한국   대만   중국   일본 
Amelia Earhart - Wikipedy Springe nei ynhald

Amelia Earhart

Ut Wikipedy
Amelia Earhart
Amelia Earhart foar har Lockheed Model 10-E Electra, 1937
Amelia Earhart foar har Lockheed Model 10-E Electra , 1937
persoanlike bysunderheden
echte namme Amelia Mary Earhart
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 24 july 1897
berteplak Atchison ( Kansas )
stoarn 2 july 1937 (ferdwun)
stjerplak Stille Sudsee underweis fan
    Nij-Guinea nei Howland
etnisiteit Ingelsk
Dutsk
wurkpaad
berop/amt piloate
aktyf as loftfeartpionier
jierren aktyf 1925 ? 1937
prizen Distinguished Flying Cross 1932
offisjele webside
www.ameliaearhart.com

Amelia Earhart ( utspr. : [??miːli? ??ː?h?ː?t], likernoch: "uh- mii -li-uh er -haart"; folut: Amelia Mary Earhart ; Atchison ( Kansas ), 24 july 1897 ? ferdwun boppe de Stille Sudsee , underweis fan Lae yn Nij-Guinea nei it eilan Howland , 2 july 1937 , formeel dea ferklearre 5 jannewaris 1939 ) wie in Amerikaansk loftfeartpionier . Hja wie de earste froulike piloat dy't allinne oer de Atlantyske Oseaan fleach. Earhart festige dernjonken in grut tal oare rekors en skreau ferskate bestsellers oer har underfinings by it fleanen . Se spile in rol fan krusjaal belang by de oprjochting fan The Ninety-Nines , in organisaasje fan froulike piloaten. Tsjin 'e midden fan 'e 1930-er jierren wie se yn 'e Feriene Steaten wiidferneamd rekke. Yn 1937 besocht Earhart de earste frou te wurden dy't om 'e wrald fleach. Sy en har navigator Fred Noonan ferdwunen derby yn july fan dat jier wylst se oer de Stille Sudsee fan Nij-Guinea nei Howland fleagen en waarden nea weromfun. Earhart waard oardel jier letter formeel dea ferklearre. Har ferdwining is noch altyd in mystearje dat in protte lju dwaande haldt en in soad belangstelling genietet fan it bredere publyk .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Jonkheid en oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Berte en komof [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Earhart waard yn 1897 berne yn Atchison , yn 'e Amerikaanske steat Kansas , as de dochter fan abbekaat Samuel "Edwin" Stanton Earhart ( 1867 - 1930 ) en dy syn frou Amelia "Amy" Otis ( 1869 - 1962 ). Hja wie fan Ingelsk en foar in diel fan Dutsk etnysk komof . Har pake oan memmekant wie de bankdirekteur en eardere rjochter Alfred Gideon Otis ( 1827 - 1912 ), yn waans hus de berte plakfun. Dyselde hie oarspronklik gjin foarstanner fan it houlik tusken syn dochter en Edwin Earhart west, en wie min te sprekken oer it wurkpaad fan syn skoansoan .

Earhart wie it twadde bern fan it houlik, nei in deaberne poppe yn augustus 1896 . Nei goed famyljegebruk waard hja ferneamd nei har beide beppes , Amelia Josephine Harres en Mary Wells Patton. Se krige in jongere suster mei wa't se twa jier skeelde, en fan jongs of oan wie Amelia de liedster fan 'e beide famkes wylst har suster Grace Muriel Earhart ( 1899 - 1998 ) har trouwe folgelinge wie. De beide fammen krige de bynammen Meeley (of soms Millie), resp. Pidge taparte, dy't se beholden oant se al lang folwoeksen wiene. (Letter liet de jongere suster har by har middelnamme Muriel neame.)

Amelia Earhart omtrint 1905 .

Opfieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De opfieding dy't de beide suskes krigen, wie unkonvinsjoneel foar dy tiid, mei't Amy Otis Earhart har bern net grutbringe woe as "leave lytse famkes". Dat hold u.m. yn dat de beide suskes alteast in diel fan 'e tiid yn broeken omrunen, hoewol't alle oare famkes fan harren jierren jurkjes droegen. Amelia en Muriel wiene inoars beste kammeraatskes en brochten harren frije tiid almeast tegearre troch. Se klommen yn beammen , giene mei in echt gewear op jacht nei rotten en glieden op 'e buk op in slide by in heuvel del. Foar dy tiid wiene dat mear aktiviteiten dy't men fan jonges ferwachtsje soe.

Yn 1904 , doe't se san jier wie, boude Amelia mei help fan in omke in hellingbaan dy't se befestige oan it dak fan in skuorke . Dernei liet se har der yn in houten kiste ofglydzje. Dy goed dokumintearre earste 'flecht' einige dramatysk, mei in tosk troch de lippe en in skuor yn 'e jurk, mar ek mei in "gefoel fan utskroevenens", dat Earhart tsjin har suske sizze liet: "Oh, Pidge, it wie krekt as fleach ik!" Yn 1907 krige Edwin Earhart yn Des Moines , yn Iowa , wurk by de Rock Island Railroad . It jiers derop, doe't se tsien wie, seach Earhart foar it earst in fleanmasine op 'e Steatsmerke fan Iowa . Har heit frege oft se in eintsje te fleanen woe, mar Earhart wurp ien blik op it gammele apparaat en frege oft se ynstee net nochris yn 'e draaimole mocht.

Amelia Earhart.

Oplieding [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doe't Edwin en Amy Earhart yn 1907 nei Des Moines ferfearen , bleaune Earhart en har suske foarearst by pake en beppe Otis yn Atchison efter. Der hiene se earder thusunderwiis fan harren mem krigen, en dat waard no oernommen troch in guvernante . Amelia wie in echte letterfretter en brocht oeren troch mei lezen yn 'e manske bibleteek fan pake en beppe. Yn 1909 lieten Edwin en Amy de beide bern einlings oerkomme nei Des Moines, der't se foar it earst yn har libben nei skoalle giene.

De hushalding wenne yn Des Moines yn in hus dat nij boud wie en der wiene twa tsjinstlju . It waard lykwols al rillegau dudlik dat Edwin Earhart in alkoholist wie. Fiif jier letter, yn 1914 , twong syn wurkjouwer him om syn wurk del te lizzen, en hoewol't er besocht om himsels te rehabilitearjen, naam de Rock Island Railroad him nea wer oan. Om dyselde tiid hinne kaam beppe Amelia Otis hommels te ferstjerren , nei't har man yn 1912 al weirekke wie. Hja liet in oansjenlik beerf nei, dat lykwols foar Amy Earhart yn in trust pleatst waard om foar te kommen dat Edwin it trochbringe koe mei drinken. It Otis-hus yn Atchison waard by opbod ferkocht , krekt as de hiele ynboel . Earhart fun dat ferskriklik en omskreau it letter as de ein fan har bernetiid .

Amelia Earhart yn Los Angeles yn 1928 mei de " CIT -9 Safety Plane".

Yn 1915 fun Edwin Earhart, nei lang sykjen, in baan as klerk by de Great Northern Railway yn St. Paul , yn Minnesota . Earhart genoat der fuortset underwiis oan 'e Central High School. Letter datselde jiers liet Edwin him oerpleatse nei Springfield yn Missoery , mar de wurknimmer dy't er der opfolgje soe, betocht him op it leste momint en frege syn baan werom, wylst de baan yn St. Paul al wer ferjun wie. Fan gefolgen kaam Edwin Earhart wer sunder wurk te sitten. Amy naam doe de bern mei nei Chicago , der't se langere tiid by freonen ferbleau.

Amelia Earhart keas yn har nije wenplak de Hyde Park High School ut om har oplieding te ferfetsjen, om't dy skoalle serieuze oandacht oan 'e abstrakte fakken bestege. Se wie der lykwols tige iensum en ungelokkich oant se yn 1916 slagge foar har eineksamens . Neitiid begun se oan in studzje oan 'e Ogontz School yn Rydal , yn Pennsylvania , dy't se net ofmakke.

Wurk yn 'e ferpleging, sykte en ferhuzing nei Kalifornje [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e krystfakansje fan 1917 besocht Earhart har suster Muriel yn it Kanadeeske Toronto , der't se de weromkearende ferwunen ut 'e Earste Wraldoarloch seach. Nei't se in koarte training as assistint- ferpleechkundige fan it Reade Krus ofrune hie, gie se oan it wurk by it Frijwillige Helpdetasjemint yn it Legerhospitaal Spadina, der't se itensea foar pasjinten mei spesjale dieten en de foarskreaune medikaasje utdielde. Doe't yn 1918 yn Toronto de Spaanske gryp utbriek, waard Earhart ek ynset foar eigentlike ferpleechkundige tsjinsten, u.m. yn 'e nachttsjinst . Se rekke sels yn oktober 1918 ek besmet en lei fan novimber oant desimber yn it sikehus mei longuntstekking en byholte-untstekking oan 'e kaakholte (in byholte yn 'e boppekaak oan wjerskanten fan 'e noas ).

Amelia Earhart yn 1928 .

Earhart har symptomen op it med fan byholte-untstekking wiene pine en druk om ien each hinne en oerfloedige produksje fan snot dy't offierd wurde moast fia de noas en de kiel . Se undergie ferskate fergese mar pynlike lytse operaasjes om 'e kaakholte skjin te spielen. Neitiid litte Earhart oan oanboazjende riten fan pineholle . Har opbetterjen duorre hast in jier, in tiid dy't se trochbrocht by har suster thus yn Northampton , yn Massachusetts . Se deade de tiid mei it lezen fan poezij , it harsels bespyljen learen fan 'e banjo en de studzje fan meganika . De kaakholte-untstekking hold jierren oan en hie in oansjenlike ynfloed op har lettere aktiviteiten.

Tsjin 1919 wie Earhart ree om har oplieding te ferfetsjen. Se rette har ta om har yn te skriuwen oan it Smith Kolleezje yn Northampton, mar feroare op it leste momint fan gedachten en joech har ynstee op foar in studzje medisinen oan 'e Universiteit fan Columbia yn New York . In jier letter joech se har studzje lykwols al wer oer om har by har aldelju te jaan, dy't underwilens nei Kalifornje ferfearn wiene. Op 28 desimber 1920 besochten Earhart en har heit yn Long Beach in fleanfjild der't Frank Hawks , dy't letter namme meitsje soe as loftracer , har foar $ 10 tsien minuten lang mei 'omheech' naam. It wie in underfining dy't Earhart har libben feroarje soe. "Tsjin 'e tiid dat ik 60 oant 90  meter fan 'e grun of wie," sa sei se letter, "wist ik dat ik fleane moast."

Amelia Earhart (rj.) mei Neta Snook by Earhart har Kinner Airster , om 1921 hinne.

Wurkpaad [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Iere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Earhart gie oan it wurk yn in ferskaat oan banen om genoch jild te fertsjinjen om fleanles te nimmen. Sa wurke se as fotografe , frachtweinsjauffeur en stenografe by in tillekommunikaasjebedriuw . Mei in bydrage dy't har mem har "tsjin betterwitten yn" taparte, wist se yn in jier tiid de $1.000 gear te bringen der't se ferlet fan hie. Earhart hie har earste fleanles op it fleanfjild Kinner Field by Long Beach . Har fleanynstrukteur wie Anita "Neta" Snook , in froulike loftfeartpionier dy't yn in oerstallige Curtiss JN-4 Canuck fleach dy't se oernommen hie fan it Amerikaanske Leger . Om Kinner Field te berikken moast Earhart in bus nimme oan 'e ein fan 'e line ta en dan noch seis kilometer rinne.

In healjier letter, yn 'e simmer fan 1921 , kocht Earhart har earste fleantuch, in felgiele Kinner Airster - dubeldekker dy't se de namme The Canary ("De Kanaarje") joech. Op 22 oktober 1922 fleach se dy fleanmasine nei in hichte fan 14.000  foet (4.300  m ), wermei't se har earste wraldrekor festige foar froulike piloaten. Op 15 maaie 1923 waard Earhart de sechstjinde frou yn 'e Feriene Steaten dy't in fleanbrevet (mei it searjenumer #61017) untfong fan 'e Federation Aeronautique Internationale (FAI).

Amelia Earhart har foto op har fleanbrevet ut 1923 .

Fan it begjin fan 'e 1920-er jierren of belune it famyljefortun fan 'e Earharts fierder, besteande ut it beerf fan beppe Otis dat no yn 'e hannen fan Earhart har mem kommen wie. Reden derfoar wie in rampsillige ynvestearring yn in mislearre gipsmyn . Tsjin 'e midden fan it desennium rekke it jild hielendal op. Om't se op dat stuit neat mei fleanen fertsjinje koe, wie Earhart yn 1924 twongen om har Kanaarje te ferkeapjen. Mei it jild skafte se in (folle bruksumer) twapersoans auto oan fan it merk Kissel Speedster , dy't ek giel fan kleur wie en dy't se The Yellow Peril ("It Giele Gefaar") neamde.

Om dyselde tiid hinne boaze de pine fan har byholte-untstekking oan, en begjin 1924 waard se yn it sikehus opnommen foar in nije operaasje, dy't op 'e nij om 'e nocht wie. Datselde jiers skieden har alden, wernei't se har mem yn The Yellow Peril nei de Amerikaanske eastkust ried fia in swalkjende rute dy't harren sels nei Banff yn Alberta brocht. Nei harren oankomst yn Boston undergie Earhart wer in operaasje oan har kaakholte, dy't diskear wol slagge en ferlichting brocht. Nei't se fan 'e operaasje opbettere wie, kearde se inkele moannen lang werom nei de Universiteit fan Columbia om 'e studzje wer op te pakken dy't se lang fertutearzje litten hie, mar dy moast se al rillegau wer ofbrekke om't har mem no it kolleezjejild net mear opbringe koe.

Sadwaande gie Earhart yn 1925 yn Boston oan it wurk as sosjaal wurkster . Yn dy snuorje wenne se yn Medford , in foarsted fan Boston. Underwilens behold de loftfeart har folsleine fassinaasje. Se sleat har oan by de Bostonster ofdieling fan 'e American Aeronautical Society , der't se nei ferrin fan tiid fise-foarsitter fan waard. It fleanfjild der't se wei fleach, wie Dennison Airport (dat letter it Marineloftfeartstasjon Squantum waard) yn Quincy . Earhart ynvestearre in diel fan har eigen sparjild om dat draaiende te halden. Se skreau artikels yn pleatslike kranten om it fleanen oan te fiterjen en tsjinne teffens as de pleatslike fertsjintwurdichster fan 'e fleantuchbouwer Kinner . Doe't se almar bekender waard, begun se plannen te meitsjen foar it oprjochtsjen fan in organisaasje foar froulike piloaten.

It tinkteken foar Earhart har earste Transatlantyske flecht as passazjier yn 1928 , yn Burry Port , deunby it laningsplak yn Pwll , yn Wales .

Earste Transatlantyske flecht mei in frou [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Nei't Charles Lindbergh yn 1927 as earste piloat de Atlantyske Oseaan oer flein wie, hie Amerikaanse Amy Guest ( 1873 - 1959 ) der belangstelling foar om 'e earste frou te wurden dy't de Atlantyske Oseaan oer fleach of oer flein waard. Nei't se har yn 'e matearje ferdjippe hie, kaam se lykwols ta de konkluzje dat de reis har te gefaarlik wie. Dat ynstee bea se oan om it projekt te finansieren as der "in oar fanke mei it juste imago " fun wurde koe. Sadwaande waard Earhart op in middei yn april 1928 opskille troch in kaptein Hilton H. Railey, dy't har planut frege: "Soene jo de Atlantyske Oseaan oer fleane wolle?"

De koordinators fan it projekt, under wa de bekende utjouwer George P. Putnam , fregen Earhart om piloat Wilmer Stultz en ko-piloat anneks boardwurktuchkundige Louis Gordon te beselskipjen. Se soe op papier in passazjier weze, mar krige ek de taak om it lochboek by te halden. It trijetal fleach op 17 juny 1928 yn in Fokker F.VII mei de namme Friendship fan Trepassey , op Nijfunlan , nei Pwll yn Wales , en die der persiis 20  oeren en 40  minuten oer. Mei't der foar it meastepart op ynstruminten flein waard, eat der't Earhart gjin underfining mei hie, die Stultz alle fleanwurk. By in oanslutend besyk oan Ingelan fleach Earhart yn 'e Avro Avian fan Mary, lady Heath , dy't se letter oankocht en nei Noard-Amearika oerbringe liet.

Earhart mei de Amerikaanske presidint Herbert Hoover op it hiem fan it Wite Hus yn Washington, D.C. op 2 jannewaris 1932 .

By weromkear yn 'e Feriene Steaten waarden Stultz, Gordon en Earhart feestlik unthelle mei in optocht troch de Canyon of Heroes yn New York en in besyk oan presidint Calvin Coolidge yn it Wite Hus yn Washington, D.C. In diel fan 'e Amerikaanske parse begun Earhart, nei de bynamme "Lucky Lindy", dy't foar Lindbergh betocht wie, "Lady Lindy" te neamen, wylst oaren sels sprieken fan 'e "Queen of the Air" ("Keninginne fan 'e Loft"). Om it izer te smeien no't it hjit wie, gie Earhart fuort nei weromkomst op in utputtend toernee troch it hiele lan, werby't se yn 1928 en 1929 runom lezings joech. Putnam publisearre in boek fan harres mei as titel 20 Hrs., 40 Min. , weryn't se de Transatlantyske flecht beskreau. Se makke ek reklame foar u.m. koffers , frouljusklean , sportklean en sigaretten fan it merk Lucky Strike .

Nije undernimmings en aktiviteiten efter de skermen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De $1.500 dy't se mei de sigarettereklame fertsjinne, joech Earhart wei oan 'e finansiering fan 'e Sudpoalekspedysje fan kaptein-luitenant-op-see Richard Byrd , mar it oare jild brukte se om har fleanen fan betelje te kinnen. Yn augustus 1928 waard Earhart, yn har Avro Avian, de earste frou dy't solo fan 'e eastkust fan Noard-Amearika nei de westkust en wer werom flein wie. Yn 1929 die se foar it earst mei oan in loftrace , te witten de earste Santa Monica-to-Cleveland Women's Air Derby . De dielnimmers deroan setten op 18 augustus of ut Santa Monica , yn Sudlik Kalifornje , en arrivearren op 26 augustus yn Cleveland , yn Ohio . Earhart behelle derby it trede plak yn 'e kategory swiere fleantugen, nei't har freondinne Ruth Nichols , dy't op har foarlei, by de op twa nei leste tuskenstop yn Columbus (Ohio) skea oprun by in oanriding mei in trekker op 'e laningsbaan.

Nei de Women's Air Derby wie Earhart behelle yn 'e oprjochting fan The Ninety-Nines , in organisaasje fan froulike piloaten dy't morele stipe oan leden bea en mear yn it algemien opkaam foar froulju yn 'e loftfeart. De namme, dy't oerset wurde kin as "De Njoggenennjoggentichs", kaam ut Earhart har koker en ferwiisde nei it tal leden fan 'e organisaasje by de oprjochting. Yn 1930 waard se de earste foarsitter fan 'e organisaasje. Datselde jiers waard Earhart offisjeel lid fan 'e Amerikaanske National Aeronautic Association . Binnen dy organisaasje krewearre se efter de skermen fuleindich foar de festiging fan aparte rekors foar froulike piloaten. Ek wie har aktivisme op dat med fan unmisber belang om 'e ynternasjonale Federation Aeronautique Internationale (FAI) safier te krijen dat dy ek aparte rekors foar froulju akseptearre. Doe't de Bendix Trophy Race yn 1934 froulike piloaten fan dielname oan 'e loftrace utsleat, wegere Earhart iepentlik om filmaktrise Mary Pickford nei Cleveland te fleanen sadat dy de race iepenje koe.

Amelia Earhart mei har man George P. Putnam yn 1931 .

Yn 1931 festige Earhart in wraldhichterekor fan 18.415 foet (5.613 m) yn in Pitcairn PCA-2 - autogyro (in foarrinder fan 'e helikopter ), dy't se liende fan kaugomprodusint Beech-Nut Chewing Gum . Neitiid sponsore dat bedriuw har by in toernee troch de Feriene Steaten dat bedoeld wie om autogyro's oan te priizgjen.

Houlik mei Putnam [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 'e twadde helte fan 'e 1920-er jierren wie Earhart ferlove mei in Samuel Chapman, in skiekundich yngenieur ut Boston, mar op 23 novimber 1928 ferbriek se dy't ferloving . Om dyselde tiid hinne brocht Earhart in protte tiid troch mei utjouwer George P. Putnam , dy't yn 1929 skiede fan syn earste frou Dorothy Binney ( 1888 - 1982 ). Neitiid died er Earhart seis kear in houliksoansiik foar't se uteinlik tawurd joech. Se trouden op 7 febrewaris 1931 yn it hus fan Putnam syn mem yn Noank , yn Connecticut . Earhart seach har houlik as in partnerskip fan twa gelikensen. Yn in brief dat se Putnam ut eigen han oerlange op 'e houliksdei, skreau hja: "Ik wol datst goed foar it ferstan haste dat ik dy net oan lykfol hokker Midsiuwske gedrachskoade oangeande houlikstrou halde sil, noch sil ik my op sa'n selde manear oan dy ferbun achtsje." Ek stie deryn: "It kin weze dat ik in plak hawwe moatte sil der't ik hinne gean kin om allinne te wezen, sa ut en troch, want ik kin der net foar ynstean dat ik altyd de opsluting yn sels in oantreklike koai ferdrage kinne sil."

Earhart har ideeen oer it houlik soene hjoed oan 'e dei foar in diel al opmerklik fun wurde; yn har eigen tiid wiene se revolusjoner. Se leaude yn gelikense ferantwurdlikheid en fun dat sawol de manlike as de froulike partner as kostwinner bydrage moast. Se stie der fierders op om troch te gean mei it bruken fan har eigen famkesnamme , ynstee dat se har "frou Putnam" neame liet. Doe't The New York Times har, neffen de regels dy't yn it stylboek fan 'e krante festlein wiene, al sa begun te neamen, besloech se dat mei de gek en sei se dat it like healwiis wie as wannear't George Putnam no ynienen "dhr. Earhart" neamd wurde soe. Putnam en Earhart giene net op houliksreis om't Earhart it der fierstente drok foar hie. Harren houlik bleau sunder bern, mar Earhart koe goed mei de beide soannen ut Putnam syn earste houlik, David Binney Putnam ( 1913 - 1992 ), in lettere untdekkingsreizger en publisist , en de mei polio oanhelle George Palmer Putnam jr. ( 1921 - 2013 ). Fral mei David, dy't ferlykbere ynteresses hie as sysels, rekke se befreone.

It monumint yn Harbour Grace , op Nijfunlan , ta oantins oan 'e earste Transatlantyske soloflecht fan in frou , troch Amelia Earhart yn maaie 1932 .

Earste Transatlantyske soloflecht fan in frou [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 'e moarn fan 20 maaie 1932 sette de doe 34-jierrige Earhart yn har reade, ienmotoarige Lockheed Vega 5B of ut Harbour Grace , op Nijfunlan , om 'e earste soloflecht fan in frou oer de Atlantyske Oseaan te prebrearjen. Se rette har op 'e reis ta mei help fan har technysk adviseur, de ferneamde Noarsk - Amerikaanske loftfeartpionier Bernt Balchen . Sjoernalist Stuart Trueman joech har in eksimplaar fan 'e Telegraph-Journal fan 20 maaie mei, sadat se by oankomst yn Jeropa bewize kinne soe op hokker dei se ofset wie. It wie de bedoeling dat Earhart, krekt as Charles Lindbergh fiif jier earder, lanje soe by Parys , mar har flecht waard pleage troch in sterke noardersydwyn , izige kjeld en meganyske swierrichheden. Uteinlik sette se har tastel nei 14 oeren en 56 minuten oan 'e grun yn in greide yn Culmore , benoarden Derry , yn Noard-Ierlan .

As de earste frou dy't sunder tuskenstop allinnich oer de Atlantyske Oseaan flein wie, waard Earhart troch it Amerikaanske Kongres it Distinguished Flying Cross taparte. It regear fan Frankryk makke har ridder yn it Legion d'Honneur en de National Geographic Society rikte oan har syn Gouden Medalje ut, dy't har troch presidint Herbert Hoover yn it Wite Hus oerlange waard. Yn 'e jierren nei har Transatlantyske soloflecht rekke Earhart troch har groeiende ferneamdens befreone mei u.o. de Amerikaanske first lady Eleanor Roosevelt , mei wa't se in geregelde briefkerij underhold. Ek mei in oare froulike piloate, Jackie Cochran , dy't har foarnaamste rivale wie as men de media leauwe mocht, untwikkele Earhart in hechte freonskip.

Oare soloflechten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 11 jannewaris 1935 wie Earhart de earste piloat (man of frou) dy't in suksesfolle soloflecht undernom fan it Territoarium Hawai nei it festelan fan 'e legere 48 steaten . Se fleach fan Honolulu nei Oakland yn Kalifornje , en wylst lju dy't dat earder besocht hiene, omkeare moatten hiene of omkommen wiene (lykas de dielnimmers oan 'e Dole Air Race fan 1927 ), wie har reis frij rutinemjittich en sels in bytsje saai, sadat se de leste oeren de tiid deade troch oer de radio nei in utstjoering fan in konsert fan 'e Metropolitan Opera ut New York te harkjen.

De reade Lockheed Vega fan Amelia Earhart tentoansteld yn it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum fan it Smithsonian Ynstitut yn Washington, D.C.

Op 19 april fan datselde jier fleach Earhart allinne yn har Lockheed Vega fan Los Angeles nei Meksiko-Sted en dernei op 8 maaie allinnich en sunder tuskenstops fan Meksiko-Sted nei New York, eat dat ek noch nea dien wie. Op 'e nij ferrun de reis sunder swierrichheden. It iennichste probleem waard foarme troch de grutte kloft belangstellenden dy't Earhart opwachte yn it oan New York grinzgjende Newark yn Nij-Jersey , en dy't sa opkrong dat se der om tinke moast dat se al taksyend net guon lju oerried.

Yn 1935 die Earhart ek op 'e nij mei oan in loftrace oer de lange ofstan, de Bendix Trophy Race , dy't dat jiers pleage waard troch ferblynjende mist en gewelddiedich swierwaar mei tonger en wjerljocht . Se einige as fyfde, wat in hiele prestaasje wie om't har Lockheed Vega net hurder koe as 314  km / h , wylst de spesjaal foar loftraces boude fleanmasines fan guon fan har tsjinstanners in topfaasje fan wol 480 km/h hiene. Tusken 1930 en 1935 sette Earhart al mei al san frouljusrekors oangeande faasje, hichte en ofstan op har namme.

Ein novimber 1934 rekke Earhart in protte persoanlike besittings kwyt by in bran yn 'e Putnam-wente. Om't Putnam tsjin dy tiid syn oandiel yn 'e utjouwerij G.P. Putnam's Sons al ferkocht hie oan syn neef Palmer Putnam , besleaten hy en Earhart neitiid om te ferhuzjen nei Sudlik Kalifornje , der't Putnam in liedingjaande funksje by de filmstudio Paramount Pictures krigen hie. Se setten har nei wenjen yn Toluca Lake , in doetiidske enklave fan 'e riken en ferneamden yn 'e San Fernandodelling , dy't pal tusken de studiokompleksen fan Warner Bros. en Universal Pictures yn lei. Yn septimber 1935 sette Earhart op it fleanfjild Burbank Airport , 8 km fan har nije wenplak of, tegearre mei Paul Mantz , in stuntpiloat foar de filmyndustry fan Hollywood , in fleanskoalle op, de Earhart-Mantz Flying School.

De Lockheed Electra der't Amelia Earhart en Fred Noonan harren needlottige wraldreis yn undernamen.

Flecht om 'e wrald hinne: risselwaasje en earste besykjen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Begjin 1936 begun Earhart te risselwearjen foar in flecht om 'e wrald hinne, sa ticht by de evener lans as mar mooglik wie, oer in ofstan fan 47.000 km. Derfoar skafte se yn july fan dat jier in Lockheed Electra 10E oan (registraasjenu. NR16020) dy't troch de Lockheed Aircraft Company hielendal neffens har eigen spesifikaasjes boud waard, mei oansjenlike oanpassings oan 'e romp om bykommende branstoftanks te bergjen. De lange reis wie benammen bedoeld om underfinings op te dwaan foar in nij boek dat Earhart fan doel wie te skriuwen. Se keas Harry Manning ut as har navigator . Mei him wie se yn 'e kunde kommen yn 1928 , om't er doe de kaptein wie fan 'e SS President Roosevelt , it skip dat har, Stultz en Gordon nei harren Transatlantyske flecht werombrocht hie nei de Feriene Steaten. Manning wie net inkeld in seekaptein, mar ek in navigator, piloat en markonist dy't Morsekoade behearske.

Amelia Earhart en Fred Noonan by harren Lockheed Electra yn it Australyske Darwin op 28 juny 1937 , fjouwer dagen foar harren dea .

It wie oarspronklik de bedoeling dat Earhart en Manning de sirkumnavigaasje fan 'e wrald tegearre prebearje soene. By in flecht nei de oare kant fan it lan, der't Putnam ek by meifleach, brukte Earhart lanskipseleminten om op te fleanen. Sy en Putnam wisten sadwaande persiis wer't se wiene, mar doe't Manning, dy't "blyn" fleach, de navigaasje utwurke, wie de lokaasje der't hy fan tocht dat se wiene yn in hiele oare steat. No fleagen se deunby de steatsgrins lans, mar Putnam skrok der dochs fan. Tegearre mei Mantz regele hy dat Manning letter in testflecht by nacht makke. Under dy omstannichheden siet Manning der mei syn lokaasjefeststelling goed 30 km nest. Loftfeartsaakkundige Elgen Long skreau yn 1999 dat foar dy jierren in navigaasje-ofwiking fan 50 km akseptabel wie, mar Putnam en Mantz woene in bettere navigator hawwe.

Fia-fia kamen se yn kontakt mei Fred Noonan , dy't as twadde navigator oan it projekt tafoege waard. Noonan wie in diplomearre seekaptein en navigator, dy't foar de China Clipper - wetterfleantugen fan loftfeartmaatskippij Pan Am it meastepart fan 'e fleanrutes oer de Stille Oseaan utstippele hie. De flecht om 'e wrald soe ut 'e Feriene Steaten wei nei it westen ta plakfine. It nije plan wie dat Noonan de navigaasje dwaan soe foar de etappe fan Hawai nei it isolearre eilan Howland , midden yn 'e Stille Sudsee , dat in butengewoan dreech diel fan 'e reis wie. Dernei soe Manning it oernimme foar de etappe nei Austraalje , en de rest fan 'e reis soe Earhart solo fleane.

Op 17 maart 1937 setten Earhart, Manning en Noonan yn 'e Lockheed Electra of ut Oakland yn Kalifornje nei Honolulu yn Hawai. Mantz, dy't fungearre as Earhart har technysk adviseur, wie ek oan board en soe yn Hawai efterbliuwe. De flecht nei Hawai ferrun dreech fanwegen problemen mei de beweging fan 'e propellors , en nei oankomst op Oahu moast it fleantuch earst neisjoen wurde. Dat barde op it fleanfjild Luke Field fan 'e Amerikaanske Marine op it eilantsje Ford yn 'e lagune Pearl Harbor . Doe't Earhart, Noonan en Manning op Luke Field opstiigje soene foar de etappe nei Howland, sloech de Lockheed Electra oer de kop nei't it laningsgestel fan 'e foartsjillen dubelklapte, sadat de propellors de grun rekken. De fleanmasine glied op 'e buk en skansearre dermei de laningsbaan .

De rute fan Amelia Earhart foar har sirkumnavigaasje fan 'e wrald.

De oarsaak fan it ungemak is undudlik: guon tsjugen, under wa in sjoernalist fan parseburo Associated Press , neamden in klapban ; Earhart sels tocht dat it rjochterfoartsjil in klapban krigen hie of dat it laningsgestel oan dy kant beswykt wie; Mantz en guon oaren ornearren dat it om in bestjoeringsflater fan Earhart gie. Hoe dan ek, de Lockheed Electra wie sa skansearre dat de reis net fierder koe. It fleantuch waard per skip weromstjoerd nei Kalifornje, der't it yngeand reparearre wurde moast yn it fabryk fan Lockheed yn Burbank . Manning, dy't frijnommen hie foar de sirkumnavigaasjeflecht fan 'e wrald, duorre dat allegear te lang, dat hy beeinige syn belutsenens by it projekt en gie wer oan it wurk. Sa bleaune Earhart en Noonan as iennichste dielnimmers oer. Oars as Manning hiene sy net ien fan beiden bot ferstan fan radiokommunikaasje .

Flecht om 'e wrald hinne: twadde besykjen en ferdwining [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Doe't de Lockheed Electra reparearre wie, risselwearren Earhart en Noonan, mei stipe fan Putnam, foar in twadde besykjen. Diskear besleaten se ut 'e Feriene Steaten wei nei it easten te reizgjen, foar in diel om't de patroanen fan wynrjochtings underwilens feroare wiene. De nije sirkumnavigaasje fan 'e wrald begun sadwaande mei in flecht fan Oakland yn Kalifornje nei Miami yn Floarida der't gjin ruchtberheid oan jun waard om't Earhart earst sjen woe oft de Electra it wol goed die. Ienris yn Miami makke Earhart har bedoeling buorkundich.

De USCGC Itasca fan 'e Amerikaanske Kustwacht waard nei Howland stjoerd om assistinsje te ferlienen oan Earhart en Noonan by harren reis om 'e wrald.

