한국   대만   중국   일본 
Amerikaansk Hus fan Offurdigen - Wikipedy Springe nei ynhald

Amerikaansk Hus fan Offurdigen

Ut Wikipedy
Teken fan Hus fan Offurdigen

It Amerikaansk Hus fan Offurdigen ( Ingelsk : United States House of Representatives ) is it legerhus fan it Amerikaansk Kongres , it parlemint fan 'e Feriene Steaten . It hat 435 leden.

Mei ferkiezings wurdt it tal minsken mei kiesrjocht dield troch 435, en dat is dan it tal distrikten der't daliks keazen wurde kin foar in politikus yn it Hus fan Offurdigen. Omdat der om de tsien jier keazen wurdt, wurdt der om de tsien jier in folkstelling holden. De grinzen fan it kiesdistrikt foar it Hus fan Offurdigen kin om de tsien jier, mei de ferkiezings, ferskood wurde. Wis is al dat eltse steat ien sit yn it Hus fan Offurdigen hat.

De foarsitter fan it Hus (de speaker ) is in wichtich persoan yn de Amerikaanske polityk. Nei de fise-presidint is hy of hja de twadde mooglike opfolging foar de presidint . As it Hus en de presidint ferskillende partijen fertsjinwurdigje, kin de foarsitter fan it Hus as lieder fan de opposysje beskoge wurde.

Sunt de Amerikaanske parlemintsferkiezings 2006 hawwe de Demokraten 233 sitten, de Republikeinen 202 sitten yn it Hus.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]