한국   대만   중국   일본 
Dick Cheney - Wikipedy Springe nei ynhald

Dick Cheney

Ut Wikipedy
Dick Cheney
politikus
echte namme Richard Bruce Cheney
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 30 jannewaris 1941
berteplak Lincoln ( Nebraska )
etnisiteit Fransk
Iersk
Ingelsk
Welsk
partij Republikeinske Partij
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 2001 ? 2009
foargonger Al Gore
opfolger Joe Biden
Amerikaansk minister fan Definsje
amtsperioade 1989 ? 1993
foargonger Frank Carlucci
opfolger Les Aspin
Lid fan it Amerikaanske Hus fan Offurdigen
(foar it 1ste Distrikt fan Wyoming )
amtsperioade 1979 ? 1989
foargonger Teno Roncalio
opfolger Craig L. Thomas
Stefsjef fan it Wite Hus
amtsperioade 1975 ? 1977
foargonger Donald Rumsfeld
opfolger Hamilton Jordan

Dick Cheney (folut: Richard Bruce Cheney ; Lincoln ( Nebraska ), 30 jannewaris 1941 ), is in Amerikaansk Repulikeinsk politikus en sakeman fan mingd Ingelsk , Welsk , Iersk en hugenoatsk Fransk etnysk komof. Om utens krige er pas bekendheid doe't er fan 2001 oant 2009 under George W. Bush de 46ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten wie; yn eigen lan spile er lykwols al folle langer yn 'e top fan 'e polityk mei, en wied er foartiid u.m. minister fan Definsje en stefsjef fan it Wite Hus . As fise-presidint waard er runom sjoen as de "tsjustere macht efter de troan", dy't yn it echt de beslissings naam, wylst Bush syn marionet wie. It is unwierskynlik dat it safier gie, mar in feit is dat er ien fan 'e ynfloedrykste fise-presidinten ut 'e Amerikaanske skiednis wie. Mei dertroch, mar ek fanwegen it trochinoar griemen fan syn politike taken mei syn wurkpaad as undernimmer, is Cheney teffens ien fan 'e meast hate politisy fan 'e Feriene Steaten.

Libben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cheney waard yn 1941 berne yn Lincoln , yn 'e steat Nebraska , as ien fan 'e trije bern fan Richard Herbert Cheney, in wurknimmer fan it Amerikaanske Ministearje fan Lanbou op it med fan grunbehald (d.w.s it tsjingean fan gruneroazje ), en Marjorie Lorraine Dickey, dy't yn 'e 1930-er jierren in ferneamd softbalspylster wie. Cheney syn foarfaar William Cheney ymmigrearre yn 'e santjinde iuw fan Ingelan nei Massachusetts , en hy is in fiere neef fan twa Demokratyske presidinten fan 'e Feriene Steaten, Harry Truman en Barack Obama , dy't mei him in foarmem gemien hawwe yn Mareen Duvall, in hugenoate dy't yn 'e santjinde iuw Frankryk untflechte en har earst yn Ingelan en letter yn Marylan nei wenjen sette.

Syn bernetiid brocht Cheney foar it grutste part troch yn Sumner , yn Nebraska. Doe't er in jier as tsien wie, ferhuze it gesin nei Casper , yn 'e steat Wyoming , der't er de middelbere skoalle folge. Neitiid studearre er oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Yale , yn New Haven , mar fanwegen oanpassingsswierrichheden briek er der twaris syn studzje of. Letter learde er fierder oan 'e Universiteit fan Wyoming , te Laramie , der't er in bachelors- en in masterstitel yn politikology behelle. Dernei sette er utein mei in doktoraalstudzje oan 'e Universiteit fan Wiskonsin te Madison , mar makke dy net of. Hy waard oproppen foar militere tsjinst (under de Fjetnamoarloch wie yn Amearika de tsjinstplicht fan kreft), mar frege fiif kear utstel oan. Doe't him der yn in fraachpetear yn 1989 nei frege waard, antwurde er: "Ik hie yn 'e jierren sechstich oare prioriteiten as militere tsjinst."

Presidint Gerald Ford (m.), mei syn stefsjef fan it Wite Hus Donald Rumsfeld (l.) en dy syn assistint Dick Cheney (rj.), yn april 1975 .

Trouwen en hushalding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn novimber 1962 , doe't er 21 jier wie, waard Cheney arrestearre en letter feroardiele foar riden under ynfloed . It jiers derop barde dat nochris. Neffens himsels holp de rjochtsferfolging him om fan 'e drank of te kommen. Yn 1964 troude er mei Lynne Vincent , syn faam fan 'e middelbere skoalle, dy't er foar it earst met hie doe't se allebeide fjirtjin jier wiene. Yn jannewaris 1966 , doe't Cheney syn fyfde en leste utstel fan militere tsjinst oanfrege, wie syn frou tsien wiken swier fan harren earste bern, en waard er derfandinne foarearst utsunder fan tsjinst fanwegen it feit dat er in gesin hie. It jiers derop waard er 26 en foel er buten de tsjinsplicht, dy't er sadwaande nea ferfolle hat.

Cheney en de frou krigen twa bern, Elizabeth "Liz" Cheney , dy't troud is mei Philip J. Perry , in eardere hege amtner op it Amerikaanske Ministearje fan Thuslanbefeiliging , en Mary Cheney , in lesbienne dy't mei har frou Heather Poe yn Great Falls , yn 'e steat Firginia , wennet. De Cheneys hawwe san bernsbern. Fanwegen de homoseksualiteit fan syn jongste dochter rint Cheney wat ut 'e pas mei de rest fan 'e Repulikeinske Partij , en is er sunt 2004 in iepentlik foarstanner fan 'e ynfiering fan it homohoulik yn it hiele lan.

Cheney as minister fan Definsje.

Karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Cheney begun syn karriere as Republikeinsk politikus yn 1969 , yn 'e hoedanichheid fan stazjer foar William A. Steiger , in lid fan it Amerikaanske Hus fan Offurdigen . Under de regearings fan Nixon en Ford klom er op ta in posysje yn 'e stef fan it Wite Hus , en under Gerald Ford wied er fan 1975 oant 1977 sjef fan 'e stef fan it Wite Hus. Yn 1978 waard er keazen ta lid fan it Hus fan Offurdigen foar syn thussteat Wyoming , in amt der't er fiif kear foar werkeazen waard en dat er fan 1979 oant 1989 ferfolle. Under it presidintskip fan George H.W. Bush wied er fan 1989 oant 1993 minister fan Definsje. Yn dy hoedanichheid joech er u.m. lieding oan 'e Amerikaanske ynfal yn Panama , yn 1989 , werby't de yn 'e ynternasjonale drugshannel behelle Panameeske diktator Manuel Noriega ofset en finzen nommen waard, en Operaasje Desert Storm , de Amerikaanske dielname oan 'e Earste Golfoarloch , om it troch Irak besette Koeweit te befrijen.

Nei't yn 1993 it regear fan Bush it fjild romje moatten hie foar de Demokratyske presidint Bill Clinton , sette Cheney utein mei in karriere yn it sakelibben, en wied er fan 1995 oant 2000 direkteur fan 'e Halliburton Company , in grutte spiler yn 'e Amerikaanske en mondiale oaljeyndustry . It bedriuw ferhannelet sels gjin oalje, mar biedt tsjinsten oan der't men ferlet fan hat by it boarjen nei oalje. Cheney syn wurkpaad by Halliburton is net alhiel unbesmodzge, en hy waard letter neamd as ferklage by ferskate rjochtsaken tsjin it bedriuw, werunder ien foar korrupsje dy't yn 2010 troch de Nigeriaanske steat oanspand waard (en buten de rjochter om troch Halliburton foar $250 miljoen ofkocht waard). Cheney syn fermogen, dat rusd wurdt tusken de $19 en $86 miljoen, hat er fierhinne yn syn perioade by Halliburton opboud.

Presidint George W. Bush mei syn wichtichste adviseurs, minister fan Definsje Donald Rumsfeld (l.) en fise-presidint Dick Cheney (rj.).

Yn 2000 waard Cheney troch de Republikeinske presidintskandidaat George W. Bush frege om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden. Derop naam er untslach by Halliburton , wermei't er neffens himsels eltse belangeferminging foarkaam. Tegearre mei Bush waard er by de presidintsferkiezings it Demokratyske kandidaatspear Al Gore en Joseph Lieberman oermansk, en yn 2004 waarden hy en Bush werkeazen nei't se John Kerry en John Edwards ferslein hiene. Sadwaande wie Cheney fan 2001 oant 2009 de 46ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten. Yn dy hoedanichheid makke er himsels geandewei ympopulerder, oant er ien fan 'e meast hate persoanen yn 'e Amerikaanske polityk wie. De krityk op him wie fral rjochte op syn grutte ynfloed op it belied fan 'e regearing-Bush, dy't er nei de oanslaggen op 9/11 brukte om 'e Twadde Golfoarloch en de Amerikaanske besetting fan Irak troch te setten. Dat by de weropbou fan Irak opdrachten fan in wearde dy't yn 'e miljarden run oan 'e Halliburton Company gund waarden, skeat withoefolle Amerikanen yn it ferkearde kielsgat, mei't dat sjoen waard as in frijwol iepentlike foarm fan freonepolityk en korrupsje . Fierders wie Cheney in grut en unberoulik foarstanner fan alle maatregels fan 'e regearing-Bush oangeande de bestriding fan terrorisme , werunder net inkeld militere aksje om utens, mar ek yllegale oflusterpraktiken en saneamde "utwreide underfregingstechniken" lykas waterboarding en oare foarmen fan marteling .

Op 27 febrewaris 2007 , wylst Cheney in besyk brocht oan 'e Alliearde loftmachtbasis op it Fleanfjild Bagram , fuort buten de Afgaanske haadsted Kabul , besocht in selsmoardterrorist tagong te krijen ta de basis, en brocht, doe't dat net slagge, syn bom ta untploffing, werby't 23 minsken omkamen en nochris 20 ferwune rekken. De Taliban easken letter de ferantwurding foar de oanslach op en ferklearren dat Cheney it doelwyt west hie.

Dick Cheney yn 2011 .

Yn 2006 kaam Cheney yn it nijs doe't er by in jachtpartij yn it Teksaanske Kenedy County by fersin in kunde fan him, de 78-jierrige abbekaat Harry Whittington , fan in ofstan fan 40 m mei hagel yn it gesicht en boarst skeat. De man waard daliks holpen troch it medysk personeel en de Secret Service -aginten dy't Cheney by him hie, en hoewol't er letter yn it sikehus noch in hertoanfal krige om't teminsten ien hagelkerl yn of fuortby syn hert bedarre wie, bettere er wer hielendal op (al besleaten de dokters om in stik as tritich stikken hagel yn syn lichem te litten om't it fuortheljen derfan gruttere risiko's opsmiet as om se mar gewurde te litten). Sawol Cheney as Whittington hawwe befestige dat it om in unnoazel ungelok gie. Whittington wegere lykwols te antwurdzjen doe't him frege waard oft Cheney syn untskuldigings oanbean hie. De fise-presidint waard fanwegen dit ynsidint yn 'e media unmeilydsum op 'e hak nommen, en syn populariteitssifers dukelen yn fjirtjin dagen tiid fan 23% nei 18%.

Lettere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Hoewol't it suver wenst is dat in fise-presidint him nei de uterste termyn fan syn presidint ferkiesber steld foar it Amerikaanske presidintskip, seach Cheney der yn 2008 fanof, mei it each op syn ympopulariteit en syn sunensswierrichheden. Sunt er begjin 2009 fise-presidint-of waard, hat er him ferskate kearen tige kritysk utlitten oer it belied fan 'e regearing- Obama . Yn 2011 ferskynde syn autobiografy , dy't er tegearre mei syn dochter Liz skreaun hie: In My Time: A Personal and Political Memoir .

Al desennia lang lijt Cheney oan slimme hertproblemen . Hy hat troch de jierren hinne fiif hertoanfallen han, de earste yn 1978 , doe't er noch mar 37 jier wie. De tweintich jier derfoar hied er likernoch trije pakjes sigaretten deis smookt; dat sil der grif wat mei te krijen han hawwe. Lettere hertoanfallen hied er yn 1984 , 1988 , 2000 en 2010 . Yn 1988 en twaris yn 2001 undergie er in hertoperaasje, en yn 2006 en nochris yn 2007 waard er operearre oan 'e ieren yn syn skonken, der't er bloedklunten untwikkele hie. Yn 2012 undergie er einlings in folsleine herttransplantaasje . Presintator Pierce Morgan , dy't in praatprogramma hat op 'e stjoerder CNN , neamde Cheney yn 2013 "de lokkichste man op 'e wrald" , want "eltse kear as er it hast ofleit, fynt de medyske wittenskip wer wat nijs ut dat him it libben redt."

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References en Bibliography , op dizze side .