn 1989 is de mole op 'e nij restaurearre.

Yn 2022 is de skroef fan de mune langer makke en de skroefbak ferfongen. De kosten fan de restauraasje bedroegen 80.000 euro. De skroef is no djipper, sadat de mune wer by it lege grunwetter kin en helpe kin by it bemeallen fan de polder. [2] [3]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: