한국   대만   중국   일본 
Agnes Tilli - Wikipedy Springe nei ynhald

Agnes Tilli

Ut Wikipedy
Agnes Tilli
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysunderheden
oare artyste-
       nammen
Agnes, Agnes Fauludi,
Agnes Palazzi, Agnes Titti
echte namme unbekend
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 21 jannewaris 1976
berteplak unbekend (yn Hongarije )
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel , pornoaktrise
jierren aktyf 1995
offisjele webside
gjint

Agnes Tilli (yn Hongarije , 21 jannewaris 1976 ), is in restend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise . Hja makke ek wol gebruk fan 'e artystenammen Agnes Faludi, Agnes Palazzi, Agnes Titti of koartwei Agnes. Tilli wie yn 1995 aktyf yn 'e Jeropeeske pornoyndustry en spile yn in stikmannich films .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Tilli waard yn 1976 earne yn Hongarije berne . Hja waard yn 1995 untdutsen troch de Franske porno regisseur Pierre Woodman , en makke noch datselde jiers , mei njoggentjin jier, har debut yn in pornografyske film . Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in stik as tolve films , werby't se benammen wurke foar it Sweedske Private - label , yn produksjes as Apocalypse Climax diel 1 en 2, Arrowhead , Private Video Magazine 24 en Triple X 3 .

Dernjonken wie se ek te sjen yn Selen Videomagazine 3 , fan 'e Italjaanske studio Italian Divudi, en yn 'e films Top Model diel 1 en 2 fan 'e Mario Salieri Entertainment Group . Tilli wurke gear mei u.m. de aktrises Anita Blond en Barbara Molat , en mei akteurs as Alain Deloin , Jon Dough , Richard Langin , Jean-Yves Lecastel , David Perry , Frank Towers en Frank Versace . Oan 'e ein fan 1995 loek Tilli har ut 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Agnes Tille is blank , mei brune eagen en dunkerbrun hier . Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang. Hja hie under har karriere as pornoaktrise gjin boarstfergrutting undergien. Tilli hat gjin piercings , utsein troch har earlellen , mar wol hat se in tatoeaazje op har lofterankel .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: