It
United States Electoral College
(
Ingelsk
foar "Amerikaansk Kieskolleezje" of "Amerikaansk Elektoraal Kolleezje") is de ynstansje dy't alle fjouwer jierren de
presidint
en fise-presidint fan de
Feriene Steaten
kiest. It kieskolleezje hat op dit stuit 538 leden, dy't
kiesmannen
neamd wurde, ferdield oer de 50
steaten
en it
federaal distrikt
fan 'e Feriene Steaten. By de Amerikaanske presidintsferkiezings is it sa dat dyjinge der't de measte kiesmannen foar stimme, alle kiesmannen fan dy steat krijt. De kandidaat foar it presidintskip moat dus in mearderheid fan kiesmannen ha dy't him stypje, om de kiesmannen fan dy steat foar him te winnen.
Yn de neikommende tabel stiet it tal kiesmannen by elke steat en it
District of Columbia
. De tabel en it tal kiesmannen is jildich foar de presidintsferkiezings fan 2012, 2016 en 2020.
[1]
Tusken heakjes stean sifers mei in plus (+) of in min (-) om oan te jaan oft it tal kiesmannen troch de
United States Census 2010
feroare is.