한국   대만   중국   일본 
Aktueel (tydskrift) - Wikipedy Springe nei ynhald

Aktueel (tydskrift)

Ut Wikipedy
Aktueel
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlansk
taal Nederlansk
sjenre manljusbled
frekwinsje 1x wyks
bestean 1978 ? 2012
ISSN unbekend

Aktueel wie in Nederlansk tydskrift dat foar it meastepart manlju as doelgroep hie. It wie in wykbled weryn't publisearre waard oer de entertainmentyndustry , sport en misdie . Fierders stiene der artikels yn oer aktuele underwerpen , mei deropta ien of twa neakenfotoreportaazjes fan jonge froulju .

Aktueel untstie yn 1982 troch in nammewiziging fan it yn 1978 oprjochte tydskrift Rits . Nei 24 jier lang ferskynd te wezen as Aktueel , folge op 21 juny 2006 in twadde nammeferoaring. Dernei gie it wykbled fierder as Aktueel Sportief . It rjochte him fan dat stuit of benammen op sport , en de eroatyske ynhald ferdwun suver hielendal ut it tydskrift.

Al yn maart 2009 waard de namme foar de trede kear feroare. It bled kaam doe Aktueel MAN te hjitten, mei in ynhald dy't wer mear op manlju en minder algemien op sport rjochte wie. De nije formule holp lykwols net om 'e oplaach te fergrutsjen; it tydskrift rekke finansjeel yn 'e benearing, en waard yn 2012 uteinlik opheft.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch dizze side .