한국   대만   중국   일본 
Felix Nadar - Wikipedy Springe nei ynhald

Felix Nadar

Ut Wikipedy
Nadar (selsportret).

Felix Nadar wie it pseudonym fan Gaspard-Felix Tournachon ( Parys , 6 april 1820 - 21 maart 1910 ), in Fransk fotograaf , karikaturist , sjoernalist , roman skriuwer en ballonfarder. Guon fan syn foto's binne tekene mei "P. Nadar" foar "Photographie Nadar" .

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

1863: Ramp mei "Le Geant" by Neustadt am Rubenberge under Hannover . Yllustraasje yn in krante

Nadar wie yn 1848 noch in karikaturist foar de krante Le Charivari . Yn 1849 makke er de koartswillige bleden Revue comique en Petit journal pour rire . Hy naam syn earste foto's yn 1853 en yn 1858 waard er de earste dy't mei loftfotos oankaam. Hy wie ek pionier wat it gebruk fan keunstljocht yn de fotografy oanbelanget paste dat ta yn de katakomben fan Parys.

Om 1863 hinne boude Nadar in manske ballon mei in ynhald fan (6000m³) dy't Le Geant ('De reus) kaam te hjitten; hy ynspireare dermei Jules Verne by it skriuwen fan 'Fiif wike yn in ballon'. It "Geant" projekt slagge lykwols net en Nadar rekke oertsjuge dat de takomst oan de swierder-as-lucht masines wie. Letter waard "De Feriening foar Oanmoediging fan Bewegen yn de Loft mei Swierder-as-loft Masines" stifte mei Nadar as foarsitter en Verne as sekretaris. Nadar foarme ek it foarbyld foar it personaazje Michael Ardan yn Verne syn 'Fan de ierde nei de moanne'.

By syn besite oan Brussel mei de Geant , op 26 septimber 1864, rjochtet Nadar ferpleatsbere barrieres op om de minskekloft op feilige ofstan te halden. Oant no ta hjitte ditsoarte fan stekken yn Belgje Nadar barrieres .

Yn april 1874 liende er syn fotostudio oan in groep skilders en makke sa de earste utstalling fan de ympresjonisten mooglik (under oaren Claude Monet , Edgar Degas , Camille Pissarro , Paul Cezanne , dienen mei). Hy fotografearre Victor Hugo op syn deabed yn 1885. Teffens hat er yn 1886 it earste foto-ynterview (mei de ferneamde skiekundige Michel Eugene Chevreul ) op syn namme set; boppedat makke er eroatyske foto's .

Fan 1895 oant syn weromgean nei Parys yn 1909, wie de Nadar-fotostudio yn Marseille .

Nadar kaam te hof op it begraafplak Pere Lachaise yn Parys. Nadar syn negativen wurde bewarre yn de Caisse nationale des monuments historiques yn Parys. Syn ofdrukken en argyf hat de Franske Nasjonale Bibleteek op de noed.

Wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boekepublikaasjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Quand j'etais etudiant (1856)
  • Les memoires du Geant (1864)
  • Les ballons en 1870 (1871)
  • Sous l'incendie (1882)
  • Quand j'etais photographe (1900)

Portrettegallery [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]