Argyf

Ut Wikipedy
In argyf, mei de argyfstikken opburgen yn argyfdoazen.

In argyf , fan it Grykske ?ρχε?ον, archeion ("riedshus"), fia it Latynsk archium of archivum en Franske archives ( meartal ), is in samling histoaryske dokuminten , of it fysike plak der't sa'n samling opslein is. Argiven kinne it best beskoge wurde as opslachplakken foar wichtige ynformaasje , dy't festlein is yn teksten , mar ek yn lankaarten , fotomateriaal , films en fideo's . Immen dy't in argyf beheart, is in argivaris . In dokumint ut in argyf wurdt oantsjut as in argyfstik . Sokke argyfstikken binne primere boarnen dy't har opheape hawwe yn 'e rin fan it libben fan in persoan of it bestean fan in organisaasje (bgl. in steat ). Se wurde bewarre om 'e funksje fan dy persoan of organisaasje sjen te litten, of om letter weromsykje te kinnen hoe't yn it ferline mei in beskate kwestje omgien is.

Ut it perspektyf fan argivarissen en histoarisy besjoen, wurde argiven oer it algemien beskoge as ferslaggen , ofskriften , aginda's , notulen , brieven , oarkunden , akten , deiboeken en oare offisjele dokuminten, dy't fansels en needsaaklikerwize fuortbrocht wurde as byprodukt fan it gewoane juridyske , kommersjele , bestjoersmjittige en maatskiplike ferkear. Yn dy sin wurde argyfstikken dudlik underskaat fan dokuminten dy't bewust en mei opsetsin skreaun of op in oare wize skepen binne mei as doel om in beskaat boadskip oan it neislachte oer te bringen .

De doer fan 'e bewarring fan 'e dokuminten dy't yn argiven opnommen binne, ferskilt. Foar in protte argyfstikken dy't troch oerheidsynstansjes generearre wurde, lykas kopyen fan oanfragen fan rydbewizen en paspoarten , of de stikken dy't opnommen wurde yn in miljeudossier , stiet in beskate bewarringsdoer. Faak giet it derby om fyftjin of tweintich of fiifentweintich jier, wernei't sokke stikken offierd en ferneatige wurde. Dat is needsaaklik om't argiven oars meitiid folslein ferstoppe reitsje soene mei argyfstikken der't nimmen ea noch nei omseach. Wichtige dokuminten, oan 'e oare kant, wurde utkeazen foar langere of permaninte bewarring op grun fan har kulturele , histoaryske of bewiismjittige wearde.

It komt faak foar dat in argyf mei in bibleteek itselde gebou dielt. Argyfstikken binne lykwols ornaris unpublisearre en suver altyd unyk, oars as boeken en tydskriften , der't withoefolle identike eksimplaren fan besteane. Dat betsjut dat argiven har op it med fan funksje en organisearring sterk underskiede fan bibleteken , ek al wurde beide soarten ynstellings brukt foar de opslach fan dokuminten. Argiven fan 'e oerheid binne yn 'e measte gefallen frij tagonklik foar it publyk . Sunt likernoch 2000 wurde argiven gauris digitalisearre , sadat de argyfstikken (ek) fia it ynternet tagonklik wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .