한국   대만   중국   일본 
Alfred Jodl - Wikipedy Springe nei ynhald

Alfred Jodl

Ut Wikipedy
Alfred Jodl

Alfred Jodl ( Wurzburg , 10 maaie 1890 - Neurenberch , 16 oktober 1946 ) wie in Dutsk soldaat en generaal.

Hy wie de soan fan artillery offisier Alfred Jodl en syn oarehelte Therese Baumgartler. Yn 1910 kaam de 20 jierrige Jodl fan de kadetskoalle yn Munchen as artilleryoffisier fan it Dutske leger.

Yn de Earste Wraldkriich focht er as artilleryoffisier yn 1914-1916 oan it westfront; yn de jierren 1917-1918 siet er as stafoffisier oan it eastfront.

Yn 1923 kaam er mei Adolf Hitler yn 'e kunde. Yn 1935 waard er generaal-majoar fan de Deutsche Wehrmacht . Dermei wie er yn de Twadde Wraldkriich de heechste militer fan de Dutske lanmacht.

Jodl hie yn de Twadde Wraldkriich in wichtige rol yn de fjildtochten op de Balkan en de Sowjetuny . Op 23 maaie 1945 waard er, lykas de oare leden fan it Flensburchregear , arrestearre.

By de Prosessen fan Neurenberch waard er foar fjouwer punten oanklage en skuldich ferklearre:

Alfred Jodl krige de deastraf en waard ophongen op 16 oktober 1946. Hy waard 56 jier.

Yn 1953 kaam de saak Jodl nochris op it aljemint by in Dutske arbitrale kommisje en der waard feststeld dat er inkeld syn plicht dien hie en net skuldich wie oan oarlochsmisdieden. Syn frou krige de besittingen werom dy't ofnaam waarden yn 1946. Lykwols is it advys fan de kommisje under druk fan de Beierske minister foar politike befrijding teneate dien.

Literatuer [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Walter Gorlitz: "Keitel, Jodl and Warlimont", yn Hitler's Generals, ed. Correlli Barnett. Londen : Weidenfeld and Nicolson 1989.
  • Luise Jodl: Jenseits des Endes: Der Weg des Generaloberst Jodl. Langen Muller, Munchen 1987, ISBN 3-7844-2145-8 .
  • Axel Kellmann: Generaloberst Alfred Jodl ? Chef des Wehrmachtfuhrungsstabes: Ein Beitrag zur Diskussion uber das Verhaltnis zwischen Wehrmacht und NS-Regime. Pirrot, Saarbrucken 2004, ISBN 3-930714-95-7 .
  • Guido Knopp: Hitlers Manager. Goldmann, Munchen 2007, ISBN 978-3-442-15423-4 .
  • Kenneth Macksey: Generaloberst Alfred Jodl. Yn: Gerd R. Ueberschar (Hrsg.): Hitlers militarische Elite. Band 1, Primus, Darmstadt 1998, ISBN 3-89678-083-2 , s. 102?111.
  • Bodo Scheuri]: Alfred Jodl: Gehorsam und Verhangnis. Propylaen, Berlyn , Frankfurt am Main 1991.
  • Alan Wilt: Alfred Jodl ? Hitlers Besprechungsoffizier. Yn: Ronald Smelser, Enrico Syring (Hrsg.): Die Militarelite des Dritten Reiches. Ullstein, Berlyn, Frankfurt am Main 1995, ISBN 3-548-33220-X , s. 236?250.
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alfred Jodl fan Wikimedia Commons .