한국   대만   중국   일본 
Diamant (muzykferkeap) - Wikipedy Springe nei ynhald

Diamant (muzykferkeap)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Diamanten plaat )

Diamant is in term dy't yn 'e muzykyndustry yn it ramt fan 'e sertifikaasje fan muzykferkeap brukt wurdt om oan te jaan dat fan in produkt in beskaat tal eksimplaren ferkocht binne. Hoewol't it derby tsjintwurdich gean kin om bygelyks in album , single , fideoklip of muzykdownload , sprekt men yn dit ferban meastal noch fan in diamanten plaat , om't sokke sertifikaten ynfierd binne yn it tiidrek fan 'e grammofoanplaat . De diamantene underskieding stiet noch in triem heger as it bekendere goud en platina .

Yn 'e Feriene Steaten wurde sunt 1999 diamantene platen utrikt foar de ferkeap fan 10 miljoen eksimplaren fan in album of single. Under de oare lannen dy't de diamantene plaat kenne, binne Brazylje , Dutslan , Frankryk , Itaalje , Japan , Kanada , Meksiko , Poalen en Ruslan . Yn Nederlan hantearret de Nederlanske Feriening fan Produsinten en Ymporteurs fan Byld- en Ludsdragers (NVPI) inkeld goudene en platina sertifikaten. U.m. Belgje , Grut-Brittanje , Ierlan , Austraalje , Nij-Seelan en de Skandinavyske lannen hawwe likemin diamantene platen. Der is lykwols neat dat platemaatskippijen tsjinkeart om yn sokke lannen offisjeus dochs diamantene platen ut te rikken.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .