Brief oan Titus

Ut Wikipedy
Brief oan Titus
algemiene gegevens
oarspr. titel Επιστολ? προ? Τ?το
("Epistoli pros Tito")
auteur Paulus (?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 63 ? 150 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Twadde Brief oan Timoteus
● folgjend diel Brief oan Filemon
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief oan Titus
publikaasje 1933 , Haarlim
utjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes  en  E.B. Folkertsma

It Brief oan Titus , yn it oarspronklike Gryksk : Επιστολ? προ? Τ?το , Epistoli pros Tito , ek wol koartwei Titus neamd, is it santjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel . It is de tolfde fan 'e brieven , en heart ta de Pastorale Brieven en yn bredere sin ta de Brieven fan Paulus . De earste folsleine Fryske oersetting fan Titus stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan du. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma , dy't yn 1933 utkaam.

Skriuwer en oarsprong [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Neffens de tsjerklike tradysje wurdt dit brief oan 'e apostel Paulus taskreaun, mar der is sunt de njoggentjinde iuw under bibelwittenskippers en teologen twifel oer untstien. Yn elts gefal liket Titus kwa ynhald en taaleigen sa bot op twa oare Pastorale Brieven , 1 Timoteus en 2 Timoteus , dat dy trije suver wol troch ien en deselde persoan skreaun weze moatte, oft dat no Paulus wie of net.

Tradisjoneel wurdt Titus datearre tusken 63 en 67 , mar dan giet men derfan ut dat Paulus it brief skreaun hat. It frij koarte brief is skreaun oan Paulus syn jongere mei-apostel Titus , dy't, sa docht bliken, in liedend amt beklaait yn 'e tsjerke op Kreta ; de ynhald bestiet foar it meastepart ut goerie en warskogings fan syn mentor Paulus. Yn Titus wurd ferwiisd nei in besyk fan Paulus oan Kreta ( Tit. 1:5), dat net it besyk west hawwe kin dat yn Hannelingen 27:7 beskreaun stiet, fan hoe't it skip Kreta oandie der't Paulus as finzene mei nei Rome ta brocht waard. De tradisjonele utlis is dat Paulus nei syn twajierrige finzenskip yn Rome (sjoch: Hannelingen 28:30) weromkearde nei it easten, Kreta bylans sylde en der Titus oanstelde, doe nei de sted Efeze , oan 'e westkust fan Lyts-Aazje , ta gie en der syn oare meiwurker Timoteus efterliet, wernei't er him nei Masedoanje bejoech. Der soed er de beide brieven oan Timoteus en it brief oan Titus wei skreaun hawwe.

De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij ut 'e 16de iuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in slaaf .)

Ynhald [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It Brief oan Titus is ien fan 'e koartere brieven fan Paulus. De apostel begjint it mei in ynlieding en groetnis ( Tit. 1:1-4), wernei't er yngiet op 'e opdracht dy't er by harren ofskie op Kreta oan Titus jun hat ( Tit. 1:5-9), om 'e tsjerken op it eilan op oarder te bringen. Dan giet er fierder mei rie oangeande it bestriden fan lju dy't dwaallearen ferkundigje ( Tit. 1:10-16), en oer hoe't kristenen har hearre te halden en te dragen, sawol underling as nei butensteanders ta ( Tit. 2:1-3:11). Nei noch wat persoanlike meidielings ( Tit. 3:12-14), beslut Paulus syn brief mei in groetnis en in seiniging ( Tit. 3:15).

Fryske oersetting [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 1919 joech du. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe u.m. in oersettingsfragmint fan eigen han fan Tit. 3:3-8 ut. De earste folsleine Fryske oersetting fan Titus stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma , dat yn 1933 utkaam en dat fan 1943 of underdiel utmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 of wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 utkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslan , it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel ). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebruk is, yn 'e foarm fan 'e trede, ferbettere druk fan 1995 . De oersetting fan Titus waard derby dien troch drs. H. Dijkstra , dy't op taalkundich med understipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sunder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sunder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817 .

Foar sekundere boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis  | Exodus  | Leviticus  | Numeri  | Deuteronomium  | Jozua  | Rjochters  | Ruth  | 1 Samuel  | 2 Samuel  | 1 Keningen  | 2 Keningen  | 1 Kroniken  | 2 Kroniken  | Ezra  | Nehemia  | Ester  | Job  | Psalmen  | Spreuken  | Preker  | Heechliet  | Jesaja  | Jeremia  | Kleilieten  | Ezechiel  | Daniel  | Hosea  | Joel  | Amos  | Obadja  | Jona  | Micha  | Nahum  | Habakuk  | Sefanja  | Haggai  | Sacharja  | Maleachy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit  | Wysheid fan Salomo  | Tobit  | Jezus Sirach | Baruch  | Brief fan Jeremia  | 1 Makkabeeers  | 2 Makkabeeers  | Ester (Gryksk)  | Taheakken op it Boek Daniel  ( Azarja  ? Suzanne  ? Bel en de Draak )
Nije Testamint
Matteus  | Markus  | Lukas  | Jehannes  | Hannelingen  | Romeinen  | 1 Korintiers  | 2 Korintiers  | Galatiers  | Efeziers  | Filippiers  | Kolossers  | 1 Tessalonikers  | 2 Tessalonikers  | 1 Timoteus  | 2 Timoteus  | Titus  | Filemon  | Hebreeers  | Jakobus  | 1 Petrus  | 2 Petrus  | 1 Jehannes  | 2 Jehannes  | 3 Jehannes  | Judas  | Iepenbiering