한국   대만   중국   일본 
Che Guevara - Wikipedy Springe nei ynhald

Che Guevara

Ut Wikipedy
Che Guevara, Kuba 1959

Ernesto "Che" Guevara ( Rosario ( Argentynje ), 14 juny 1928 - La Higuera ( Bolivia ), 9 oktober 1967 ), ek wol Che Guevara of koartwei Che neamd, wie in Argentysk marksistysk revolusjoner , politikus , skriuwer , dokter en guerrilla -strider.

Guevara is in ferneamd revolusjoner. Hy wie ien fan de foaroanmannen by de machtsoername op Kuba yn 1959 . Dernei focht er yn Kongo . Syn leste rebulje wie yn Bolivia .

Bernetiid en jonkheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Ernesto Guevara wie hikke en tein yn Rosario, Argentynje . Guevara hat al syn libben problemen han mei syn sunens. Doe't er trije wie krige er lest fan astma . Hy lies in protte, sawol boeken fan Sigmund Freud , Charles Baudelaire , Karl Marx en Giovanni Boccaccio , mar ek minder swiere boeken lykas 'Robinson Crusoe' en 'De trije musketiers'. Guevara wie yn syn jeugd by ferskillende sportferienings aktyf, mar rugby wie syn favoryt. Yn 1948 gong Guevara nei de universiteit fan Buenos Aires en studearre der medisinen. Yn 1951 makke er in motorreis troch Latynsk-Amearika mei syn maat Alberto Granado . It doel fan dy reis wie de leprakoloanje oan de rivier de Amasone yn Peru , der't sy as frijwilligers oan 't wurk woenen. It deiboek fan syn reis, The Motorcycle Diaries , waard in bestseller (ferfilme yn 2004).

Kuba [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1955 slut Guevara him oan by de 26 july beweging (ofkoarting: M-26-7), de guerrillabeweging fan Fidel Castro . Yn Meksiko tugden de leden fan de M-26-7 in boat oan der't se mei nei Kuba farren. Op 2 desimber 1956 kamen hja yn Kuba oan. It Kubaanske leger wachte al op de guerrillastriders, dy't fan it stran ta de jungle yn besochten te flechtsjen. 12 fan de 82 revolusjoneren oerlibben de flecht, sa ek Guevara. Yn de bergen fan de "Sierra Maestra" wurken de revolusjoneren oan in nij legerke. De soldaten fan dat legerke wienen benammen boeren en yntellektuelen. Guevara krige al gau de heechste rang, dy fan "Comandante", en waard sa bunsmaat fan Castro. By de revolusje naam Guevara de eksekusje fan ynformanten, ferrieders en spionnen op syn noed. De M-26-7 beweging makke twa jier rebulje op Kuba en koe 1 jannewaris 1959 de politike macht oernimme fan diktator Fulgencio Batista .

Nei Kuba [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1965 makke Guevara in reis nei Kongo , om mei de rebellen der te striden. De revolusje yn Kongo wie gjin sukses. Guevara moast him mei oare Kubaanske troepen weromluke ut de striid. Nei de mislearre revolusje makke er in reis nei ferskillende lannen. Hy reizge fan Kongo nei Tanzania , Praach , Kuba (geheime reis), Moskou , Praach, Wenen nei Bolivia . Op 3 novimber 1967 sluet er him by de oare revolusjoneren yn Bolivia oan. De striid fan de revolusjoneren yn Bolivia mei sa'n 50 guerrillas hie yn maart 1967 sukses. Dochs krigen de guerrillas gjin stipe fan de boeren en ek net fan de Kommunistyske Partij. It leger fan Bolivia waard sterker en krige ek noch stipe fan de Feriene Steaten . Op 8 oktober waard Guevara ferret troch in deserteur. Syn eksekusje wie in dei letter.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Hans Achterhuis Ernsto Guevara: een nieuwe mens in een communistische maatschappij , yn Filosofen van de derde wereld: Frantz Fanon, Che Guevara, Paulo Freire, Ivan Illich, Mao Tse-Toeng , 'tj.. Ambo, Bilthoven (1975); sd.48-62.
  • Jon Lee Anderson Che Guevara, A Revolutionary Life , ISBN 0-8021-3558-7
  • Jean Cormier Che Guevara , ISBN 90-445-0681-1
  • Carlos Tablada Het economisch denken van Che Guevara , Ned. oerset. Uitg. EPO, 1995, ISBN 90-6445-816-2


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Che Guevara fan Wikimedia Commons .