한국   대만   중국   일본 
Barnstien - Wikipedy Springe nei ynhald

Barnstien

Ut Wikipedy
Barnstien
Barnstien mei ynsekten
Barnstien mei opsletten kakkerlak
Sieraden fan barnstien
Barnstienfisker op it Eastseestran by Dantzig, Poalen

Barnstien of amber (fan it Franske ambre , dat fia-fia weromgiet op it Perzyske ambar ) is in fossyl hars dat fan nullebeammen komt ( Pinus succinifera ). De hars is miljoenen jierren lyn ut de beammen frijkaam en dernei ferstienne. Barnstien stammet ut it Mesosoikum oant it Kwarter . Eartiids waard in grutte mannichte hars produsearre troch beammen yn it Eastseegebiet . Nei de iistiid is it barnstien ut de grun spiels en yn see te lane kaam. Jonger, net fossilisearre barnstien hjit ' kopal '.

Barnstien is meast waarmgiel oant donkerread fan kleur, mar der binne ek mear grien-, blau- of sels swartkleure soarten. Trochsichtich barnstien wurdt yn 't generaal it moaist fun en is it djoerst. Amber is ek in dunkergielige kleur.

Mineralogysk besjoen hat barnstien in amorfe struktuer. It is frij seft, de hurdensgraad is 2-2,5.

Etymology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wurd barnstien - Dutsk Bernstein - komt fan it Nedersaksysk wurd bornen dat 'baarnen' betsjut. De healedelstien wol yndie baarne. Barnstien hjit yn 't Ingelsk amber . Yn it Nederlansk ek wol, mar meast wurdt mei amber de kleur amber bedoeld, as in guod ut de terms fan de potfisk wat wol yn rukersguod ferwurke wurdt.

De Romeinen begrypten al dat barnstien earst floeiber wie en dat der sa ynsekten yn festrekke wiene. Derom neamden hja de stien succinum oftewol 'gom-stien'. De namme komt no noch under mear foar yn succinic acid ( barnstiensoer ), yn de wittenskiplike namme foar de dinnesoarte Pinus succinifera en foar in groep lanslakken, de Barnstienslakken, mei harren barnstiengiele slakkehus ( Succinea putris ).

Barnstien wurdt elektrysk laden troch wriuwen oer in bistefacht. Om dy reden is de term elektrisiteit oflaat fan it Gryske wurd foar barnstien, elektron (Latyn: electrum ). [1]

Gemy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Barnsteen bestiet fral ut koalwetterstoffen , meast koalhydraten meidat it ut organysk guod untstien is. Under de ferstienning fan de hars binne de koalhydraten alle soerstofatomen ferlern. De koalwetterstoffen kinne tige lange keatlings foarmje, saneamde makromolekulen . Meidat it barnstien ut koalwetterstoffen bestiet wol it baarne.

Fynplakken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It wichtichst fynplak fan barnstien is it Eastseegebiet . It skiereilan Samlan yn it Russyske oblast Kaliningrad is goed foar 90% fan de wraldproduksje (de oblast Kaliningrad wurdt somtiids wol Янтарный край neamd, dat betsjut 'barnstiengebiet').
Barnsteen wurdt lykwols ek op it stran fun. Fral yn Denemark spielt it noch oan, mar ek op de Nederlanske waadeilannen . Eartiids wie Denemarken see mei eilannen. Derom wurdt der ek op itsran barnstien fun. Lytse bytsjes wurde fun yn Syrie , Libanon , Tailan , Fietnam , Kanada , de FSA en Dutslan . Blauwe barnstien ('blauwe amber') wurdt fun yn de Dominikaanske Republyk .

Gebruk fan barnstien [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn alle perioaden fan de prehistoarje waard barnstien brukt as sieraad en foar knopen. De rindierjagers fan de Hamburchkultuer , dy't om 11000 f.Kr. hinne, oan de ein fan de leste iistiid omreizgen brukten barnstien. Barnstien is op pakken fan harren eardere kampen yn Nederlan opdold by Oerterp , Vledder , by Swifterband en yn hunebeden . Klaai en fean binne geunstich foar de konservearring fan barnstien. Yn sangrun ferwaret it gau en krijt it ek in sankleur. Faaks wurdt it derom net faak fun yn mesolityske delsettingen op Nederlanske sangrunen.

Barnstien yn de mytology [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de Grykske mytology liet de god Helios op in dei syn soan Feton de sinnewein bestjoere. Phaeton koe de hynders lykwols net op 'e team halde, derom ferskroeide de sinne himel en ierde. Sadwaande krigen de minsken yn Etioopje harren donkere hud. Om de ierde te reden smyt Seus mei wjerljocht nei Feton dy't dertroch dea delfalt. De susters fan Feton, de Heliaden, beskriemden him. Harren triennen stjurje op 'e grun ta barnstien.

De Grykske mytologyske Elektra wurdt identifisearre mei barnstien (sjoch boppe under Etymology). Barnstien kaam neffens de Griken fan de barnstieneilannen yn de muning fan de legindaryske Barnstienrivier yn it hege Noarden, de Eridanos .

Barnstienrutes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn de aldheid waard barnstien mei in protte winst ferhannele. Karavanen hawwe iuwenlang foar Kristus de fynplakken oan de Eastsee ( Estlan ) en Noardsee ( Denemarken ) mei de ofnimmers yn it Middellanske Seegebiet ferbun oer de ferskate barnstienrutes .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Naamgeving van Elektron
  • (ned) Schoo, J., 1933. Het barnsteeneiland Austeravia en de barnsteenrivier Eridanus . Tijdschrift van het Koninklijk Nederlandsch Aardrijkskundig Genootschap, 50: 13 s.