한국   대만   중국   일본 
Famylje - Wikipedy Springe nei ynhald

Famylje

Ut Wikipedy
In stanbyld fan twa alden mei in bern yn Bratislava .
Dizze side giet oer besibskip yn 'e biologyske sin . Foar oare betsjuttings, sjoch: famylje (betsjuttingsside) .

In famylje (fan it Latynske familia ) is in netwurk fan ynterpersoanlike relaasjes op basis fan besibskip troch ofstamming , houlik , pleechsoarch of adopsje , dy't yn alle minsklike kultueren de grunslach fan 'e maatskippij foarmet. Alle famyljes kinne opdield wurde yn twa helten: de kearnfamylje, better bekend as it gesin , dat bestiet ut alden en harren bern , en de bredere famylje (ta underskie soms oantsjut mei de Ingelske term extended family ), der't ek pakes en beppes , omkes en muoikes , neven en nichten , ensfh. ta rekkene wurde.

Besibskipsrelaasjes yn in famylje .

Fierders binne der beskate soarten famyljes. De skoanfamylje of oantroude famylje is dat part fan 'e famylje der't men inkeld mei besibbe is fia it houlik mei jins man of frou . Hjirby giet it dus eins om 'e famylje fan dy man of frou, en net om jins 'eigen' ( biologyske ) famylje. De leden fan in styffamylje binne lju der't men mei besibbe is fia de houliksban fan ien fan jins alden, dy't dan yn 'e regel sletten is nei jins eigen berte ut in eardere relaasje . Healbruorren en -susters binne bern dy't ien (mar net de oare) fan 'e beide alden mei jinsels gemien hawwe. In pleechfamylje , ta einbeslut, is in famylje der't men yn oannommen is, mar der't men fierder alhiel gjin ofstammingsbesibskip mei hat.

Yn 'e measte maatskippijen is de famylje in gearwurkingsferban der't de leden troch understipe wurde, bygelyks op it med fan it grutbringen fan bern. Op dat med wurde kearnfamyljes of gesinnen troch de antropology klassifisearre neigeraden wa't de opfieding of it grutste part derfan ferfollet. Sa sprekt men fan in matrifokaal gesin as de bern grutbrocht wurde troch de mem en fan in patrifokaal gesin as de bern grutbrocht wurde troch de heit. In 'normaal' gesin , weryn't de bern fersoarge wurde troch de heit en mem tegearre, wurdt oantsjut as konjugaal (fan it Ingelske conjugal , in eigenskipswurd dat ferwiisd nei it houlik ). As de bern grutbrocht wurde troch pake en beppe, in pake of in beppe of in omke of muoike, sprekt men fan in avunkuler gesin .

Geslachtsferkear en seksuele relaasjes tusken leden fan ien famylje underling wurde ornaris beskoge as ynsest en binne yn 'e measte kultueren taboe . De utsundering derop is fansels it houlik tusken man en frou . Soms wurde ek relaasjes tusken (efter)neven en (efter)nichten tastien. Yn it Alde Egypte wie it wenst dat de farao's mei harren eigen suster trouden, al wie dat in utsundering yn 'e Aldegyptyske kultuer, om't de farao's as goaden beskoge waarden, dy't derom net mei sljochtwei folk trouwe koene. De tuke fan 'e wittenskip dy't him taleit op it undersyk nei (ofstamming)srelaasjes binnen famyljes, hjit de genealogy .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes and references en Bibliography , op dizze side .


Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes