한국   대만   중국   일본 
Allahabad - Wikipedy Springe nei ynhald

Allahabad

Ut Wikipedy
Allahabad
Prayagraj
Polityk
Lan Yndia
Steat Uttar Pradesh
Difyzje Allahabad (difyzje)
Distrikt Allahabad (distrikt)
Sifers
Ynwennertal 1.117.094 (2011)
Oerflak 82 km²
Befolkingsticht. 13.623,1 / km²
Stedekloft 1.216.719 (2011)
Hichte 98 m
Oar
Stifting Aldheid
Tiidsone UTC +5:30
Simmertiid gjint
Koordinaten 25°27′09″N 81°50′47″E
Offisjele webside
prayagraj.nic.in
Kaart
Allahabad (Yndia)
Allahabad
De lizzing fan Allahabad yn Yndia .

Allahabad ( Lûdsfragmint  beharkje ), dat sunt oktober 2018 offisjeel Prayagraj hjit en ek wol bekendstiet as Illahabad en Prayag , is in sted yn it sudlike part fan 'e Yndiaaske steat Uttar Pradesh . It leit binnen dy steat yn 'e difyzje Allahabad en is it haadplak fan it distrikt Allahabad . Yn Allahabad is it heechgerjochtshof fan Uttar Pradesh festige. De sted, dy't datearret ut 'e Aldheid , leit oan 'e gearfloeiing fan 'e rivieren de Ganges en de Yamuna , en is ien fan 'e hillichste plakken fan it hindoeisme , der't eltse tolve jier tsientallen miljoenen pylgers gearkomme foar it Kumbh Mela - festival . Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Allahabad doe in befolking fan goed 1,1 miljoen minsken , wermei't it de op seis nei grutste sted fan Uttar Pradesh is en de op 37 nei grutste sted fan Yndia. As stedekloft , dus alle foarsteden ynbegrepen, hie Allahabad yn 2011 sa'n 1,2 miljoen ynwenners.

Namme [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De oarspronklike namme fan Allahabad wie Prayag ( utspr. likernoch.: "prajak") of Prayagraj (utspr. likernoch "prajakrazj"). Dy namme is in gearstalling fan 'e Sanskrityske wurden ???:, pra ("earste") en ????, yajna ("ferearing" of "offer"). Yn dy letterlike, religieuze , betsjutting wurdt nei de sted ferwiisd yn 'e Veda's , de alde hillige geskriften fan it hindoeisme . Prayag kin lykwols ek "gearfloeiing fan rivieren" betsjutte (werby't de iene rivier himsels ommers 'offeret' oan 'e oare). Yn it gefal fan Allahabad giet it derby om 'e rivieren de Ganges en de Yamuna .

Nei't yn 'e sechstjinde iuw it Mogol-ryk yn noardlik Yndia festige wie, soe keizer Akbar de Grutte yn 1575 in besyk oan Prayag brocht hawwe, werby't er neffens it ferhaal sa under de yndruk wie fan 'e strategyske lizzing fan 'e sted, dat er der in festing bouwe liet. Tsjin 1584 liet er de sted sels omneame ta Ilahabas , dat "Wente fan God" betsjut. Letter kaam de sted under Akbar syn pakesizzer Sjah Djahaan Allahabad te hjitten, hoewol't de Britske keunstner James Forbes oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw in pleatslike leginde optekene dy't hawwe woe dat Akbar syn soan Djahangir de sted Allahabad neamde nei't er om 'e nocht besocht hie om 'e Akshayavat - beam te ferneatigjen.

Tsjintwurdich sprekt men yn 'e sted sels in protte fan Allahabad, wylst dernjonken de foarm Illahabad wol brukt wurdt, dy't "Wente fan 'e Goaden" betsjut (ynstee fan "Wente fan God"). Fromme hindoes halde fest oan 'e namme fan foar de islamityske ynfallen: Prayagraj. De funemintalistyske hindoeistyske politike partij BJP besocht fan 1992 of om fan 'Prayagraj' de offisjele namme fan 'e sted te meitsjen. Yn 1992 en 2001 mislearre dat, mar yn oktober 2018 wist men de feroaring der einlings trochhinne te drukken. Buten Yndia wurdt lykwols noch almeast de namme 'Allahabad' brukt.

Pylgers op it wetter fan Triveni Sangam by Allahabad, der't neffens de hindoeleginden de trije rivieren de Ganges , de Yamuna en de Sarasvati gearkomme.

Geografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Allahabad leit yn it sudlike part fan 'e Noardyndiaaske steat Uttar Pradesh , op sa'n 90  m boppe seenivo . De sted leit oan 'e rane fan 'e Doab -krite, en grinzget oan 'e regio's Bundelkhand yn it sudwesten , Baghelkhand yn it easten en sudeasten , en Awadh (alde stavering: Oudh) yn it noarden en noardeasten . Yn of fuortby de sted komme trije rivieren gear: de Ganges , de hillige rivier fan it hindoeisme, en de Yamuna , mei deropta de unsichtbere Sarasvati , dy't neffens hindoeistyske leginden opwelje soe ut 'e grun. Behalven troch de rivier de Yamuna wurdt Allahabad ek midstwa spjalten troch in spoarline dy't yn east-westrjochting troch de sted rint.

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Aldheid oant de Renessanse [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn it ierste tiidrek fan syn bestean waard Allahabad Pray?ga neamd (letter ferkoarte ta Prayag). Ut argeologyske opgravings is oan it ljocht kommen dat op it plak fan 'e hjoeddeiske sted al yn 'e sande iuw f.Kr. in delsetting bestie. Letter festige de Kuru-dynasty dy't regearre yn Hastinapur (yn 'e neite fan Delly ), it stedsje Kaushambi deunby Allahabad. Wer letter makken se Kaushambi ta harren haadsted , nei't Hastinapur ferwuostge wie troch oerstreamings . Doe't it ryk fan 'e Kurus omtrint 525 f.Kr. under strupt wie, waard de Doab -krite, der't Allahabad ta heart, behearske troch it iene ryk nei it oare. Sa makke it fan 'e fjirde oant en mei de twadde iuw f.Kr. diel ut fan it Maurya-ryk en fan 'e trede oant en mei de sechsde iuw (n.Kr.) fan it Gupta-ryk . Oer de pleatslike skiednis fan Allahabad is lykwols net in protte bekend oant it regear fan 'e Mogol-keizer Akbar de Grutte yn 'e twadde helte fan 'e sechstjinde iuw . Wol is witten dat der oant yn 'e Midsiuwen en mooglik oant yn 'e Renessanse in beam yn Allahabad stie, de Akshayavat -beam, dy't in wichtige rol hie yn it hindoeisme , en troch in diel fan 'e pylgers brukt waard om ritueel selsmoard te dwaan troch deryn te klimmen en dan tepletter te springen.

Under de grut-mogols [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn novimber 1583 brocht Akbar de Grutte in besyk oan Allahabad, der't er, fanwegen de strategyske lizzing, in grutte festing bouwe liet. Ek soed er neffens de kronykskriuwers fan 'e Mogol-keizers de funeminten lizze litten hawwe foar de bou fan in grutte sted, mar derby sil it earder om in utwreiding fan 'e besteande sted gien weze, mei't Allahabad doe al lang bestie. Akbar wie nei't it skynt wol ferantwurdlik foar it omneamen fan 'e sted ta Ilahabas , dat tsjin 1584 syn beslach krigen hawwe moat. Under syn pakesizzer Sjah Djahaan waard de namme feroare yn Allahabad . Fierders reorganisearre Akbar syn ryk yn 1580 yn tolve provinsjes, saneamde subah ; derby foege er de eardere provinsjes Jaunpur , Kara-Manikpur en de krite Bandhogarh gear ta de subah fan Allahabad.

It Fort fan Allahabad , dat yn 1575 yn opdracht fan Akbar de Grutte boud waard.

Yn 1602 festige Akbar syn opstannige soan prins Salim (letter bekend as Djahangir ) him yn Allahabad, der't er himsels ta in frijwol unofhinklik hearsker makke. Sa liet er syn eigen namme neame yn it islamityske freedsgebed yn 'e moskeeen en ek liet er syn eigen muntjild slaan. Ek nei't er him koarte tiid letter mei syn heit fermoedsoene hie, bleau Salim noch oant 1604 yn Allahabad te wenjen. Yn 1624 oardere Sjah Djahaan de belegering fan Allahabad nei't er earder Jaunpur ferovere hie, mar de sted waard untset doe't Parviz Mirza en Mahabat Khan it garnizoen te help kamen. Under de Suksesjeoarloch yn it Mogol-ryk wie Allahabad earst trou oan kroanprins Sjah Sjudja , mar doe't bliken die dat dy de boargeroarloch ferlieze soe fan syn jongere broer Aurangzeb wist de kommandant fan it garnizoen de sted op 12 jannewaris 1659 freedsum oan fertsjintwurdigers fan Aurangzeb oer te jaan .

De Britske Eastyndyske Kompanjy longere op 'e festing fan Allahabad om deselde redens as dat Akbar dy der boud hie. Yn 'e Slach by Buxar , yn oktober 1764 en yn 'e Slach by Kora yn maaie fan it jier derop waarden de legers fan 'e Mogol-keizer Sjah Alam II , de nawab fan Oudh Sjudja-ud-Daula , en de nawab fan Bingalen Mir Kasim ferslein troch de troepen fan 'e Kompanjy. Neitiid waarden as utfloeisel fan it derop sletten Ferdrach fan Allahabad yn 1765 foar it earst Britske soldaten yn Allahabad legere. Sjah Alam II moast him nei de nederlagen oerjaan oan 'e Britten en libbe doe seis jier under Britsk tafersjoch yn 'e sted, as in soarte fan kriichsfinzene of gizelder .

De Tombe fan Nithar Begum , in dochter fan 'e Mogol-keizer Djahangir , te Khusro Bagh .

Yn 1771 sette er uteinlik of, werom nei syn haadsted Delly , dy't koart derfoar yn Maratyske hannen fallen wie. Sjah Alam II liet de Maraten ferdriuwe troch syn generaal Mirza Nadjaf Khan , mar under Tukoji Rao Holkar en Visaji Krushna Biniwale marsjearre yn 1772 in nij Maratysk leger nei it noarden, dat de troepen fan it Mogol-ryk fersloech by Delly. Sjah Alam II wie doe twongen om 'e Maraten of te keapjen troch harren (op papier) it besit fan Kora en Allahabad te jaan. Derop ferleine de Maraten harren oandacht nei it nawabskip fan Oudh, dat dy beide gebieten fysyk yn besit hold. Sjudja-ud-Daula, dy't yn namme in lienman Sjah Alam II wie, wie lykwols net ree om syn lan op te jaan en frege derom de Britten om help. Dy fersloegen de Maraten yn 'e Slach by Ramghat . Neitiid droech Warren Hastings by in ferdrach dat yn augustus en septimber 1773 sletten waard, Kora en Allahabad wer oer oan 'e nawab fan Oudh, foar de priis fan fiif miljoen rupees .

Yn 1798 sleat Saadat Ali Khan II , nei't er troch John Shore op 'e troan fan Oudh holpen wie, in nij ferdrach mei de Britske Eastyndyske Kompanjy, werby't er de festing fan Allahabad oan 'e Britten oerdroech. Trije jier letter kaam der wer in nij ferdrach tusken Oudh en de Kompanjy ta stan nei't Richard Wellesley drige hie om hiele Oudh mar te anneksearjen . It leger fan Oudh waard doe opheft en ferfongen troch troepen yn 'e tsjinst fan 'e Kompanjy, wylst Rohilkhand , Gorakhpur en Doab (der't ek Allahabad ta hearde) troch Oudh ofstien waarden oan 'e Kompanjy.

Mahatma Gandhi op in gearkomste yn 'e filla Anand Bhavan yn Allahabad, mei Vallabhbhai Patel en Vijaya Lakshmi Pandit .

Under de Britten [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Under it bewald fan 'e Britske Eastyndyske Kompanjy groeide Allahabad ut ta in wichtich ekonomysk sintrum foar de hiele regio fan 'e Gangetyske Flakte . Yn 1833 waard it de haadsted fan 'e Ofstiene en Ferovere Provinsjes , foar't yn 1835 Agra dy funksje oernaam. Doe't yn 1857 de Yndyske Opstan utbriek, joech ek Allahabad him derby. De opstannelingen yn 'e sted stiene under lieding fan Maulvi Liaquat Ali , waans oanhingers de Jeropeeske soldaten yn Allahabad ofslachten .

Nei't de opstan bloedich underdrukt wie, waard it bestjoer oer Britsk-Ynje de Kompanjy untnommen. De koloanje kaam doe under it bewald fan 'e Britske oerheid te stean. De proklamaasje fan keninginne Fiktoaria der't dy feroaring syn beslach yn krige, waard begjin 1858 troch Lord Canning yn it Minto Park yn Allahabad bekendmakke en foarlezen. Canning, dy't de earste underkening fan Britsk-Ynje wie, rjochte yn Allahabad in heechgerjochtshof op en festige der ek in regionaal plysjehaadkertier . Nei in bestjoerlike herfoarming waard Allahabad yn 1858 de haadsted fan 'e Noardwestlike Provinsjes , in funksje dy't de sted behold oant 1877 . Teffens wie Allahabad yn 1858 ien dei lang de haadsted fan hiel Britsk-Ynje. Yn 1877 waarden de provinsjes Agra en Oudh gearfoege ta de Feriene Provinsjes , der't Allahabad fan 1902 oant 1920 de haadsted fan wie.

De Nije Yamuna-brege , de langste tuibrege fan Yndia .

Allahabad wie ek fan it begjin of oan in wichtich plak foar de Yndiaaske unofhinklikheidsbeweging . Yn 1888 waard der al in gearkomste holden fan it Yndysk Nasjonaal Kongres , en tsjin 'e iuwwiksel wie de sted utgroeid ta in sintrum fan revolusjonere aktiviteit. Dat bleau sa yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw , doe't yn 'e wenten fan 'e Nehru-famylje , Anand Bhavan en Swaraj Bhavan , de takomst fan in unofhinklik Yndia utstippele waard, wylst ferskate militante unofhinklikheidsaktivisten yn 'e sted terroristyske oanslaggen diene op Britske doelen. Ek de ierste siedsjes foar de unofhinklikheid fan Pakistan waarden yn Allahabad plante, te witten op 29 desimber 1930 , doe't Allama Muhammad Iqbal yn in taspraak foar in gearkomste fan 'e Al-Yndyske Moslimliga de oprjochting fan in aparte steat bepleite dy't bestean moast ut 'e regio's fan Britsk-Ynje der't moslims de mearderheid fan 'e befolking utmakken.

De Universiteit fan Allahabad .

Sunt de unofhinklikheid [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Allahabad stiet bekend as de "Sted fan 'e Premiers", mei't 7 fan 'e 15 premiers fan it unofhinklike Yndia konneksjes mei de sted hiene ( Jawaharlal Nehru , Lal Bahadur Shastri , Indira Gandhi , Rajiv Gandhi , Gulzarilal Nanda , V.P. Singh en Chandra Shekhar ). Dyselden waarden of berne yn Allahabad, of studearren der, of waarden yn it Yndiaaske parlemint keazen foar it kiesdistrikt fan Allahabad.

Yn 2016 makke de Wraldsunensorganisaasje (WHO) yn syn Global Urban Ambient Air Pollution Database bekend dat Allahabad de op twa nei heechste foarm fan luchtfersmoarging (<2.5 μm diameter) hie fan alle 2.972 steden dy't yn dat undersyk meinommen wiene. De iennichste steden der't it noch minder steld wie mei de lucht , wiene Zabol yn Iraan en Gwalior yn Yndia .

Allahabad hjoed de dei [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De ekonomy fan Allahabad is tige ferskaat en dertroch stabyl. Wichtige sektoaren foar de beropsbefolking fan 'e sted binne u.m. de ryks- en steats oerheden , it underwiis , undersyksynstituten , de bou , de makelardij , de detailhannel , it bankwezen , de horeka , de toeristyske sektor , de itensferwurkjende yndustry , de glesyndustry en de transportsektor . Wichtige bedriuwen dy't harren haadkertieren yn Allahabad hawwe, binne Allahabad Bank , Bharat Pumps & Compressors en de boekhannelkeatling A.H. Wheeler . Yn it distrikt om 'e sted hinne binne toerisme , fiskerij en lanbou de wichtichste ekonomyske sektoaren.

In prosesje fan pylgers stekt de Ganges oer under de Kumbh Mela fan 2001 .

Allahabad hat trije universiteiten . De Universiteit fan Allahabad , oprjochte yn 1876 , is de aldste universiteit fan Uttar Pradesh . It Motilal Nehru Nasjonaal Ynstitut foar Technology Allahabad is in technyske universiteit fan namme. En de Steatsuniversiteit fan Allahabad makket it trijetal fol. Fierders is yn Allahabad ek de Sam Higginbottom Universiteit foar Lanbou, Technology en Wittenskippen festige, in ynstitut foar heger underwiis fan 'e kristlike minderheid ut 'e omkriten fan 'e sted. Deropta hat Allahabad ek in iepen universiteit : de Uttar Pradesh Rajarshi Tandon Open University .

De alde sted fan Allahabad leit oan 'e sudkant fan 'e spoarline dy't de sted yn east-westrjochting midstwa snijt. Der binne in protte gebouwen dy't mei Yndo-islamityske of Yndo-Saraseenske arsjitektuer noch de sfear fan it Ynje fan 'e grut-mogols azemje. De nije sted, oan 'e noardkant fan it spoar, bestiet ut wiken dy't boud binne yn 'e tiid fan it Britske koloniaal bestjoer . De wyk Civil Lines , yn 'e nije sted, is it sakedistrikt fan 'e Allahabad, en stiet bekend om 'e moderne arsjitektuer , wolkekliuwers en kearsrjochte strjitten dy't neffens in roaster oanlein binne. De wyk waard boud fan 1857 of en wie it grutste stedsplanningsprojekt dat ea yn Yndia utfierd waard foar de oanlis fan 'e nije nasjonale haadsted Nij-Delly .

Ferneamde gebouwen yn Allahabad binne u.o. it Allahabad Museum , de Iepenbiere Bibleteek fan Allahabad (ek bekend as Thornhill Mayne Memorial), it Fort fan Allahabad , de Nije Yamuna-brege , de Universiteit fan Allahabad , de Alderheljenkatedraal en de filla Anand Bhavan . Oare besjensweardichheden binne Alfred Park , Minto Park , it Tinkteken foar Fiktoaria , it Allahabad Museum , it Jawahar Planetarium , de Pylder fan Asjoka en tun Khusro Bagh , der't ferskate grutte mausolea steane. De wichtichste ghat ( trep nei de igge fan 'e rivier) yn Allahabad is de Saraswati Ghat , oan 'e igge fan 'e Yamuna , der't fan trije kanten of treppens omleech liede nei it griene rivierwetter. Dernjonken binne der mear as hundert saneamde 'rouwe' ghats yn 'e sted (der't gjin treppens oanlein binne, mar der't de minsken wol tradisjoneel yn 'e rivier baaie en waskje .

De filla Anand Bhavan yn Allahabad, der't de lieders fan 'e Yndiaaske unofhinklikheidsbeweging gearkamen.

Allahabad is ien fan 'e fjouwer hillichste plakken fan it hindoeisme . Ienris yn 'e tolve jier wurdt yn 'e sted de Maha ("grutte") Kumbh Mela holden, de grutste religieuze gearkomste yn 'e wrald, der't tsientallen miljoenen pylgers op of komme. Yn it sechsde jier tusken de fierings fan 'e Kumbh Mela yn Allahabad yn, fynt yn 'e sted de folle lytsere Ardh ("heale") Kumbh Mela plak. Fanwegen de religieuze betsjutting fan 'e sted is yn Allahabad troch de jierren hinne de jiske fan in ferskate Yndiaaske nasjonale lieders utstruid oer it wetter fan 'e hillige rivier de Ganges . Dat waard bygelyks yn 1948 dien mei de jiske fan Mahatma Gandhi .

Demografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Allahabad hie yn 1981 neffens gegevens fan 'e folkstelling fan dat jier goed 642.000 ynwenners. Tsien jier letter, yn 1991 , wie dat oantal oanwoeksen ta krapoan 793.000. Yn 2001 hie Allahabad in befolking fan goed 990.000 minsken , en yn 2011 hie de sted 1.117.094 ynwenners. Op in oerflak fan 82  km² komt dat del op in befolkingstichtens fan 13.623 minsken de km². It persintaazje analfabeten leit under de manlike ynwenners fan Allahabad op 8,2% en under froulike ynwenners op 17,8%.

De ynwenners fan Allahabad binne yn grutte mearderheid etnyske Hindoestanen . De dominante taal dy't yn 'e sted sprutsen wurdt, is it Hindy (of Hindoestaansk), dat ek de offisjele taal is fan 'e steat Uttar Pradesh . It Oerdu (de fiertaal fan 'e islamityske minderheid ) en ferskate oare talen wurde yn 'e sted ek sprutsen.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 besteane de ynwenners fan Allahabad yn religieus opsicht foar it meastepart ut hindoes (76,0%), folge troch moslims (21,9%), kristenen (0,7%), sikhs (0,3%), boedisten (0,3%) en jaina's (0,1%). Ateisten en agnosten meitsje mar 0,9% fan 'e befolking ut.

It Heechgerjochtshof fan Allahabad .

Berne yn Allahabad [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Klimaat [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Allahabad hat in fochtich subtropysk klimaat , mei trije jiertiden : in gleonhjitte druge simmer , in koele druge winter en in hjitte neare moesson . De simmer duorret fan maart oant en mei novimber , tusken juny en augustus underbrutsen troch de moesson. De winter rint fan desimber oant en mei febrewaris . Yn maaie , de hjitste moanne , is de trochsneed temperatuer oerdeis 41,6 °C, mei utsjitters oant rom boppe de 48 °C. Yn jannewaris , de kaldste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis likegoed noch 23,2 °C. Rekortemperatueren yn Allahabad wiene 48,8 °C yn 'e simmer en ?0,7 °C yn 'e winter. De measte rein falt yn july en augustus . Sniefal is yn Allahabad noch nea waarnommen, mar wol hat de sted yn it winterseizoen te krijen mei tichte smog troch de talrike hout - en koalfjurren , wat resultearret yn oansjenlik ferkears - en reisfertragings .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .