Dusseldorf

Ut Wikipedy
Dusseldorf
Emblemen
               
Polityk
Lan Dutslan
dielsteat Noardryn-Westfalen
Stedsyndieling 10 stedsdistrikten mei 50 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal 629.047 (2022)
Oerflak 217,41 km²
Befolkingsticht. 2.893 ynw./km²
Hichte 38 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 40210-40629
Koordinaten 51° 13' N 06° 46' E
Offisjele webside
www.duesseldorf.de
Kaart
Düsseldorf (Noardryn-Westfalen)
Düsseldorf

Dusseldorf is de haadsted fan 'e Dutske dielsteat Noardryn-Westfalen . De sted leit sudlik fan it Ruhrgebiet . It grutste part fan 'e sted leit eastlik fan 'e Ryn op it plak der de Dussel yn 'e Ryn munet.

De sted is de op ien nei grutste sted fan Noardryn-Westfalen. Flughafen Dusseldorf International is ien fan 'e grutste lofthavens fan it lan. Der is in grut ferskaat oan yndustry, lykas gemy, masinebou, elektroanika, telekommuniskaasje en fiedselproduksje.

Dernjonken is Dusseldorf ek in wichtige keunststed mei grutte keunstsamlings en ferskillende musea. It hat ien fan 'e meast ferneamde keunstakadeemjes fan Europa, de Kunstakademie Dusseldorf .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Romeinen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Haus Burgel underdiel fan 'e Limes.

Om 50 nei Kristus hinne waard it gebiet lofts fan 'e Ryn troch Romeinen beset. De oarspronklike bewenners rjochts fan 'e Ryn wiene de Eburoanen , mar dy waarden nei in militer treffen ferdreaun fan harren wenstee en om 'e grinzen feilich te stellen stienen de Romeinen der ynearsten gjin nije delsettings mear ta. Sunt 100 nei Kristus mochten Tenktearen harren der nei wenjen sette, om't hja foar de Romeinen gjin gefaar opleveren. Sunt healwei de 3e iuw naam de unrest wer ta en moasten de delsettings yn it stedsgebiet rjochts fan 'e Ryn wer opbrutsen wurde. Op 'e nij wie it in gebiet der't gjin bewenning tastien waard. Yn 'e 4e iuw bestie sud fan it stedsgebiet in Romeinsk fort, dat doe lykwols noch lofts fan 'e Ryn stie, it saneamde Haus Burgel .

De lest dokumintearre ynformaasje ut de Romeinske tiid foar it stedsgebiet fan it hjoeddeiske Dusseldorf datearret fan it jier 388. Op dat stuit foelen de Franken it lofts fan 'e Ryn lizzende Galje oan. Op 'e weromtocht waarden de Franken troch de Romeinske generaals Nanninus en Quintinus ferslein. In diel fan it Romeinke leger under Quintinus waard lykwols by de efterfolging nei it oerstekken fan 'e Ryn by Neuss yn 'e sompige bosken rjochts fan 'e Ryn ferneatige.

Iere midsiuwen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dernei is der foar in skoft net in soad ynformaasje, mar sunt healwei de 5e iuw bewize greffjilden dat der oan beide kanten fan 'e Ryn yn it hjoeddeiske stedsgebiet Frankyske boeren en fiskers wennen. Polityk hearde it gebiet om Dusseldorf oarspronklik ta it keninkryk fan Lotharius I , it Middenryk . Tsjin 'e ein fan it earste millenium hearde Dusseldorf lykwols defintyf by it East-Frankrykske Ryk .

Iere plakken yn Dusseldorf [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De folgjende plakken yn it hjoeddeiske stedsgebiet fan Dusseldorf binne alder as de sted sels.

Kaiserwerth [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Rekonstruksjetekening fan 'e Keizerpalts .

Yn 'e iere midsiuwen wie Kaiserswerth in fjouwer kilometer lang eilan ( Werth ) yn 'e Ryn dat in goed utsjoch op 'e rivier bea en ien fan 'e plakken der't de rivier oerstutsen wurde koe. Yn 'e Frankyske tiid unstie der in hof, dat stadichoan in kastiel waard. Om 700 hinne skonk Pepyn II it eilan oan de Angelsaksyske misjonaris Switbert , om der in benediktynsk kleaster te stiftjen. Dat kleaster waard lykwols yn 770 troch Saksen en yn 880 troch Wytsings ferneatige. Yn 1045 waard op it eilan troch Hindrik III in keizerpalts stifte, dy't yn 1174 troch keizer Freark Barbarossa ferfongen waard troch in nije, machtiger keizerpalts. Yn 1181 waard Kaiserswerth in rykssted . Yn it ramt fan meardere belegerings tusken 1213 en 1215 lei greve Adolf III fan Berg in daam oan, dy't de ferlanning fan in earm yn 'e Ryn feroarsake, sadat it eilan oan it festelan kaam te lizzen. Sunt 1273 stie it eilan under ynfloed fan 'e Keulske aartsbiskoppen en oant 1424 bouden dy Kaiserswerth ta de sterkste festing fan Kar-Keulen ut.

Yn 1702 yn 'e Spaanske Suksesjeoarloch (1702-1715) waarden de festing en de sted slim skeind. De hast folslein ferneatige keizerpalts tsjinne sunt as stiengroeve foar de weropbou fan 'e sted en sa bleau der allinne in ruine oer. Polityk en ekonomysk bleau Kaiserwerth neitiid sunder betsjutting. Yn 1929 waard Kaiserwerth by de groeiende sted Dusseldorf foege.

Gerresheim [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Gerresheim.

Yn it easten fan it hjoeddeiske stedsgebiet untstie yn 'e 9e iuw it frouljusstift fan Gerresheim. Gerresheim wie al hiel ier in tsjerklik en kultureel sintrum yn it Dusseldorfer stedsgebiet. Yn 919 waard it stift troch Hongaren fernield en de abdis en de nonnen flechten mei de reliken fan 'e patroanhillige nei Keulen. Yn 'e twadde helte fan 'e 10e iuw waard it stift wer opboud. Stadichoan unstie der in doarp mei in doarpsplein foar merken. It doarp krige yn 1368 fan 'e greven fan Berg de status fan sted. Brannen en oarloggen makken dat de sted sunt de 17e iuw yn it neigean rekke. Mei de sekularisaasje waard it stift yn 1803 opheft en yn 1806 ofbrutsen. Sunt de yndustrialisaasje bloeide Gerresheim op 'e nij op, fral troch de stifting fan in glesfabryk yn 1864. Yn 1909 waard Gerresheim by Dusseldorf yndield.

Angermund [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

'Kastiel Angermund.

Hielendal yn it noardlike stedsgebiet leit it yn 1188 foar it earst neamde kastiel Angermund. De greven fan Berg krigen it kastiel yn 'e 12e iuw yn hannen, dat strategysk tusken de rykssteden Duisburg en Kaiserwerth lei en tagelyk it noardlikste punt fan it Bergyske bewald foarme. Under Engelbert fan Berg waard it kastiel sunt 1216 fersterke, mar troch de opkomst fan 'e Bergyske steden Ratingen (1276) en Dusseldorf (1288) ferlear it kastiel syn militere betsjutting. It kastiel mei it doarpke bleau lykwols in bestjoerssintrum. Yn 1975 waard Angermund by Dusseldorf weryndield.

Oare plakken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De alde Sint-Martinustsjerk fan Bilk.

Bilk waard neffens de fynsten al yn 'e 6e of 7e iuw bewenne. Op in dokumint fan 14 febrewaris 799 wurdt der de villa Bilici neamd. De alde Sint-Martinustsjerke datearret ut it begjin fan 'e 8e iuw. Oant 1206 hearde de tsjerke yn it noardliker lizzende fiskersdoarp Dusseldorp (sa't Dusseldorf doe neamd waard) by de parochy Bilk.

Oare plakken yn it Dusseldorfer stedsgebiet, dy't earder neamd waarden as de sted sels binne Kalkum (892), Himmelgeist (904), Hubbelrath (950), Benrath (1005), Westen (1050), Unterrath (1072) en Derendorf, Golzheim, Stockum en Hamm (1100).

Dusseldorf [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Foarstelling fan 'e Slach by Worringen (1288)
Peter Janssen (1844?1908)

Nei de dea fan greve Engelbert II fan Berg kaam der in ein oan 'e tradisjoneel goede relaasjes tusken it Hus Berg en it aartsbisdom Keulen . De erfopfolging foel ta oan hartoch Hindrik fan Limburch en nei de dea fan Walram V fan Limburch, in omke fan Adolf V fan Berg, dy't by it twadde Hus Berg hearde, barste de Limbuger Suksesjestriid los. Hichtepunt fan dy strideraasjes wie op 5 juny 1288 de Slach by Worringen , dy't einige mei in oerwinning op de Keulske aartsbiskop Siegfried fan Westerburg, itjinge foar Adolf V fan Berg de wei frijmakke foar it ferlienen fan 'e stedsstatus oan Dusseldorf.

De skiednis fan Dusseldorf waard sunt de ferheffing ta sted yn 1288 iuwenlang sterk beynfloede troch it Hus Berg en nei de dea fan 'e leste manlike opfolger fan 'e famylje troch de rjochtsopfolgers.

Stedssegel fan Dusseldorf ut 1303.

Doe't Dusseldorf in sted waard wie it net folle mear as in doarp, dat mei ierden walen en greften beskerme waard. Mei 3,8 hektare wie it stedsgebiet hast fiif fuotbalfjilden grut. Alhoewol't yn 2012 by de Lambertusstraße funeminten fun binne fan in iere stedsmuorre, wie in krekte datearing lestich. De muorre soe fuort nei de ferheffing ta sted boud weze kinne. De earste bekende boargemaster wie Wilhelm Rumpold yn 1303, sunt 1358 wie der ek in stedsried, sadat der fanut gien wurdt dat oant dy tiid allinne skepenen de sted bestjoerden.

Yn 1385 waard Dusseldorf de haadsted en residinsje fan it hartochdom Berg. Yn 'e iuwen dernei waarden ferskillende monuminten boud, lykas de kollegiale Sint-Lambertustsjerke. Yn 1609 stoar de line Gulik-Berg-Kleef ut en nei in bluodrige striid oer de opfolging foelen Gulik en Berg yn 'e hannen fan 'e greven fan Palts-Neuburg, dy't Dusseldorf ek ta residinsjested keazen, sels nei't hja de Palts yn 1685 erfden en karfoarsten waarden.

18e iuw [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dusseldorf yn 1647.

De groei fan Dusseldorf wie yndrukwekkend under Jehan Willem fan 'e Palts (regear fan 1690 oant 1716), ek bekend as Jan Wellem. Under ynfloed fan syn frou Anna Maria Lovisa fan Medici stifte er in grutte keunstsamling, de Gemaldegalerie Dusseldorf , dy't bestie ut in grutte kolleksje skilderijen en byldhouwurken.

Dusseldorf yn 1720.

Nei't Jan Wellem sunder neiteam ferstoar briek der foar Dusseldorf in drege tiid ut. Syn opfolger Karel Theodoar wie lykas Jan Wellem in oanhinger fan keunst en wittenskip. Yn 'e Sanjierrige Oarloch (1756-1763) wie de karfoarst mei de keizer ferbun tsjin Prusen . Nei de Slach by Krefeld op 27 en 28 juny tusken Pruysysk-Hannoverske troepen en Franske troepen teagen de Hannoverske oerwinners nei Dusseldorf, der't Franske en Kar-Paltske troepen legere wiene. Nei besjittings namen de Hannoverske troepen de sted fan 'e ferdigeners oer. Njonken huzen waarden ek in soad kleasters en tsjerken fernield, ek al duorren de besjittings net hiel lang. De troepen waarden begjin augustus 1758 wer troch de Fransen ferdreaun, dy't oant 1763 yn 'e sted bleaune.

Sunt 1777 wie Karel Theodoor ek karfoarst fan Beieren . Karel Theodoor befoardere de bou en ferbou fan in soad monuminten yn Kar-Palts en Beieren. Mar ek yn en om Dusseldorf waarden under syn bewald in soad projekten utfierd. Yn dy tiid wie Dusseldorf foar it meast noch in bestjoers- en tsjinstested mei mar beheinde ekonomyske aktiviteit. Fabriken, op wat lytsere produksjebedriuwkes foar sjippe, moster, jittik en printerijen nei, wiene der hast net en de haven yn 'e Ryn hie allinne betsjutting foar Dusseldorf sels om't de hannel oer de skipfeart noch altiten beheind waard troch in alde Keulske stapelwet. Jan Wellem hie earder foar Dusseldorf al trijeris besocht in ein oan dy wet te meitsjen, mar jimmeroan om 'e nocht. Noch flak foar it utbrekken fan 'e Franske Revolusje hie de sted yn 1784 en 1795 te lijen fan heechwetter . Yn 1785 besocht de karfoarst foar it lest Dusseldorf en twa jier letter waard utein set mei de oanlis fan Carlstadt yn it sudeasten fan Dusseldorf.

De baarnende residinsje fan Dusseldorf troch de Franske besjittings.

De Earste Koalyskeoarloch berikte yn 1794 ek Dusseldorf en it Kar-Paltske bestjoer yn Dusseldorf makke him op foar in militer treffen mei Franske troepen. Sa waarden de keunstwurken fan 'e Gemaldegalerie Dusseldorf foar de feiligens nei Osnabruck brocht. Ek al wie de karfoarst op dat stuit noch gjin partij yn it konflikt, Dusseldorf waard op 5 oktober 1794 fanof de lofter kant fan 'e Ryn troch Fransen under fjoer nommen en yn 1795 besetten de Fransen ek dielen rjochts fan 'e Ryn.

It Kongres fan Rastatt (1797-1799) bepaalde dat it hiele gebiet lofts fan 'e Ryn oan Frankryk ofstien wurde moast. Dermei ferlear de nei Saksen flechte en yntusken sike karfoarst Karel Theodoar syn beide hartochdommen Kar-Palts en Gulik. Dat wie tagelyk it begjin fan 'e ein fan beide hartochdommen. Op 16 febrewaris 1799 ferstoar karfoarst Karel Theodoar sunder eigen neiteam en in fier famyljelid, hartoch Maksimiliaan Joazef, folge him op 16 febrewaris 1799 op as karfoarst Maksimiliaan IV fan Beieren .

19e iuw [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei de Frede fan Luneville (1801) moasten de Fransen it hartochdom Berg en sa ek Dusseldorf opjaan, dy't harren werom lutsen op 'e lofter kant fan 'e Ryn. Mar troch in gebietsutruil tusken Karpalts-Beieren, Prusen en Frankryk rekke de sted yn 1806 op 'e nij under Fransk bestjoer. Noch foar de utruil hie karfoarst Maksimiliaan IV de wraldferneamde keunstsamling, steatsbesit fan it hartochdom Gulik-Berg, ferwidere en by it Beierske keunstbesit foege, der't it hjoed-de-dei yn Munchen underdiel foarmet fan 'e Alte Pinakothek . Dusseldorf waard de haadsted fan it Gruthartochdom Berg (1806-1813) en wie no los fan it Hillige Roomske Ryk as in soevereine steat mei Frankryk ferbun. Dy sitewaasje bleau feitlik oant 1813 bestean. Yn 1815 kaam it hartochdom mei Dusseldorf oan Prusen. Mei de kreaasje fan 'e Rynprovinsje waard Dusseldorf yn 'e rin fan 'e tiid it bestjoerssintrum fan ferskillende bestjoerslagen.

Dusseldorf healwei de 19e iuw/

Sunt de ferfanging fan 'e Keulske stapelwet troch de Mainzwet yn 1831 koe Dusseldorf him better untwikkelje. In frije haven (1831) en de oanlis fan ien fan 'e earste stikken spoar fan it lan (1838) makken fan Dusseldorf in sintrum fan yndustrialisaasje. Al tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw hearde Dusseldorf ta de grutte yndustrysteden fan it yn 1871 stifte Dutske Ryk . Yn it tiidrek fan 1880 oant 1900 ferdubele it oantal ynwenners ta 215.000. Troch weryndielings waard de sted ek yn it begjin fan 'e 20e iuw grutter en yn 1909 telde de sted dertroch al 345.000 ynwenners.

Earste Wraldkriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It oanbrekken fan 'e Earste Wraldkriich trof de groeiende sted hast folslein unferwachts. De yndustry moast oerskeakelje op oarlochsproduksje en Dusseldorf waard ien fan 'e grutste sintra fan 'e wapenyndustry yn it Dutske Ryk. De sted feroare yn in befoarriedingssintrum en in plak der't ferwune soldaten ferpleecht waarden. Yn 1915 wiene der 46.000 reservisten yn Dusseldorf stasjonearre en yn 1917 telde de sted likernoch 8.000 sikehusbeden. Troch de ekonomyske delgong sakke de oerslach yn 'e haven oant minder as 30% fan it nivo fan foar it utbrekken fan 'e Earste Wraldkriich en der wie brek oan fan alles, sadat der in soad minsken stoaren. Boppedat kamen mear as 10.000 soldaten nea werom fan it front. Fanwegen de honger brieken yn juny 1917 under de bewenners protesten en plonderingen fan winkels ut.

Ynterbellum [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dutske troepen yn Dusseldorf om de oarder yn 1919 te hanthavenjen.

Matroazen ut Keulen brochten sunt novimber 1918 de novimberrevolusje nei Dusseldorf. Yn 1919 waarden grutte demonstraasjes en stakings organisearre. De unrest soarge foar fule konfrontaasjes tusken marksisten en sosjalisten oan 'e iene kant en reaksjonere kreften oan 'e oare kant. Oant 1933 soe Dusseldorf foar it grutste part in reade sted yn Prusen mei in sterke arbeidersbeweging bliuwe.

Op 8 maart 1921 besetten Franske en Belgyske troepen Dusseldorf en oare steden yn it Ruhrgebiet omreden dat it regear net yn steat wie om de 269 miljard goudmarken as reparaasjefergoeding ut it Ferdrach fan Versailles te beteljen. Mei't it Dawesplan op 1 septimber 2025 oannommen waard, kaam der ek in ein oan 'e besetting fan it Ruhrgebiet.

Strafproses [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under grut ynternasjonaal omtinken fan 'e parse begun op 13 april 1931 yn Dusseldorf it strafproses tsjin ien fan 'e spektakulerste delikten fan 'e Weimar Republyk . De searjemoardner Peter Kurten , ek bekend as de 'fampier fan Dusseldorf' fanwegen syn foarleafde foar bloed, moast foar it rjocht komme. Hy waard op 21 april 1931 skuldich ferklearre oan 'e moard op in grut tal slachtoffers en ta de dea feroardiele, dy't op 2 july yn Keulen utfierd waard. Yn Dutslan feroarsake it proses op 'e nij in debat oer de deastraf . It ynspirearre de regisseur Fritz Lang yn 1931 ta it meitsjen fan 'e spylfilm M ? Eine Stadt sucht einen Morder .

Nasjonaalsosjalisme en Twadde Wraldkriich [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1937 waard as underdiel fan 'e aksje Entartete Kunst wurken ut keunstkolleksje fan 'e sted ferwidere en ferneatige. Op 10 novimber 1938 baarnden by de pogroms tsjin joaden de synagoges oan 'e Kasernenstrasse en yn Benrath. De hiele joadske befolking waard ferfolge en teminsten 18 minsken waarden fermoarde. De deportaasje fan hast 6.000 joaden ut it hiele Regierungsbezirk waard yn gong set en op 27 oktober 1941 reizge de earste trein mei 1.003 joaden ut Dusseldorf en de Nederryn fan it stasjon Derendorf nei Dutske konsintraasjekampen yn it besette Poalen . Goed 2.200 Dusseldorfer joaden waarden fermoarde. Yn 1944 libben tsientuzenen butenlanske arbeiders en kriichsfinzenen yn 'e hunderten kampen fan Dusseldorf om twangarbeid te dwaan.

Dusseldorf nei it bombardemintl fan 23 septimber 1944.

De earste bommen foelen al yn 1940 op Dusseldorf. Oant 1945 ferstoaren mear as 5.000 minsken troch de bombardeminten. Hast de helte fan alle gebouwen waard ferneatige en om 90% rekke skansearre. Alle bregen, de measte strjitten, de diken tsjin it heechwetter en oare ynfrastruktuer fan 'e sted wiene foar it measte fernield. Sunt 28 febrewaris 1945 wie Dusseldorf in frontsted, dy't fanof de lofter kant fan 'e Ryn san wiken lang under Amerikaansk fjoer holden waard oant op 17 april 1945 de Amerikanen de sted sunder grutte striid ynnamen. Op dat stuit wenne noch mar de helte fan 'e ynwenners yn 'e teheistere sted.

Heechbou ut de jierren 1950.

Tsjin 'e ein fan 1945 wennen der al wer 394.765 yn Dusseldorf. Troch de sintrale lokaasje en it bestean fan noch yntakte bestjoersgebouwen waard Dusseldorf as fanalds wer in polityk sintrum. Troch wenningneedprogramma's waarden yn 1947 al likernoch 70.000 huzen ter beskikking steld. Yn 1949, it jier fan 'e stifting fan 'e Bunsrepublyk Dutslan , wennen der wer likefolle minsken as foar de oarloch.

Oan it begjin fan 'e jierren 1950 begun de systematyske weropbou en sunt healwei de jierren 1950 untstie de earste heechbou.

Stedsgebiet [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dusseldorfer distrikten.

It stedsgebiet fan Dusseldorf bestiet ut tsien stedsdistrikten, dy't yn 49 wiken under te ferdielen binne. ELts distrikt hat in eigen fertsjintwurdiging fan 19 leden, dy't by de gemeenteriedsferkiezings keazen wurden. De tsien stedsdistrikten mei de wiken binne:

  • Distrikt 1 : Altstadt, Carlstadt, Derendorf, Golzheim, Pempelfort, Stadtmitte
  • Distrikt 2 : Dusseltal, Flingern-Nord, Flingern-Sud
  • Distrikt 3 : Bilk, Flehe, Friedrichstadt, Hafen, Hamm, Oberbilk, Unterbilk, Volmerswerth
  • Distrikt 4 : Heerdt, Lorick, Niederkassel, Oberkassel
  • Distrikt 5 : Angermund, Kaiserswerth , Kalkum, Lohausen, Stockum, Wittlaer
  • Distrikt 6 : Lichtenbroich, Morsenbroich, Rath, Unterrath
  • Distrikt 7 : Gerresheim, Grafenberg, Hubbelrath, Ludenberg
  • Distrikt 8 : Eller, Lierenfeld, Unterbach, Vennhausen
  • Distrikt 9 : Benrath, Hassels, Himmelgeist, Holthausen, Itter, Reisholz, Urdenbach, Wersten
  • Distrikt 10 : Garath, Hellerhof

Ekonomy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Dusseldorf Airport.

Dusseldorf is ien fan 'e Dutske steden mei de heechste ekonomyske produktiviteit. Njonken de sintrale lokaasje is dat ek te tankjen oan 'e lofthaven Dusseldorf International en de Messe Dusseldorf mei wichtige beurzen. De sted is in sintrum foar reklame, Europeeske patinten, telekommunikaasje en bedriuwsadvisearing. Ek is Dusseldorf de sted fan 'e moade mei alle jierren de grutste moadebeurs fan 'e wrald. Njonken Frankfurt is Dusseldorf boppedat in finansjeel sintrum. In soad ynternasjonale bedriuwen hawwe yn Dusseldorf harren haadkantoar.

Kultuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De sted is ryk oan teaters en musea en hat altiten in wichtich sintrum west foar de keunst. Karfoarst Jehan Willem fan 'e Palts stifte in keunstgalerij mei wurken fan u.o. Rubens, dy't hjoed-de-dei de basis foarmje fan 'e Alte Pinakothek yn Munchen. Yn'e 19e iuw hie de Dusseldorfer Malerschule (Oswald Achenbach) grutte ynfloed op 'e skilderkeunst. Nei de Twadde Wraldkriich sette Joseph Beuys syn stimpel op 'e keunstwrald yn Dusseldorf. Oant hjoed-de-dei binne der yn Dusseldorf belangrike keunstners aktyf.

Bouwurken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Konigsallee .

Fan 'e histoaryske binnensted binne net in soad alde monuminten mear te finen. Derfoar moat de besiker mear buten de Altstadt sjen, lykas yn Gerresheim en Kaiserswerth.

Ien fan Dutslan's drokste winkelstrjitten is de Schadowstraße . Bekender fanwegen de eksklusive winkels is de Konigsallee , koartwei ek die Ko . Karakteristyk foar de Konigsallee is it kanaal mei oan wjerssiden monumintale beammen. Mei in breedte fan 87 meter is de Konigsallee de breedste strjitte fan Dutslan.

Dusseldorf hat noch in grut tal monumintale tsjerken en ferskillende 17e, 18e of 19e-iuwske kastielen. Guon derfan binne lykwols alder.

Rivaliteit mei Keulen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De folkloaristyske striid tusken Dusseldorf en Keulen op Rosenmontag yn Dusseldorf

Der wurdt faak sein dat der sunt de Slach by Worringen (1288) in soarte fan fijanskip bestiet tusken de ynwenners fan Keulen en Dusseldorf, mar dat is histoarysk net wier om't de ynwenners fan Dusseldorf doe oan 'e kant fan Keulen meifochten.

De rivaliteit tusken de twa steden sette pas tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw yn, doe't Dusseldorf troch de yndustrialisaasje hiel hurd begun te groeien. Hjoed-de-dei hat de rivaliteit tusken de steden in mear folkloaristysk karakter, dy't fral ek yn 'e karnavalstiid utere wurdt.


Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dutske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Geschichte der Stadt Dusseldorf en de:Dusseldorf


 
Noardryn-Westfalen
Flagge fan Noardryn-Westfalen
Regierungsbezirke

Arnsberg - Detmold - Dusseldorf - Keulen - Munster

Landkreise
Aken - Borken - Coesfeld - Duren - Ennepe-Ruhr-Kreis - Rhein-Erft-Kreis - Euskirchen - Gutersloh - Heinsberg - Herford - Hochsauerlandkreis - Hoxter - Kleef - Lippe - Markischer Kreis - Mettmann - Minden-Lubbecke - Rhein-Kreis Neuss - Oberbergischer Kreis - Olpe - Paderborn - Recklinghausen - Rheinisch-Bergischer Kreis - Rhein-Sieg-Kreis - Siegen-Wittgenstein - Soest - Steinfurt - Unna - Viersen - Warendorf - Wesel

Kreisfreie Stadte
Aken - Bielefeld - Bochum - Bonn - Bottrop - Keulen - Dortmund - Duisburg - Dusseldorf - Essen - Gelsenkirchen - Hagen - Hamm - Herne - Krefeld - Leverkusen - Monchengladbach - Mulheim an der Ruhr - Munster - Oberhausen - Remscheid - Solingen - Wuppertal