Blues

Ut Wikipedy
Ma Rainey (1886-1939) krige de bynamme "Mem fan de blues".
Taj Mahal Blues Trio

Blues is in fokale en ynstrumintale muzykfoarm dy't untwikkele is ut de Afrikaansk Amearikaanske work song's . Blues hat in grutte ynfloed han op lettere populere muzyk, sawol yn Amearika as der buten. De ynfloed fan Blues is werom te finen yn jazz , rhythm and blues , rock and roll likegoed as yn de konvinsjonele popmuzyk en sels yn moderne klassike muzyk .

De betide plattelans blues untstie oan 'e ein fan 19e, begjin 20e iuw yn de sudlike steaten fan de Feriene Steaten . Der waarden ienfaldige ynstruminten brukt, benammen de akoestyske gitaar , piano en de mulharp . De lieten hiene in grut ferskaat oan struktuer en skema's , mar de 12-maats en 8-maats blues oerhearsken.

W.C. Handy wie ien fan de earste muzikanten mei in knappe muzykoplieding, dy't de bluesmeldijen yn in moderne styl oanbea oan bands en sjongers. Hy soe ferskate bluesstikken skriuwe werfan The Saint Louis Blues faaks de bekendste is.

Tekstueel wiene de earste blues numers tige simpel fan opbou: Ien sin dy't twa as trije kear werhelle wurde. Underwerpen wiene faaks de misere fan it libben, mar wol meast mei in kwinkslach en de nedige (sels)spot.

Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
Rebecca, Rebecca, get your big legs off of me,
It may be sending you baby, but it's worrying the hell out of me.

Fan 1917 of begjinne ek jazzbands bluesstikken op te nimmen. De blues ut de 20-er jierren soe it leitmotyf foar de Amearikaanske populere muzyk wurde. Yn dy tiid waarden in soad opnames makke troch sjongers as Blind Lemon Jefferson , Blind Blake en Robert en Lonnie Johnson . Ek froulike bluesartysten wiene yn dy tiid tige populer, under harren Mamie Smith , Gertrude "Ma" Rainey , Bessie Smith , en Victoria Spivey .

Yn de 40-er en 50-er jierren naam mei de urbanisaasje, ek it bruken elektroanysk fersterke muzykynstruminten ta. Benammen yn steden as Chicago wie de blues populer mei as bekende artysten Howling Wolf en Muddy Waters . De elektroanyske blues soe uteinlik rock and roll opleverje.

Yn de jierren 60 en 70 wiene it artysten as Eric Clapton , Janis Joplin , Eric Burdon en Jimi Hendrix dy't sterk beynfloede waarden troch sawol de betide as elektroanyske, Chicago blues .

De film The Blues Brothers makke yn de 80-er jierren dat blues ek by in grut, jong publyk bekend waard.

Yn Nederlan wie it de Drint Harry Muskee dy't mei syn band under de namme Cuby&Blizzards yn it clubsirkwy oan it begjin fan de santiger jierren furoare makke. Ek yn de muzyk fan ald-Blizzard Herman Brood wiene de blueswoartels faak noch goed te hearren.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Smokestack Lightin' Internet Bluesradio
It jier fan de Blues