한국   대만   중국   일본 
Australaazje - Wikipedy Springe nei ynhald

Australaazje

Ut Wikipedy
De lokaasje fan Australaazje yn 'e wrald.

Australaazje is in regio yn it wralddiel Oseaanje , dy't yn elts gefal Austraalje en Nij-Seelan omfiemet, al wurdt Nij-Seelan ek ta de regio Polyneezje rekkene. Histoarysk waarden ek it eilan Nij-Guinea en oare nei-oan leine eilannen, lykas Nij-Kaledoanje , de Nije Hebriden en de Salomonseilannen , ta Australaazje rekkene, mar as men de term tsjintwurdich brukt, wurde meastal allinnich Austraalje en Nij-Seelan bedoeld.

De flagge der't it Australazyske tiim yn 1908 en 1912 under meidie oan 'e Olympyske Spullen .

De namme "Australaazje" waard betocht troch de Franske skriuwer Charles de Brosses , dy't him foar it earst brukte yn syn Histoire des navigations aux terres australes , ut 1756 . It is in gearstalling fan austral ( Latyn foar "sud") en "Aazje", en betsjut dus eins "Besuden Aazje".

Der binne yn Austraalje en Nij-Seelan ek tsjintwurdich noch tal fan organisaasjes werfan't de namme begjint mei Australasian Society of ("Australazysk Genoatskip fan") of Royal Australasian Society of ("Keninklik Australazysk Genoatskip fan"). Hoewol't Australaazje eins in grutter gebiet beslacht, wurdt it yn sokke gefallen inkeld foar Austraalje en Nij-Seelan brukt, by brekme oan in better wurd foar dy geografyske subdifyzje. Yn it ferline hawwe Austraalje en Nij-Seelan ek ferskate kearen mei in mienskiplik tiim under de namme Australaazje meidien oan grutte ynternasjonale sporteveneminten , lykas it Davis Cup - tennistoernoai yn 1905 en 1915 , en de Olympyske Spullen fan 1908 en 1912 .

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: Notes en References , op dizze side .