Bert Goedkoop

Ut Wikipedy
Bert Goedkoop
sporter
Bert Goedkoop yn 2008
Bert Goedkoop yn 2008
persoanlike bysunderheden
bertedatum 15 febrewaris 1956
sportive ynformaasje
sport Follybal

Bert Goedkoop ( 15 febrewaris 1956 ) is in ald Nederlansk follybalspiler en follybaltrainer. Op dit stuit is er technysk direkteur fan de NeVeBo , it Nederlanske follybalbun.

Profyl [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Bert Goedkoop begun syn karriere as follybaltrainer yn 1988, hy die dat op klupnivo. Hy waard doe trainer fan Martinus . Yn 1990 gie er nei Belgje om der de klup Maaseik te trainen. Yn 1993 waard er oansteld as haadtrainer fan de Nederlanske follybalploech by de froulju . Twa jier letter waard der in grut sukses helle: op it Europeesk kampioenskip waard in gouden medalje helle. Ek einige er mei de ploech op in fyfde plak by de Olympyske Simmerspullen fan 1996 yn Atlanta .

Yn 2001 waard Goedkoop trainer fan de Nederlanske follybalploech by de manlju . By de World League fan 2001 waard de ploech yn Katowice , Poalen , knap sande. By it toernoai yn 2002 hie Goedkoop in ploech dy't ferjonge wie, dy ploech waard wer sande. Letter it jier waard yn Argentynje op it Wraldkampioenskip in njoggende plak helle.

Nei in teloarstellend Europeesk kampioenskip 2011 by de froulju waard Avital Selinger untslein as bunstrainer. Bert Goedkoop naam dernei de lieding fan de ploech oer. Hy wie ynterim-trainer foar de wedstriden dy't spile waarden yn it Pre-Olympysk Kwalifikaasje toernoai. Dernei soe der in nije bunstrainer oansteld wurde.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: