David S. Stanley

Ut Wikipedy
David S. Stanley
militer
persoanlike bysunderheden
namme folut David Sloane Stanley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 juny 1828
berteplak Cedar Valley ( Ohio )
stoarn 13 maart 1902
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 1852 ? 1892
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerunderdiel lanmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang generaal-majoar (1862-66)
befel IVe Korps
Am. 22e Ynfanteryrezjimint
konflikt(en) Amerikaanske Boargeroarloch
Yellowstone-ekspedysje
treffen(s) Twadde Slach by Corinth
Slach by Stones River
Atlanta-kampanje
Slach by Franklin
underskiedings Medal of Honor 1893

David S. Stanley (folut: David Sloane Stanley ; Cedar Valley ( Ohio ), 1 juny 1828 ? Washington, D.C. , 13 maart 1902 ) wie in Amerikaansk militer dy't under de Amerikaanske Boargeroarloch oan it westlik front opklom ta de rang fan generaal-majoar . Foar betoande moed yn 'e Slach by Franklin waard him letter de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militere underskieding . Nei de Boargeroarloch tsjinne Stanley oan 'e Amerikaanske frontier , en joech er u.m. lieding oan 'e Yellowstone-ekspedysje fan 1873 .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stanley waard yn 1828 berne yn in begoedige fermidden yn Cedar Valley , yn 'e Amerikaanske steat Ohio , as de soan fan John Bratton Stanley ( 1799 - 1873 ) en dy syn frou Sarah Peterson ( 1807 - 1839 ). Syn mem kaam te ferstjerren doe't er alve jier wie. Syn heit wertroude neitiid, en Stanley hie trije jongere healbruorren en -susters: Leander F. Stanley ( 1844 - 1907 ) en de yn 'e widze ferstoarne twilling Martha E. Stanley en I.T. Stanley ( 1852 - 1853 ).

Yn 1852 studearre Stanley mei 24 jier of oan 'e Amerikaanske Militere Akademy te West Point . Neitiid tsjinne er oan 'e Amerikaanske frontier , der't er lanmjitters eskortearre dy't nei gaadlike rutes foar de oanlis fan it spoar sochten en syn earste gefjochtsunderfining opdie yn skermutselings mei de Yndianen . Yn maart 1861 , koart foar it utbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch , waard er befoardere ta de rang fan kaptein .

Tsjinst under de Amerikaanske Boargeroarloch [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

By it utbrekken fan 'e boargeroarloch wie Stanley stasjonearre yn Fort Washita , yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma ), dat doe under de ynfloedssfear fan 'e Sudlike Konfederearre Steaten fan Amearika foel. Derop late Stanley alle Noardlik-gesinde soldaten fan it garnizoen nei Fort Leavenworth ta, yn Kansas . Oan 'e ein fan 'e simmer waard er ynset by ferskate fjildslaggen yn Missoury , werunder de Slach by Wilson's Creek , der't er de Noardlike bagaazjetrein beskermje moast. Hy klom al gau op troch de rangen en waard yn maart 1862 beneamd ta brigadegeneraal .

Stanley focht de hiele Boargeroarloch troch oan it Westfront , der't er belutsen wie by de operaasjes tsjin New Madrid en dielnaam oan ferskate fjildslaggen, lykas de Slach om Eilan Numer Tsien , de Twadde Slach by Corinth (weryn't er it befel fierde oer in ynfanterydifyzje fan it Leger fan de Mississippy ) en de Slach by Stones River (weryn't er de kavalery fan it Leger fan de Cumberland oanfierde). Op 11 maart 1863 waard Stanley mei weromwurkjende kreft fanof 29 novimber 1862 oansteld as generaal-majoar . Neitiid late er de Noardlike kavalery yn 'e Tullahoma-kampanje . Ein 1863 rekke er siik , en sadwaande miste er de Slach by Chickamauga .

Yn 1864 focht Stanley as kommandant fan in difyzje fan it IVe Korps fan it Leger fan de Cumberland yn 'e Atlanta-kampanje under generaal William Tecumseh Sherman . Nei't de befelfierder fan it IVe Korps, generaal-majoar Oliver O. Howard , oansteld wie as kommandant fan it Leger fan de Tennessee , krige Stanley it befel oer it IVe Korps taparte. Nei de fal fan Atlanta naam Stanley net diel oan Shermans Mars nei de See , mar waard er ynstee mei syn legerkorps weromstjoerd nei Tennessee , om dy steat te beskermjen tsjin 'e ynfal troch it Sudlike Leger fan Tennessee under generaal John Bell Hood .

Op 30 novimber 1864 spile Stanley derby in krusjale rol yn 'e Slach by Franklin . Om't twa fan 'e difyzjes fan it IVe Korps tafoege wiene oan 'e linys fan it XXIIIe Korps, hied er by dat treffen feitliks gjin kommando, mei't de iennichste oerbleaune difyzje under befel stie fan 'e difyzjekommandant, brigadegeneraal George D. Wagner . Doe't lykwols twa fan 'e trije brigades fan dy difyzjes beswieken under de oanfal fan 'e Sudliken, fierde Stanley persoanlik de tsjinoanfal troch de 3e Brigade fan Wagner syn difyzje oan, der't er de Sudlike stoarmrin mei tsjinkearde. Derby rekke er ferwune oan 'e hals en waard syn hynder under him weisketten. Generaal-majoar Jacob Dolson Cox , dy't it befel hie oer de Noardlike ferdigening, joech him in oar hynder sadat er nei in fjildhospitaal ta koe, en Stanley naam fierders gjin diel mear oan 'e slach. Pas nei de Slach by Nashville kearde er yn aktive tsjinst werom. Op 29 maart 1893 waard Stanley foar syn rol yn 'e Slach by Franklin de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militere underskieding .

Lettere tsjinst [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't de Amerikaanske Boargeroarloch yn 1865 einige wie yn in oerwinning foar it Noarden, waard Stanley yn rang weromset ta kolonel , om't der doe troch de ofslanking fan it Amerikaanske Leger yn fredestiid in oerskot oan ofsieren bestie. Yn 1866 waard er oansteld as kommandant fan it Amerikaanske 22e Ynfanteryrezjimint, wermei't er oant 1874 foar it meastepart yn 'e Dakota's tsjinne.

Yn 1873 fierde Stanley it befel oer de Yellowstone-ekspedysje , werby't in selskip lanmjitters under beskerming fan it Amerikaanske Leger in gaadlike rute foar it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad utsocht by de rivier de Yellowstone lans, yn sudlik Montana . De wichtichste konfrontaasje mei de Lakota ut dy ekspedysje, de Slach by Honsinger Bluff , wie Stanley net by belutsen; by dat treffen waarden de Amerikanen ynstee oanfierd troch syn underbefelhawwer, luitenant-kolonel George Armstrong Custer . Stanley syn geunstige beskriuwing fan it lanskip fan sudeastlik Montana hie neitiid grutte ynfloed op 'e kolonisaasje fan dat gebiet troch de blanken .

Yn 1879 waarden Stanley en it 22e Ynfanteryrezjimint yn Teksas legere om oerfallen troch de Yndianen yn it westlike part fan dy steat te underdrukken. Yn 1882 waard er oerpleatst nei Santa Fe , yn Nij-Meksiko , der't er it befel krige oer it legerdistrikt fan Nij-Meksiko. Yn maart 1884 waard er befoardere ta brigadegeneraal mei it befel oer it militere Departemint fan Teksas . Yn 1892 swaaide er mei 64 jier of ut it leger en gie er mei pinsjoen.

Priveelibben [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Stanley wie troud mei in Anna Maria Wright ( 1830 - 1895 ), mei wa't er fiif bern krige: Josephine Stanley Holbrook ( 1860 - 1927 ), Sarah Eliza Stanley Rumbough ( 1861 - 1952 ), Anna Huntington Stanley Holbrook ( 1864 - 1907 ), Blanche H. Stanley ( 1871 - 1951 ) en David Sheridan Stanley ( 1873 - 1942 ). Syn dochter Anna krige letter bekendheid as ympresjonistysk keunstneresse . Har man, Stanley syn skoansoan, Willard Ames Holbrook , wie in generaal-majoar yn it Amerikaanske Leger . Stanley syn soan David en fiif fan syn pakesizzers (ynkl. Willard Ames Holbrook jr. ) studearren krekt as him of oan 'e Amerikaanske Militere Akademy te West Point . Soan David Sheridan Stanley wie fierders de oprjochter fan 'e Army Navy Country Club yn Arlington (Firginia) .

Ferstjerren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

David S. Stanley kaam op 13 maart 1902 te ferstjerren yn it Amerikaansk Tehus foar Ald-soldaten yn 'e federale haadsted Washington, D.C. Hy waard 84 jier ald, en waard begroeven op it begraafplak fan it tehus.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .