Neilittenskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Erfgenamt )

In neilittenskip , yn it deistich taalgebruk ornaris oantsjut as in erfenis , erfskip , erf of beerf , is it gehiel fan replik guod , unreplik goed en skulden dat in ferstoarne persoan neilit. Yn Nederlan regelet it erfrjocht sa't dat festlein is yn Boek 4 fan it Nederlansk Boargerlik Wetboek wat dermei bart. De persoan dy't in neilittenskip neilit, is de erflitter , wylst immen dy't in (diel fan in) neilittenskip kriget, in erfgenamt hjit. In foarwerp ut in neilittenskip is in erfstik . Wat de measte minsken net beseffe, is dat de oanfurding fan in neilittenskip ek oanfurding fan potinsjele skulden omfiemet. Net selden soarget in neilittenskip foar langduorjende ruzje binnen in famylje , as twa of mear djipdroven har sinnen op ien en itselde stik ut 'e ynboel set hawwe of as der op oare wize in skeel feroarsake wurdt troch de ferdieling.

Faak regelet de erflitter foar syn dea oan wa't er syn besittings neilit troch by in notaris derta in spesjale akte opstelle te litten, dy't in testamint hjit. Sa'n testamint is bun oan beskate regels en moat, om rjochtsjildich te wezen, bgl. undertekene weze troch de erflitter (dy't yn dit ferban de testateur hjit. Foarhinne wie ek de undertekening troch twa tsjugen fereaske, mar sunt 2003 hoecht dat net mear. It orizjineel fan it testamint wurdt bewarre troch de notaris, wylst de testateur in offisjele kopy meikriget. Behalven in opsomming fan wat oan wa neilitten wurdt (de erfstelling), kin in testamint ek it tsjindiel omfetsje, ntl. in unterving (werby't dus oanjun wurdt dat in beskaat persoan neat krije mei.

As de erflitter net tastaminte hat, sil de neilittenskip ferdield wurde neffens de regels fan erfopfolging by ferstjerren . Dermei jout de erflitter dus syn sizzenskip oer de ferdieling fan syn neilittenskip ut hannen. Wol kin men ek sels in hanskreaune akte opstelle, werby't de foarm der fierders net ta docht en werby't it mei in datum en hantekening ta kin om 'e wilsbeskikking autentyk te meitsjen. Yn Nederlan moat sa'n dokumint wol by in notaris yn bewarring jun wurde om rjochtsjildich te wezen. Foar de ferdieling fan replik guod dat ta de ynboel heart, kin in erflitter ek in kodisil opstelle, mar skilderijen en oar keunstfoarwerpen binne derfan utsletten. Yn tsjinstelling ta it erfrjocht fan foar 2003 kin in eksekuteur (immen dy't tafersjoch haldt op 'e utfiering fan in testamint, foar 2003 in eksekuteur-testaminter neamd) net mear by kodisil oanwiisd wurde.

Njonken in testamint of kodisil, werby't it utslutend oer de ferdieling fan 'e neilittenskip giet, kin de erflitter ek in persoanlik memorandum of regifest neilitte, weryn't praktyske details neamd wurde dy't de utfierders fan 'e wilsbeskikking in protte hollebrekken besparje kinne. Sa'n persoanlik memorandum kin bestean ut winsken foar de utfeart , in list mei adressen fan famyljeleden , freonen en kunde , it fynplak fan wichtige stikken lykas akten en polissen , de identiteit fan 'e eksekuteur , ynformaasje oer fersekeringsgegevens , skulden , banktegoeden en oare fermogensmiddels , rinnende abboneminten , kontribusjes en lidmaatskippen , en identiteitsgegevens lykas jins boargerservicenumer en administraasjenumers by bgl. in pinsjoenfuns .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .