De
Etiopyske kalinder
is de wichtichste kalinder yn
Etioopje
en is allyk oan it
liturgysk
jier fan de
Eritrees-ortodokse Tsjerke
, der't er de
Ge'ez
kalinder hjit. It systeem dat de kalinder brukt is fan de aldere
Koptyske kalinder
, dy't op de gans aldere
Egyptyske kalinder
basearre is. Lykas mei de
Juliaanske kalinder
hat de Etiopyske kalinder alle fjouwer jier in deimannich tefolle en it jier begjint op
29 augustus
of
30 augustus
neffens de Juliaanske kalinder.
Lykas mei de Koptische kalinder hat de Etiopyske kalinder tolve moannen dy't tritich dagen hawwe mei fiif as seis
epagomenale dagen
(wurdt faak de trettjinde moanne neamd). De moannen begjinne op deselde dagen as de Kopyske kalinder, mar mei oare nammen, dy't yn it
Ge'ez
binne. De seisde epagomenale dei wurdt alle fjouwer jier tafoege op 29 augustus fan de Juliaanske kalinder, seis moannen foar de Juliaanske skrikkeldei. En sa is de earste dei fan it Etiopyske jier, 1 Maskaram, foar de jierren tusken
1901
en 2099 op
11 septimber
(
Gregoariaanske kalinder
), mar falt op
12 septimber
(Greg.), yn de jierren foar in Gregoariaanske schrikkeljier.