한국   대만   중국   일본 
Abeid Karume - Wikipedy Springe nei ynhald

Abeid Karume

Ut Wikipedy
Abeid Karume
politikus
echte namme Abeid Amani Karume
nasjonaliteit Tanzaniaansk
bertedatum 4 augustus 1905
berteplak Mwera ( Sansibar )
stjerdatum 7 april 1972
stjerplak Sansibar ( Sansibar )
etnisiteit Swahily
partij Afro-Sjirazy Partij (ASP)
presidint fan Sansibar
(en as sadanich fise-presidint fan Tanzania )
amtsperioade 1964 ? 1972
foargonger himsels (as presidint fan 'e Folksrepublyk Sansibar en Pemba)
opfolger Aboud Jumbe
presidint fan 'e Folksrepublyk Sansibar en Pemba
amtsperioade jannewaris ? april 1964
foargonger Djamsjyd bin Abdulla (as sultan fan Sansibar)
opfolger himsels (as presidint fan 'e autonome republyk Sansibar)

Abeid Karume (folut: Abeid Amani Karume ; Mwera ( Sansibar ), 4 augustus 1905 ? Sansibar ( Sansibar ), 7 april 1972 ) wie in Sansibareesk en letter Tanzaniaansk steatsman fan etnysk Swahily -komof. Nei de bloedige steatsgreep tsjin 'e leste sultan fan Sansibar , yn jannewaris 1964 , waard hy presidint fan 'e unofhinklike Folksrepublyk fan Sansibar en Pemba . Under ynternasjonale druk gie er in fearnsjier letter akkoart mei it opgean fan syn lan , tegearre mei de Republyk Tanganjika , yn 'e nije Feriene Republyk Tanzania . Karume waard doe presidint fan 'e autonome republyk Sansibar en as sadanich fise-presidint fan Tanzania. Acht jier letter waard er deasketten by in polityk motivearre moardoanslach .

Libben en karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Iere jierren [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Karume waard yn 1905 berne yn it doarp Mwera , op it eilan Sansibar , al soene syn politike tsjinstanners letter uthalde dat er hielendal net fan Sansibar kaam, mar berne wie yn Malawy . Foar dy bewearing bestiet lykwols gjin bewiis. Karume genoat net folle underwiis , mar wurke as seeman foar't er yn 'e polityk gie. Yn dy hoedanichheid ferliet er Sansibar ier yn syn libben en swalke er in protte oer de wraldseeen , werby't er u.m. Londen oandie. Der waard er ynwijd yn 'e geopolityk en ynternasjonale kwestjes doe't er yn 'e kunde kaam mei leden fan 'e Afrikaanske yntelligintsia , lykas Kamuzu Banda ut Malawy . Neitiid joech er him by de Afro-Sjirazy Partij (ASP), dy't in lytse radikale kloft fan 'e lanseigen Swahily -befolking fan it Sultanaat Sansibar fertsjintwurdige, dat doedestiden regearre waard troch in hegerein fan etnyske Arabieren .

Politike karriere [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Op 10 desimber 1963 waard Sansibar, dat sunt de njoggentjinde iuw de status fan in Britsk protektoraat han hie, unofhinklik as in konstitusjonele monargy . Der waarden ferkiezings holden, dy't wun waarden troch de Sansibareeske Nasjonale Partij (ZNP) en de Folkspartij fan Sansibar en Pemba (ZPPP). Neitiid waard in regear foarme troch de ZNP. Karume wie ree om binnen it demokratyske politike ramt fan it nije lan te wurkjen, en brocht plannen foar in steatsgreep troch syn maten fan 'e ASP oan 'e Britske plysje ut.

Mei dy ynformaasje waard lykwols neat dien, en op 'e jun fan 'e 12 jannewaris 1964 koe de kup sadwaande dochs plakfine. Karume sels wie der net by belutsen, mar ferkearde op dat stuit op it Afrikaanske festelan, yn it buorlan Tanganjika , in oare eardere Britske koloniale besitting, dy't yn 1961 selsstannich wurden wie. De lieder fan 'e rebulje wie John Okello , dy't oarspronklik ut Oeganda kaam. De Sansibareeske Revolusje wie suksesfol, en Djamsjyd bin Abdulla , de leste sultan fan Sansibar, waard ofset mank in protte bloedferjitten, werby't de tuzenen slachtoffers oer it algemien Sansibarezen fan Arabysk en Yndiaask komof wiene. Neitiid fun der in etnyske suvering plak, werby't frijwol alle Arabieren en teffens Swahily dy't foar in part Arabyske foaralden hiene, it lan untflechten en beskul sochten yn Omaan .

Nei't de ASP it op 'e Sansibareilannen foar it sizzen krigen hie, waard under lieding fan Okello de Folksrepublyk fan Sansibar en Pemba utroppen. Karume waard utnuge om werom te kearen en it amt fan presidint fan 'e nije republyk op te nimmen. Oare Sansibareeske ballingen waarden ek oproppen om wer thus te kommen, yn 't bysunder de marxistyske politikus Abdulrahman Mohammad Babu , dy't beneamd waard yn 'e Revolusjonere Ried , it hegerhus fan Sansibar. Foar himsels reservearre Okello de titel fan fjildmaarskalk , sunder dy fierder te definiearjen. Neitiid folge in trije moannen lange ynterne machtsstriid.

De byltenis fan Abeid Karume op it muntstik fan 200 skellings .

Karume brukte syn politike feardichheden en syn kontakten mei de lieders fan 'e Afrikaanske buorlannen om Okello te isolearjen, en nuge de Tanganjikaanske plysje ut om op Sansibar de oarder te hanthavenjen. Sadree't Okello op reis gie en Sansibar ferliet, ferklearre Karume him ta in 'fijan fan 'e steat' en ta persona non grata . Troch it ferlies fan harren lieder en de oanwezigens fan 'e Tanganjikaanske plysje, dy't op 'e han fan Karume wie, waarden Okello syn oanhingers butenspul setten.

Ynternasjonaal bestie yn it ramt fan 'e Kalde Oarloch grutte noed mank de Westerske machten oer de ynfloed fan Babu yn 'e nije folksrepublyk . Men freze dat dy de Sovjet-Uny de mooglikheid biede soe en festigje in bregehaad op 'e Eastafrikaanske kust. Derom waard der druk utoefene om it lytse Sansibar gear te foegjen mei it gruttere en polityk stabilere Tanganjika. Yn april 1964 sleat Karume derta in oerienkomst mei de Tanganjikaanske presidint Julius Nyerere , sadat der op 25 april in nij lan untstie, de Feriene Republyk Tanzania , werfan't de namme opmakke wie ut 'e earste wurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene.

Yn it nije lan waard Nyerere presidint en Karume waard presidint fan 'e autonome republyk Sansibar , in amt der't it fise-presidintskip fan Tanzania oan ferbun wie. Troch de uny mei Tanganjika wun Karume de ynternasjonale legitimiteit foar syn regear dy't er earder net krije kinnen hie, mei as gefolch dat it him slagge om Babu en dy syn kommunistyske oanhingers folslein te marginalisearjen. Acht jier letter, op 7 april 1972 , waard Karume lykwols troch fjouwer manlju deasketten yn it haadkertier fan 'e ASP yn 'e sted Sansibar . Babu, dy't derfan fertocht waard efter de moardoanslach te sitten, moast Tanzania untflechtsje.

De dea fan Karume, dy't in kontroversjeel steatsman wie, waard troch in diel fan 'e Sansibareeske befolking fierd, wylst in oar part fan 'e befolking om him roude . Neitiid folgen represaillemaatregels tsjin Karume syn politike tsjinstanners. Abeid Karume waard 66 jier. Syn soan Amani Abeid Karume waard yn 2000 en 2005 twaris keazen ta presidint fan Sansibar. Syn soan Ali Karume is ek aktyf yn 'e Tanzaniaanske polityk, en hat u.m. ambassadeur en minister west. De ynternasjonale lofthaven fan Sansibar, it Abeid Karume International Airport , is nei Karume ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .