한국   대만   중국   일본 
Omke - Wikipedy Springe nei ynhald

Omke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldomke )
In omke mei syn omkesizzers by it swimbad .

In omke is man waans broer of suster ien of mear bern hat. Sokke bern wurde omkesizzers neamd. Fanut it eachpunt fan 'e omkesizzer is in omke de broer fan jins heit of mem . Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip . In omke dielt 25% fan syn genetyske opmaak mei syn omkesizzer(s). It eigenskipswurd dat by 'omke' heart, is omkich , omke-eftich of avunkuler , fan it Latynske avunculus ("omke", letterlik: "lytse pake", fan avus , "pake"). De froulike wjergader fan in omke is in muoike .

Hoewol't men tsjintwurdich yn 'e regel sprekt fan "omke Jan" of "omke Pyt", foege men foarhinne yn it Frysk wol it efterheaksel "-om" oan 'e foarnamme fan in omke ta: "Jan-om" of "Pyt-om". Soks komt men bygelyks noch tsjin yn Rimen en Teltsjes fan 'e Bruorren Halbertsma , en ek yn guon siswizen : "As Marten-om foar 't ljocht komt, dan kin Willem-om him wol opbergje" (in wurdspiling op "moatte" en "wille": 'as it moat, dan is it dien mei de wille').

Der binne ferskate soarten omkes. In biologyske omke is de broer of healbroer fan ien fan jins alden . As it om in healbroer fan ien fan jins alden giet, soe men, as it derop oankomt, sprekke kinne fan in healomke . In oantroude omke is de sweager fan ien fan jins alden , en in styfomke is de styfbroer fan ien fan jins alden. Yn alle neamde gefallen wurdt yn 'e regel gewoan fan 'omke' sprutsen. Dat is net (altyd) it gefal mei in aldomke , dat in broer fan jins pake of beppe is. In oeraldomke is de broer fan jins oerpake of oerbeppe , in oeroeraldomke is de broer fan jins betoerpake of betoerbeppe , en sa fierder.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .


Besibskip
earstegraads besibskip
alden  ( heit  ? mem ) | bern  ( soan  ? dochter ) | sibling  ( broer  ? suster )
twaddegraads besibskip
pake en beppe  ( pake  ? beppe ) | pake- en beppesizzer  | omke  | muoike  | omke- en muoikesizzer  | healsibling  ( healbroer  ? healsuster )
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe  ( oerpake  ? oerbeppe ) | oerpake- en -beppesizzer  | aldomke  | aldmuoike  | aldomke- en -muoikesizzer  | neef  | nicht  | healomke  | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe  ( betoerpake  ? betoerbeppe ) | betoerpake- en -beppesizzer  | oeraldomke  | oeraldmuoike  | oeraldomke- en -muoikesizzer  | efterneef  | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte  ( man  ? frou ) | skoanalden  ( skoanheit  ? skoanmem ) | sweager  | skoansuster  | skoanbern  ( skoansoan  ? skoandochter ) | oantroude omke  | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfalder  ( styfheit  ? styfmem ) | styfbern  ( styfsoan  ? styfdochter ) | styfsibling  ( styfbroer  ? styfsuster ) | styfpake  | styfbeppe  | styfpakesizzer  | styfbeppesizzer  | styfomke  | styfmuoike  | styfomkesizzer  | styfmuoikesizzer
oar
adopsje  | allinnichsteande alder  | bloedsibskip  | famylje  | foaralden  | foarbern  ( foarsoan  ? foardochter ) | generaasje  | gesin  | hushalding  | ienlingsbern  | neiteam  | oansibskip  | oerwun bern  | ofstamming  | pleechgesin  | probandus  | list fan beneamings foar generaasjes