Mei Fred Noonan as iennichste oare bemanningslid sette hja op 1 juny 1937 of ut Miami. Harren rute late harren mei in grut tal tuskenstops fia de Grutte en Lytse Antillen nei Fenezuela en derwei nei de eastpunt fan Brazylje , der't de oerstek oer de Atlantyske Oseaan nei West-Afrika weage waard. Fia Sintraal-Afrika , de Hoarn fan Afrika en de sudkust fan it Arabysk Skiereilan gie it doe nei Britsk-Ynje en derwei fia Siam en Nederlansk-Ynje nei Darwin yn Austraalje . Derwei arrivearren se op 29 juny yn Lae , in plak yn it mandaatgebiet Nij-Guinea (it eardere Dutsk-Nij-Guinea , it noardeastlike fjirdepart fan it eilan Nij-Guinea ). Earhart en Noonan hiene doe ruchwei 35.000 km oflein. De restearjende 11.000 km soene bestean ut 'e oerstek fan 'e Stille Oseaan . It wie de bedoeling dat dy yn trije manske etappes dien wurde soe: fan Lae nei it unbewenne Amerikaanske eilantsje Howland ; fan Howland nei Honolulu yn Hawai ; en derwei wer nei Oakland yn Kalifornje.

Op 2 july 1937 , likernoch trije wiken foar har fjirtichste jierdei , setten Earhart en Noonan om midsnacht GMT (10.00 oere moarns pleatslike tiid) of fan Lae Airfield yn 'e swier beladen Lockheed Electra. Se moasten 4.113 km oflizze nei Howland, in eilantsje dat 2 km lang en 500 m breed is en mar 3 m boppe seenivo utstekt. De leste wisse posysje fan Earhart en Noonan wie by de Nukumanu-eilannen yn wat no de Autonome Regio Bougainville fan Papoea Nij-Guinea is, doe't se 1.300 km underweis wiene. De Amerikaanske Kustwacht hie yn risselwaasje foar de reis fan Earhart de patruljeboat USCGC Itasca nei Howland stjoerd, mar, mooglik troch unkunde fan Earhart en Noonan mei radioferbinings, kaam it nea ta twasidige kommunikaasje tusken it skip en de fleanmasine.

Tusken 7.30 en 7.40 oere fong de Itasca in berjocht fan Earhart op weryn't se sei dat se noch mar foar in healoere branstof hie en dat se de Itasca hielendal net hearre koe, hoewol't de Itasca har prima ferstie. Om 7.42 oere waard in nij berjocht opfongen fan Earhart, weryn't se sei dat se no suver boppe-op it skip sitte moast, mar it net gewaarwurde koe. De branstof rekke op. Ferskate oare soartgelikense boadskippen waarden opfongen. It kustwachtskip besocht fan alles om kontakt te krijen en sette sels de oandriuwing oan om in reekwolk te kreearjen, mar it joech allegear neat. De leste transmisje werfan't wis is dat dy fan Earhart kaam, waard troch de Itasca om 8.43 oere opfongen en sei: "We sitte op 'e line 157 337. We sille dit boadskip werhelje. We sille dit werhelje op 6210 kilocycles. Wacht." Dat berjocht wiist derop dat Earhart en Noonan by in posysjeline lans fleagen dy't fan noard-sud op 157 by 337 graden lei, werfan't Noonan feststeld hie dat dy troch Howland hinne rinne moast. Hoewol't neitiid noch ferskate berjochten opfongen waarden troch de Itasca , wurde dy allegear beskoge as tige twifelich, wat sizze wol dat net wis is oft se wol fan Earhart ofkomstich wiene. Guon fan dy letter berjochten waarden letter untmaskere as hoaxes , mar oaren soene yndie autentyk west hawwe kinne.

De rute fan Amelia Earhart en Fred Noonan fan Lae , op Nij-Guinea , nei it eilan Howland (trochrinnende line), mei de folgjende etappe nei Honolulu yn Hawai (underbrutsen line) en oare eilannen dy't as alternatyf laningsplak neamd binne.

Syktocht [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Fan likernoch 9.45 oere of op 2 july 1937 waard der in wiidweidige syktocht organisearre nei Earhart en Noonan. Dy waard yn 't earstoan utfierd troch de USCGC Itasca fan 'e Amerikaanske Kustwacht , mar dat skip krige al rillegau fersterking fan it fleandekskip de USS Lexington en it slachskip de USS Colorado fan 'e Amerikaanske Marine , it Japanske oseanografysk kartearringsskip de Koshu en it fleantuchmemmeskip de Kamoi fan 'e Keizerlike Japanske Marine . Dy skippen sochten in gebiet fan 390.000  km² of oant de offisjele syktocht op 19 july , santjin dagen nei de ferdwining, stopset waard. Mei in priis fan $ 4 miljoen wie de syktocht nei Earhart en Noonan doedestiden de djoerste redingsaksje dy't de Amerikaanske Kustwacht en Marine ea undernommen hiene.

Nei't de offisjele syktocht beeinige wie, finansierde Putnam in privee-syktocht troch de pleatslike autoriteiten op deunby Howland leine eilannen en yn 'e wetters deromhinne. Ein july chartere er sels op eigen kosten twa boaten dy't derhinne setten om te sykjen, hoewol't er sels efterbleau yn 'e Feriene Steaten. De boaten sochten op en om 'e Phoenixeilannen , Krysteilan (Kiritimati) , Fanning (no Tabuaeran) de Gilberteilannen en de Marshalleilannen , mar funen neat.

Wylst de moannen foarbygiene, waard it almar dreger foar Putnam om 'e syktocht geande te halden. Derom died er nei ferrin fan tiid in oanfraach by de rjochter om of te sjen fan 'e wenstige san jier wachttiid om in fermiste persoan dea te ferklearjen, mei't er, as Earhart deaferklearre waard, har eigen fermogen bruke koe om 'e syktocht nei har fuort te setten. Mei it each op 'e utsunderlike omstannichheden fan dizze fermissing, gie de rjochtbank mei it fersyk akkoart. Sadwaande waard Earhart op 5 jannewaris 1939 , oardel jier nei har ferdwining, formeel dea ferklearre. De syktocht nei har wie lykwols folslein om 'e nocht. Neat is ea weromfun fan har, Noonan of de Lockheed Electra der't se yn fleagen.

Amelia Earhart omtrint 1932 .

Spekulaasje oer de ferdwining [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De bekendheid fan Earhart yn kombinaasje mei har hommelse en spoarleaze ferdwining haldt in protte minsken mear as tachtich jier nei dato noch altyd dwaande. Der besteane ferskate teoryen oer de fermissing, werfan't ferskaten bewiisber unwier binne en kwalifisearre wurde kinne as planute gearspanningsteoryen .

Crash- en sinkteory [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De measte histoarisy halde it derop dat Earhart en Noonan fan koers rekke wiene en it lytse Howland derom net fine koene. De Lockheed Electra soe dan uteinlik, doe't de branstof op rekke, yn see delstoart en sonken weze, en Earhart en Noonan soene de drinkeldea stoarn wezen. Ferskate foaroansteande saakkundigen, under wa histoarika Susan Butler , de skriuwster fan East to the Dawn , in biografy oer Earhart, en Tom D. Crouch, de haadkonservator fan it Amerikaanske Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum fan it Smithsonian Ynstitut yn Washington, D.C. , binne fan miening dat de Electra mei de stoflike omskotten fan Earhart en Noonan krekt buten sicht fan Howland op in djipte fan 5 km of mear op 'e boaiem fan 'e Stille Oseaan rest.

Utwiking nei in oar eilan [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Guon lju dy't har oer de fermissing bugden, hawwe oppenearre dat Earhart en Noonan op in oar eilan lane binne, der't se of de mooglikheden net hiene om kontakt mei de butenwrald op te nimmen, of wol it fermogen mar net de wil, of der't oaren foarkomd hawwe dat se dat dwaan koene. Hjir belanet men op it med fan poere spekulaasje, dy't al rillegau utskaait nei gearspanningsteoryen. Wat de eilannen oangiet dy't yn oanmerking komme foar in eventuele laning, binne ferskaten neamd. Guon, lykas Nij-Brittanje (yn wat no Papoea Nij-Guinea is), en Tarawa , yn 'e Gilberteilannen (no Kiribaty ), moatte logyskerwize offalle om't dy folle earder op 'e rute nei Howland leine en de Itasca by Howland berjochten opfongen hat dy't perfoarst fan Earhart kamen, sadat wis is dat se der yn 'e buert kommen is.

It atol Gardner, no Nikumaroro , yn 'e Phoenixeilannen (no underdiel fan Kiribaty ) waard ferskate kearen undersocht op spoaren fan Earhart en Noonan . "Seven Site", oanjun op 'e kaart, wie de wichtichste fokus fan alle undersyk.

It liket fierders unmooglik dat Earhart, as har branstof by Howland al hast op wie, noch oare eilannen berikke kinnen hat dy't wol neamd wurde as eventueel laningsplak. Sa lizze de doedestiden under Japansk bestjoer steande Marshalleilannen (mei as neiste eilan it atol Mili ) op in ofstan fan 1.400 km noardwestlik fan Howland. De krektlyk troch de Japanners bestjoerde Noardlike Marianen (mei eilannen as Saipan en Tinian ), leine sels 4.300 km by Howland wei. Inkeld it doe unbewenne eilantsje Gardner (no Nikumaroro ), yn 'e Phoenixeilannen , dat 640 km besuden Howland leit, soe logyskerwize eventueel foar in alternatyf laningsplak yn oanmerking komme kinne as Earhart en Noonan al ier yn harren flecht slim fan koers rekke wiene.

Gardner (Nikumaroro) waard op basis fan persiis dy riddenearring yn 1937 en de deropfolgjende jierren ut en tenei undersocht. Fleantugen fan 'e Amerikaanske Marine dy't in wike nei de ferdwining fan Earhart en Noonan oer it eilan fleagen, stelden spoaren fan resinte bewenning fest, mar koene fierders neat gewaarwurde utsein it wrak fan 'e SS Norwich City op 'e kust, dat datearre fan novimber 1929 . In lettere syktocht op 'e grun troch de bemannings fan 'e boaten dy't troch Putnam stjoerd wiene, levere ek neat op. Yn septimber 1940 waard troch de Britske koloniale funksjonaris Gerald Gallagher op Gardner it skelet fan in peroan fun, mar doe't dat opstjoerd waard nei Fidzjy en der troch dokter D.W. Hoodless undersocht waard, stelde dy fest dat dy persoan in lingte fan 166,4 sm han hie wylst Earhart 173 sm lang wie. Boppedat koe oan 'e foarm fan it bekken sunder mis sjoen wurde dat it om in man gie. (Dat it skelet op Fidzjy letter wei rekke, wie fansels foer foar de gearspanningsteoristen.)

Amelia Earhart yn in Stearman-Hammond Y-1 .

Japanske finzenskipsteoryen [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

In oare bekende teory is dat Earhart en Noonan op 'e iene of oare wize dochs it troch de Japanners behearske diel fan 'e Stille Oseaan wisten te berikken, lykas de Marshalleilannen of de Noardlike Marianen , en der troch de Japanners finzen nommen waarden. Dat is in gearspanningsteory dy't yn 1966 populearisearre waard troch Fred Goerner, in ferslachjouwer foar it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS , dy't dat jiers it boek The Search for Amelia Earhart publisearre, weryn't er bewearde dat Earhart en Noonan troch de Japanners finzen nommen en eksekutearre wiene. Dat soe bard weze nei't se mei de Lockheed Electra delstoart wiene op Saipan yn 'e Noardlike Marianen. Deselde teory waard yn 2012 wer fan stal helle troch Mike Campbell foar syn boek Amelia Earhart: The Truth at Last , weryn't in sersjant ut it Amerikaanske Leger sitearre wurdt dy't nei eigen sizzen in fertocht gref op Saipan oantroffen hie en ek eilanbewenners dy't tsjuge west hawwe soene fan it delstoarten fan 'e Lockheed Electra.

Yn 1993 kaam Henri Keyzer-Andre, in eardere piloat foar loftfeartmaatskippij Pan Am, yn in boek mei de grandioaze titel Age Of Heroes: Incredible Adventures of a Pan Am Pilot and his Greatest Triumph, Unravelling the Mystery of Amelia Earhart mei in justjes oanpaste teory: Earhart en Noonan wiene net delstoart, finzen nommen en eksekutearre, mar ynstee wie harren fleantuch ut 'e loft sketten troch de Japanners. Sunt de ein fan 'e Twadde Wraldoarloch stiet fierders in plak op it eilan Tinian , dat 8 km sudwestlik fan Saipan leit, pleatslik bekend as it gref fan Amelia Earhart. In argeologyske opgraving ut 2004 trof der lykwols alhiel gjin minsklike resten oan.

De saneamde Earhart Fjoertoer ( Ingelsk : Earhart Light ) is in navigaasjebeaken op it eilan Howland , dat lykwols fertutearzje litten is en no ofbroazelet.

Yn 2017 suggerearre de dokumintere Amelia Earhart: The Lost Evidence fan it History Channel , in Amerikaanske tillefyzjestjoerder dy't ek progamma's makket oer beskavings ut 'e Aldheid dy't kontakten mei butenierdske wezens han hawwe soene, dat in foto ut in steatsargyf op it atol Jaluit , yn 'e Marshalleilannen , eins fotografysk bewiismateriaal is fan 'e troch de Japanners finzen holden Earhart en Noonan. Op 'e foto stiet in blanke man dy't wol wat wei hat fan Noonan op in oanlissteger , wylst in frou mei koart hier lykas Earhart harres mei it gesicht by de kamera wei draait op 'e steger sit en utstoarret oer see. Neffens de dokumintere soene dat Noonan en Earhart weze dy't finzen holden wurde nei't se it atol Mili berikt hawwe. Dy teory waard lykwols gau untsenuwe doe't de Japanske blogger Kota Yamno de oarspronklike boarne foar de foto weromfun yn 'e digitale kolleksje fan 'e Bibleteek fan 'e Japanske Nasjonale Ryksdei . It bliek te gean om in foto ut in Japanske reisgids , dy't al publisearre wie yn oktober 1935 , wat sunder omhalen bewiisde dat it net om Noonan en Earhart gean koe.

Noch ofsjoen fan 'e praktyske en logyske unmooglikheid dat Earhart en Noonan ea it troch de Japanners behearske diel fan 'e Stille Oseaan berikke koene, is ien mienskiplik kritykpunt op alle Japanske finzenskipsteoryen dat de Japanners gjin reden hiene om Earhart en Noonan finzen te nimmen. Yn 1937 wiene Japan en de Feriene Steaten noch net yn oarloch en underholden de beide lannen noch freonskiplike relaasjes, ek al boazen de spannings stadich fierder oan troch de Japanske ekspansjedrang yn Sina . Likegoed hiene de Japanners de helden fan it ferhaal west as se sa'n ferneamde fleander as Earhart rede kinnen hiene. Se hiene dus krekt eltse motivaasje om har te helpen ynstee fan har finzen te halden. It geroft dat Earhart in spionne foar it Amerikaanske regear wie en dat de Japanners har derom finzen namen en ut 'e wei rommen, untstie letter troch de film Flight for Freedom ( 1943 ), oer in fiktive froulike piloate dy't dudlik op Earhart ynspirearre is en op spionaazjemisje giet yn it gebiet fan 'e Stille Sudsee. Tsjin 1949 hiene sawol parseburo United Press as it Amerikaanske Leger unofhinklik faninoar konkludearre dat dit geroft nearne op basearre wie. Jackie Cochran , in oare Amerikaanske piloate dy't in freondinne fan Earhart wie, die nei ofrin fan 'e Twadde Wraldoarloch undersyk yn 'e Japanske argiven en rekke derfan oertsjuge dat de Japanners neat mei de ferdwining fan Earhart te krijen hiene.

It Amelia Earhart Museum yn it Noardierske Derry .

Bolam-teory [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

En dan is der noch de healwize bewearing dat Earhart har flecht oerlibbe, temuk nei de Feriene Steaten weromkearde, wertroude en in nije identiteit oannaam as Irene Craigmile Bolam . Dy teory waard foar it earst op it aljemint brocht yn it boek Amelia Earhart Lives , dat yn 1970 publisearre waard troch Joe Klaas op basis fan undersyk troch majoar Joseph Gervais. Bolam, dy't yn 'e 1940-er jierren as bankier yn New York wurke hie, untstried dizze bewearing, klage de utjouwerij , McGraw-Hill , oan foar in skeafergoeding fan $ 1,5 miljoen en tsjinne by dy rjochtsaak in wiidweidige beedige ferklearring yn weryn't se frijwol de hiele ynhald fan it boek wjerlei. McGraw-Hill loek it boek werom en trof in skikking mei har.

Neitiid waard it libben fan Bolam foarofgeande oan 1937 yngeand beskreaun troch ferskate histoarisy, wermei't eltse mooglikheid folslein eliminearre waard dat sy eins Earhart weze koe. Yn novimber 2006 stjoerde it National Geographic Channel in oflevering ut 'e searje Undiscovered History oer dizze kwestje ut, weryn't de hiele bewearing en untkrefting nochris op oersichtlike wize oereide waarden. Foar dat programma lieten de makkers Kevin Richlin, in foaroansteand patolooch-anatoom , foto's fan Earhart en Bolam bestudearje. Hy koe foar de han wei in hiele rige mjitbere ferskillen oanwize.

Amelia Earhart op in Amerikaanske postsegel ut 1963 .

Neilittenskip [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Earhart wie in wiidferneamde piloate dy't behalven yn 'e Feriene Steaten ek ynternasjonale bekendheid hie. Har bleuige garisma , unofhinklikheid, feminisme , trochsettingsfermogen , moed en doelrjochte karriere makken har al ta in memorabel persoan, mar har riedseleftige ferdwining op in relatyf jonge leeftyd soarge derfoar dat se duorjende faam krige as ikoan fan 'e popkultuer . Oan har biografy en fral har fermissing waarden troch de jierren hinne hunderten artikels en tsientallen boeken wijd. Har prestaasjes op it med fan 'e loftfeart ynspirearren in hiele generaasje fan froulike piloaten, under wa de mear as tuzen leden fan 'e Women Airforce Service Pilots (WASP), dy't yn 'e Twadde Wraldoarloch nije militere fleanmasines ut 'e fabryk nei it front fleagen.

It hus fan Earhart har pake en beppe yn Atchison , yn Kansas , der't se te wrald kaam , is no it Amelia Earhart Birthplace Museum , dat under behear stiet fan The Ninenty-Nines , de ynternasjonale organisaasje fan froulike piloaten dy't Earhart mei-oprjochte. Har dierbere reade Lockheed Vega makket diel ut fan 'e kolleksje fan it Smithsonian Ynstitut yn Washington, D.C. , en wurdt tentoansteld yn it Nasjonaal Loft- en Romtefeart Museum oan 'e National Mall .

Oer it libben fan Earhart binne ferskate films makke, lykas Amelia Earhart ( 1976 ), mei Susan Clark yn 'e titelrol , Amelia Earhart: The Final Flight ( 1994 ) mei Diane Keaton as Earhart, en Amelia ( 2009 ), mei Hilary Swank as Earhart. In stik minder serieus komt se ek foar yn bygelyks de oflevering The 37's fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Voyager , weryn't 'bliken docht' dat se net delstoart is mar ynstee untfierd is troch butenierdske wezens , en de komeedzjefilm Night at the Museum: Battle of the Smithsonian ( 2009 ), weryn't in waaksen byld fan Earhart (spile troch Amy Adams ) yn it Smithsonian Ynstitut ta libben komt.

De hantekening fan Amelia Earhart.

Wurken fan Earhart [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • 1928 ? 20 Hrs., 40 Min. (in ferslach fan har underfinings as de earste frou dy't, as passazjier, de Atlantyske Oseaan oer fleach)
  • 1932 ? The Fun of It (in autobiografysk ferslach fan har underfinings as piloate, mei in essay oer froulju yn 'e loftfeart )
  • 1937 ? Last Flight (in kompilaasje troch George P. Putnam fan 'e deiboekskriuwsels dy't Earhart under har needlottige sirkumnavigaasje fan 'e wrald weromstjoerde nei de Feriene Steaten, der't se publisearre waarden yn ferskate kranten ; in protte histoarisy fermoedzje dat de stikjes troch Putnam foar de publikaasje redigearre waarden)

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .