한국   대만   중국   일본 
Fadrique Alvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva - Wikipedy Springe nei ynhald

Fadrique Alvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva

Ut Wikipedy
don Fadrique Alvarez de Toledo,
4e hartoch fan Alva
militer
persoanlike bysunderheden
namme folut Fadrique Alvarez de Toledo y
   Enriquez de Guzman,
   4e hartoch fan Alva
bynamme don Freark
nasjonaliteit Spaansk
berne 21 septimber 1537
berteplak Lissabon ( Keninkryk Portegal )
stoarn 11 desimber 1583
stjerplak Lissabon ( Keninkryk Spanje )
etnisiteit Kastyljaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 1567 ? 1573
yn tsjinst fan Keninkryk Spanje
legerunderdiel leger
befel Leger fan Flaanderen
konflikt(en) Tachtichjierrige Oarloch
treffen(s) fjildtocht fan don Freark
Spaanske Fuery fan Mechelen
Ynname fan Dyst
Werynname fan Roermond
Bloedbad fan Sutfen
Bloedbad fan Naarden
Belis fan Haarlim
Belis fan Alkmar
N.B.: Dit is in Spaanske namme . De (inkele of gearstalde) foarnamme is Fadrique . De earste efternamme (fan heitekant ) is Alvarez de Toledo , en de twadde efternamme (fan memmekant ) is Enriquez de Guzman . As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Alvarez de Toledo of oars Alvarez de Toledo y Enriquez de Guzman brukt wurde.

Don Fadrique Alvarez de Toledo , 4e hartoch fan Alva ( Lissabon , 21 septimber 1537 ? dere, 11 desimber 1583 ) wie in Spaansk ealman en fjildhear fan Kastyljaansk komof . Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fadrique Alvarez de Toledo y Enriquez de Guzman, 4e hartoch fan Alva, hartoch fan Huescar, markys fan Coria, hear fan Vadecorneja, grutkommandeur yn 'e Oarder fan Calatrava, grande fan Spanje . Yn 'e Nederlanske skiednis waard er lykwols better bekend as don Freark ( Nederlansk : don Frederik ). Hy wie de soan fan don Fernando Alvarez de Toledo, 3e hartoch fan Alva , dy't fan 1566 oant 1573 lanfad fan 'e Nederlannen wie. As militer oanfierder foar syn heit joech don Freark lieding oan in bloedige en unmeilydsume kampanje om 'e Opstan yn 'e Nederlannen te underdrukken.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en houliken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Don Freark waard yn 1537 berne yn Lissabon , de haadsted fan it Keninkryk Portegal , as de twadde wettige soan fan don Fernando Alvarez de Toledo, hartoch fan Alva . Hy moat net betize wurde mei syn oerpake , don Fadrique Alvarez de Toledo, 2e hartoch fan Alva . Oer syn jonkheid is hast neat bekend. Yn 1548 ferstoar syn aldere broer Garcia mei achttjin jier, wernei't don Freark syn heite erfgenamt waard. Yn 1555 , doe't er achttjin jier wie, troude er mei Guiomar fan Aragon, de dochter fan Alfuns fan Aragon, hartoch fan Segorbe , dy't lykwols yn 1557 al kaam te ferstjerren . Yn 1562 wertroude de jonge widner mei Maria Josefa Pimentel y Giron, de dochter fan Antonio Alonso Pimentel y Herrera de Velasco, 3e hartoch fan Benaventa . Dyselde ferstoar lykwols yn 1566 , wermei't don Freark foar de twadde kear widner waard.

Yn 1566 hie don Freark in relaasje mei in jongfaam dy't Magdalena de Guzman hiet. Hy unthiet mei har te trouwen, mar nei't er har ferlaat hie, briek er dat unthjit, wat foar it fanke grutte skande opsmiet. Om't Magdalena in hofdame wie fan Anna fan Eastenryk , de frou fan Filips II fan Spanje , begun de kening him der sels mei te bemuoien. Don Freark waard finzen set yn it Kastiel fan La Mota , by Medina del Campo yn 'e provinsje Valladolid . Nei't syn heit lykwols tuskenbeiden kommen wie, waard it de jonge ealman yn 1567 tastien om oersee nei de Nederlannen te gean, sadat er syn morele skuld ofbetelje koe troch yn it leger te tsjinjen. It is wol oppenearre dat de unmeilydsumens dy't don Freark yn 'e Nederlannen foar de opstannelingen oer toande, ynjun wie troch in wanhopich besykjen om 'e geunst fan 'e kening werom te winnen.

Fjildhear yn 'e Nederlannen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e Nederlannen, der't syn heit yn 1566 lanfad wurden wie, krige don Freark it befel oer it Leger fan Flaanderen , sa't it steande Spaanske leger yn 'e Nederlannen neamd waard. Hoewol't dat in 'Spaansk' leger hiet te wezen, tsjinnen der ek (Noardlike en Sudlike) Nederlanners yn en boppedat bestie it foar in grut diel ut soldaten dy't ofkomstich wiene ut 'e Italjaanske dielen fan it Keninkryk Spanje en ut hierlingen ut Dutslan . De Opstan yn 'e Nederlannen , dy't letter it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike soe te wezen, sette yn 1568 utein, mar don Freark trede as legeroanfierder pas op 'e foargrun yn 1572 . Yn dat jier feroveren de wettergeuzen op 1 april de Hollanske sted De Bryl , wernei't de opstan benammen yn Hollan, mar ek derbuten, as diggelfjoer om him hinne griep.

Derop stjoerde Alva syn soan mei in leger fan 14.000 man op 'en paad om 'e opstan te underdrukken. De fjildtocht fan don Freark sette op 2 oktober 1572 utein mei de saneamde Spaanske Fuery fan Mechelen , werby't de Sudnederlanske sted Mechelen ynnommen en bloedich plondere waard. Dernei folgen de ynname fan Dyst en de werynname fan Roermond , der't it der relatyf kalm om en ta gie om't der gjin ferset bean waard. Op 17 novimber waard yn Gelderlan de sted Sutfen ynnommen. Hoewol't ek der net folle ferset bean waard, wiene der under it bewald fan 'e geuzen de roomske tsjerken en kleasters plondere en fernield. Ut wraak rjochten de troepen fan don Freark derom nei de ynname fan 'e sted it Bloedbad fan Sutfen oan, werby't de soldaten mei grutte unmeilydsumens tsjin 'e boargerbefolking fanwegen kamen.

Don Freark te'n fuotten ut.

De earste Hollanske sted dy't mei de Spaanske metoaden yn 'e kunde kaam, wie Naarden , dat gjin ferset bea, mar der't nei de oankomst fan it Spaanske leger op 1 desimber dochs it meastepart fan 'e boargers by it Bloedbad fan Naarden fermoarde waard. Op 11 desimber sloech don Freark mei syn leger belis foar Haarlim . Dat wie de swakste fan alle Hollanske steden, en de ferwachting wie dan ek dat it gau falle soe. Mar dat run oars: it Belis fan Haarlim waard in utputtingsslach dy't san moannen duorre. Doe't de uthongere sted him uteinlik op 13 july 1573 oerjoech, liet don Freark hast it hiele Steatske garnizoen fermoardzje , en deropta nochris 300 foaroansteande Haarlimske boargers .

Nei't er in rebulje under syn eigen soldaten delbede hie, dy't al yn withoelang gjin soldij utbetelle krigen hiene, sette don Freark syn fjildtocht fuort mei it Belis fan Alkmar . Dat wie lykwols in folle sterkere sted, en de befolking wie der wisberet dat harren it lot fan 'e Haarlimmers en Naardensters net treffe soe. Dertroch liek it derop dat don Freark syn foeterjende soldaten op 'e nij in winter op 'e romte om in Hollanske sted hinne trochbringe moatte soene. Doe't de geuzen de diken trochstieken en de Spaanske legerkampen der ek noch under strupten, joech don Freark it oer. Hy liet it belis ofbrekke en loek him werom op Amsterdam , dat trou bleaun wie oan 'e Spaanske kening. Syn heit wie min te sprekken oer dy weromtocht, om't er wist dat don Freark oan it Keninklik Hof fan Filips II dochs al op in minne namme lei. Dizze nederlaach, want dat wie it uteinlik, koe it spul allinnich noch mar minder meitsje.

Werom yn Spanje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Mei fanwegen de mislearre fjildtocht fan syn soan waard de hartoch fan Alva yn 1573 as Spaanske lanfad fan 'e Nederlannen ferfongen troch don Luis de Requesens y Zuniga . Heit en soan kearden derop werom nei Spanje. Sa't syn heit al freze hie, foel don Freark yn syn heitelan op 'e nij yn ungenede. Derby spile mooglik ek mei dat Alva sels noch yn heech oansjen stie, sadat it foar syn yntrigearjende politike fijannen oan it Hof makliker wie om him fia syn kwetsbere soan oan te fallen.

Hoe dan ek, yn 1578 waard de saak fan it ferbrutsen trou-unthjit weriepene, en doe kaam oan it ljocht dat don Freark under syn finzenskip yn 1566 temuk en by folmacht (d.w.s. dat er net persoanlik by it sluten fan it houlik oanwezich wie) troud wie mei syn nicht Maria Alvarez de Toledo, de dochter fan Garcia Alvarez de Toledo, 4e markys fan Villafranca del Bierzo . Dat wie dien mei goedkarring fan syn heit, de hartoch fan Alva, om foar te kommen dat don Freark dochs noch twongen wurde koe om mei de hofdame Magdalena de Guzman te trouwen. Mar it gie streekrjocht yn tsjin 'e doetiidske oarders fan 'e kening. Doe't er dat allegear hearde, hie Filips II syn nocht. Don Freark waard oppakt en fannijs festsetten yn it Kastiel fan La Mota, wylst syn heit fan it Spaanske Hof ferballe waard.

Leste jierren en dea [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De leste tsien jier fan syn libben rekke don Freark lichaamlik almar fierder yn 'e minnichte, in proses dat ynset wie nei syn weromkear yn Spanje yn 1573 . Nei de dea fan syn heit, op 11 desimber 1582 , urf er dy syn titels en besittings, en waard er de fjirde hartoch fan Alva. Dat wied er persiis ien jier, mei't er sels op 11 desimber 1583 kaam te ferstjerren , yn 'e alderdom fan 46 jier. Syn houlik mei Maria de Toledo bleau, krekt as syn eardere beide houliken, sunder bern , en sadwaande waard er opfolge troch syn omkesizzer Antonio Alvarez de Toledo, 5e hartoch fan Alva .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .