Zootopia
(yn beskate
lannen
, werunder
Nederlan
, utbrocht as
Zootropolis
, sjoch
hjirre
) is in
Amerikaanske
kompjuteranimearre
tekenfilm
ut
2016
. It wie de 55e
junfoljende film
fan 'e
Walt Disney Animation Studios
. De
rezjy
wie yn 'e hannen fan
Byron Howard
en
Rich Moore
, wylst de
haadrollen
ynsprutsen waarden troch
stimakteurs
Ginnifer Goodwin
en
Jason Bateman
.
Zootopia
is in
famyljefilm
en
plysjefilm
, dy't spilet yn in
metropoal
, befolke troch
antropomorfe
bisten
fan alderlei
soarten
. De
plot
folget Judy Hopps, de earste
wylde knyn
dy't de
plysjeskoalle
ofrune hat, wylst se besiket tsjin alle
foaroardielen
yn in plakje te feroverjen yn it
plysjekorps
fan Zootopia. De film briek nei de
premiere
yn
maart
2016
rekors yn 'e
bioskopen
, en wie de fjirde tekenfilm ut 'e
skiednis
fan 'e
filmyndustry
dy't mear as
$
1 miljard opbrocht.
Zootopia
wun de
Oscar
yn 'e
kategory
beste tekenfilm en ferskate oare prestizjeuze
prizen
.
Yn in wrald dy't folslein befolke wurdt troch
antropomorfe
(har as
minsken
gedragende)
bisten
, ferfollet de
wylde knyn
Judy Hopps, dy't ofkomstich is ut it
plattelansdoarpke
Bunnyburrow, de dream dy't se al as jongknyntsje hie troch
plysje
te wurden yn 'e grutte
metropoal
Zootopia (of Zootropolis, ofhinklik fan 'e filmtitel dy't brukt wurdt). Der blike lykwols suver allinne mar manske bisten te wurkjen, lykas
oaljefanten
,
noashoarnen
en
nylhoarsen
. Judy is de earste knyn dy't de
plysje-oplieding
trochrun hat. Hoewol't se as de beste fan har
klasse
fan 'e
plysjeskoalle
kommen is, wurdt Judy troch
kommissaris
Bogo (in
Kaapske buffel
) oan it wurk set as
parkearwachter
, om't hy net ynsjocht hoe't in knyn doeltreffend as 'echte' plysje wurkje kinne soe. Dat is in grutte
teloarstelling
foar Judy, temear om't se har safolle foarsteld hie fan har wurk as plysje yn 'e grutte sted. Har earste dei op it wurk wurdt noch helte minder as se har bedonderje lit troch in
oplichtersduo
, besteande ut 'e
foks
Nick Wilde en de
fennek
Finnick.
As se likernoch in
wike
oan it wurk is as parkearwachter, en suver beswykt under it
deprimearjende
karakter fan dy
baan
, wurdt se op in dei oanklampt troch in
winkelbaarch
dy't fan in sekfol
bollen
fan 'e
krookjesoarte
Midnicampum holicithias
bestellen
is troch in bretale
gaudief
, de
wezeling
Duke Weaselton. Judy set de efterfolging yn, dy't liedt nei in diel fan 'e sted der't lytse bisten as
muzen
en
pipermuzen
libje. Weaselton besiket Judy op alle mooglike manearen of te lieden fan har efterfolging, under mear troch in
uthingboerd
, besteande ut in
doughnut
ter grutte fan in
redingsboei
, los te skuorren en nei har ta te smiten. Judy kin it ding krekt op 'e tiid pakke foar't it in
froulike
pipermus ferpletteret dy't krekt op dat stuit in
sebrapaad
oerstekt.
Uteinlik wit Judy Weaselton te fangen, mar neitiid kriget se op har kop fan kommissaris Bogo fanwegen alle skea en alteraasje dy't har efterfolging fan Weaselton oanrjochte hat, en om't it har wurk as parkearwachter net is om winkeldieven te fangen. Wylst se yn syn
kantoar
de wyn fan foarren kriget, komt frou Otterton der binnen, in
rivierotter
dy't de kommissaris al dagenlang lestich falt oer de ferdwining fan har
man
Emmitt. Om't der yn koarte tiid fjirtjin
rofdieren
ferdwun binne, werfan't de oare trettjin allegear in stik grutter binne as in
otter
, hat de ferdwining fan Otterton foar kommissaris Bogo op dat stuit net in soad prioriteit. As Judy lykwols oanbiedt om it undersyk nei de Otterton-ferdwining op har te nimmen en
loko-boargemaster
Dawn Bellwether (in
ei
), dy't krekt op dat stuit ek it kantoar binnenkomt, dat in goed plan taliket, kin Bogo net oars as Judy op 'e saak sette. Hy praat lykwols mei har of dat se 48
oeren
de tiid hat om Emmitt Otterton werom te finen. As dat har net slagget, moat se
untslach
nimme by de plysje.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
Oan 'e han fan in ofdruk fan in byld fan in
befeiligingskamera
stelt Judy fest dat de oplichter Nick Wilde de lest bekende persoan is dy't Otterton libben sjoen hat. Mei de
banrekorder
yn har
pinne
nimt se in
petear
op dat se mei Nick fiert, weryn't hy tajout dat er him skuldich makke hat oan
belestingfraude
. Neitiid
sjantearret
Judy him mei dy opname om har te helpen by it weromfinen fan Otterton. Troch Nick syn bekendheid mei de sted en de
underwrald
untdekke Judy en hy dat Otterton nei syn moeting mei Nick yn in
limusine
stapt is. Earst tinke se dat de otter
untfierd
is, en dat fermoeden liket befestige te wurden as se de oangeande limusine fine en Nick der spoaren yn untdekt dy't liede nei de
maffiabaas
Mr. Big.
It hiele undersyk liket yn in fiasko te einigjen as Nick en Judy
finzen
nommen wurde troch de trewanten fan Mr. Big, dat in miniskule
poalpipermus
blykt te wezen, dy't bewekke wurdt troch in eskadron reuseftige
iisbearen
. Mr. Big hat noch in appeltsje te skilen mei Nick om't dy oan syn
muoike
in '
tapyt
' ferkocht hat dat de
pels
fan 'e
kont
fan in
stjonkdier
bliek te wezen. Op it stuit dat Nick en Judy
ombrocht
drige te wurden, ferskynt lykwols Mr. Big syn
dochter
Fru Fru op it toaniel, dat deselde pipermus blykt te wezen dy't Judy earder fan 'e ferplettering troch it doughnut-uthingboerd reden hat. As tank foar it reden fan it libben fan syn dochter beslut Mr. Big Judy en Nick dan by it undersyk te helpen. Hy fertelt dat Otterton ut frije wil yn 'e limusine ynstapt wie, om't er in saak mei Mr. Big of te hanneljen hie, mar dat er underweis degenerearre ta in
ferwyldere steat
en Mr. Big syn
sjauffeur
Manchas oanfoel om dernei ut te piken.
As Judy en Nick nei it hus geane fan Manchas (in swarte
jaguar
), fertelt dy harren dat Otterton wat raasde oer "nachtgulers" foar't er him oanfoel. Nei't er lykwols mar in pear tellen ut harren sicht west hat, rekket Manchas sels ek ferwyldere en falt er Judy en Nick oan. By in eange
nachtlike
efterfolging troch it
reinwalddistrikt
fan Zootopia redt Judy Nick syn libben troch Manchas fest te setten en it plysjeburo om help te skiljen. Mar as kommissaris Bogo mei fersterkings arrivearret, blykt Manchas ferdwun te wezen. De kommissaris leaut neat fan Judy har ferhaal, en mient dat it alhiel fuortkomt ut 'e skrikfalligens werfan't eltsenien wit dat kninen deroan lije. It bewiist foar him dat sy ungeskikt is om by de plysje te wurkjen en hy easket daliks har untslach. Nick bringt him lykwols fyntsjes tebinnen dat Judy 48 oeren hie om 'e ferdwining fan Otterton op te lossen, en dat derfan noch 10 oeren oer binne.
As se harren rie te'n ein it
stedhus
besykje, biedt loko-boargemaster Bellwether Judy en Nick direkte tagong ta de bylden fan 'e
befeiligingskamera's
yn 'e sted. Dan untdekke se dat Manchas finzen nommen is troch
wolven
, en Judy nimt daliks oan dat dat de "nachtgulers" binne der't Otterton it oer hie (wolven gule ommers nei de moanne, sa't eltsenien wit). Sy en Nick folgje it spoar fan Manchas en syn untfierders nei it Psychiatrysk Sikehus Cliffside, en as se der
ynbrekke
, fine se net inkeld Manchas werom, mar ek Otterton en alle oare trettjin ferdwune rofdieren. Boppedat untdekke se dat
boargemaster
Leodore Lionheart (in
liuw
) harren der buten it sicht fan 'e
media
en de
publike opiny
finzen haldt wylst er
wittenskippers
oan it wurk hat om 'e oarsaak fan harren ferwyldering te undersykjen. Lionheart is deabenaud dat utkomme sil dat rofdieren samar ferwylderje en oare bisten oanfalle kinne: as liuw is hy ommers ek in rofdier, en soks soe samar de ein fan syn
politike
karriere
betsjutte kinne.
Judy en Nick beluke kommissaris Bogo en de plysje by harren untdekking. Derop wurde Lionheart en de stef fan it
psychiatrysk sikehus
arrestearre
foar
untfiering
en unrjochtlike
finzenskip
.
Loko-boargemaster
Bellwether wurdt de nije boargemaster. Judy, dy't under harren undersyk
befreone
rekke is mei Nick, freget him om him yn te skriuwen foar de plysjeskoalle, om't er oanlis hat foar plysjewurk, en om't sy ferlet hat fan in partner. Sels kriget Judy no einlings en te'n lesten de erkenning der't se sa lang op longere hat, mar dat blykt in twasnedich swurd te wezen. By in
parsekonferinsje
ferpraat se har troch te suggerearjen dat de reden foar de ferwyldering fan 'e untfierde bisten dy't yn it psychiatrysk sikehus weromfun binne, gearhinget mei harren
biology
as
rofdieren
. Dermei ropt se
eangst
op under de 90% fan 'e ynwenners fan Zootopia dy't ut
proaidieren
bestiet, en dy eangst slacht al rillegau om yn
haat
en
diskriminaasje
. Ek har eigen freonskip mei Nick, dy't ommers as foks ek in rofdier is, kriget in slimme knau, en hy wol neat mear fan har witte. Mei't se har
skuldich
fielt en it gefoel hat dat se mei har wurden Zootopia fernield hat, nimt Judy neitiid untslach en keart werom nei Bunnyburrow. Der lukt se wer by har
alden
yn, dy't
woartels
en
blauwe blebberbeien
ferbouwe
en ferkeapje.
Op in stuit komt yn in
petear
mei har
heit
en
mem
te praat dat 'nachtgulers' in
bynamme
is foar in beskate
soarte
krookjes
. Sokke
blommen
befetsje in
neurotoksine
dat op
suchdieren
slimme
psychotropyske effekten
hat dy't liede ta in steat fan
ferstanleaze
agresje
. As Judy beseft dat it om deselde soarte krookje giet as der't Duke Weaselton de blombollen fan stiel, giet har in ljocht op. Se giet halje-trawalje werom nei Zootopia, der't se har
ruzje
mei Nick byleit. Neitiid konfrontearje sy beiden Weaselton mei Judy har nije ynformaasje, en Weaselton jout dan ta (nei't Mr. Big him derfan oertsjuge hat dat it it beste foar him is om mei te wurkjen) dat er de blombollen stellen hie foar in unsympatike
raam
dy't Doug hjit. Judy en Nick fine Doug yn in
laboratoarium
yn in alde
metrotrein
yn in
tunnel
under Zootopia, der't er dwaande is om mear fan it
gif
fan 'e nachtgulers te meitsjen, dat er yn in
ferdovingspylkje
docht om ofsketten te wurden mei in
ferdovingsgewear
. Ut in
tillefoanpetear
kinne Judy en Nick ofliede dat Doug dejinge is dy't alle 'ferwyldere' rofdieren mei it gif ynjektearre hat troch se mei it ferdovingsgewear te sjitten.
Judy en Nick besykje mei de metrotrein ut te naaien, mar trochdat de tsjinwurking fan Doug en twa oare rammen op in oanhaldend gefjocht utrint, rekket de metro uteinlik yn in tunnel under it Natoerhistoarysk Museum untspoard mei as gefolch in untploffing en in
bran
werby't alle bewiismateriaal yn flammen opgiet. Utsein it ferdovingsgewear mei it leste ferdovingspylkje, dat Nick ut 'e metrowagon reden hat. Ear't Judy en Nick kontakt opnimme kinne mei de plysje, wurdt harren yn it
museum
lykwols de pas ofsnien troch boargemaster Dawn Bellwether, foar wa't Doug en de oare rammen blike te wurkjen. Judy en Nick komme tegearre finzen te sitten yn ien fan 'e
utstallings
nei't Nick wegeret om Judy efter te litten as dy har
ankel
ferdraaid hat. Bellwether, dy't it ferdovingsgewear fun hat dat Nike en Judy op harren flecht kwytrekke binne, sjit Nick mei it ferdovingspylkje, mei as gefolch dat er ferwyldere rekket en him tsjin Judy keart. Underwilens skillet Bellwether sels de plysje op om oan te jaan dat se der tsjuge fan is hoe't in ferwyldere foks yn it Natoerhistoarysk Museum efter in warleas knyntsje oan sit.
Dernei makket se harsels oan Judy bekend as it masterbrein efter in
gearspanning
fan
supremasistyske
proaidieren, dy't rofdieren besykje of te skilderjen as gefaarlike gekken dy't op elts momint ferwyldere reitsje en oare bisten oanfalle kinne. Se mient dat de publike opiny him nei Judy har dea troch Nick syn tadwaan noch fierder tsjin 'e rofdieren keare sil. As lykwols blykt dat Nick en Judy de ferwyldering en de oanfal mar spile hawwe, mei't se it ferdovingspylkje yn it gewear ferfongen hiene troch in blauwe blebberbei, driget in
poerrazene
Bellwether om harren beiden foar de hiele gearspanning opdraaie te litten. Mar dan lit Judy har witte dat se Bellwether har de hiele
monolooch
opnommen hat mei de banrecorder yn har pinne. Bellwether besiket noch te untkommen, mar underwilens is kommissaris Bogo mei in plysjeteam op it toaniel ferskynd, en hy hat it leste diel fan it petear tusken Judy en Bellwether heard. De boargemaster en har trewanten wurde derop daliks oppakt en ferdwine efter de traaljes.
Yn in
fraachpetear
mei de
media
untstriidt de finzen sittende eardere boargemaster Lionheart dat er wat fan Bellwether har gearspanning ofwist, wylst er tagelyk uthaldt dat syn beslut om 'e 'ferwyldere' rofdieren finzen te halden "it ferkearde wie om te dwaan, mar om 'e goede redens." No't de oarsaak fan 'e 'ferwyldering' bekend is, duorret it net lang ear't wittenskippers in
tsjingif
untwikkele hawwe, dat alle 'ferwyldere' rofdieren wer by sinnen bringt. De haat tsjin en diskriminaasje fan rofdieren belunet neitiid, mei't in soad proaidieren har
skamje
foar harren
halden en dragen
. Judy kriget har baan by de plysje werom en Nick lit him ynskriuwe oan 'e plysjeskoalle, dy't er yn 'e koartste kearen trochrint om Judy har feste partner te wurden. De film einiget mei in
popkonsert
fan 'e
sjongster
en
dunseresse
Gazelle (in idoal dat de hiele film troch al ut en troch neamd waard en opdukte), der't alle personaazjes by oanwezich binne, utsein Bellwether en Lionheart, dy't der inkeld in ferslach fan sjogge op
tillefyzje
yn it
tichthus
.
- haadrollen
- byrollen
Zootopia
begun by
Byron Howard
, dy't in
film
meitsje woe mei
antropomorfe
bisten
, krekt sa't
Disney
dat ek dien hie yn 'e
1970-er jierren
, mei
Robin Hood
. It gie him derom dat de bisten yn in moderne, antropomorfe wrald libje moasten, dy't lykwols untwurpen wie foar bisten troch bisten, en der't gjin
minsken
yn foarkamen. Dermei wykten syn ideeen of fan oare films oer antropomorfe bisten, dy't oer it algemien of yn in natoerlike wrald libben (lykas yn
The Lion King
), of mank minsken yn in minsklike wrald (lykas yn
Lady and the Tramp
). Howard betocht in stikmannich ferhalen dy't er foarlei oan
utfierend produsint
John Lasseter
, werunder in 'bisteftige' adaptaasje fan
De Trije Musketiers
en in
science fiction
-ferhaal oer in
mophun
dy't as
preemjejager
yn 'e
romte
wurke.
Hoewol't Lasseter net folle yn dy ferhalen seach, fun er it idee fan antropomorfe bisten yn in eigen wrald yntrigearjend. Howard betocht derop in nij,
James Bond
-eftich ferhaal tsjin it dekor fan 'e
1960-er jierren
, mei as titel
Savage Seas
, oer de
poalhazze
Jack Savage. Dat ferhaal wie Lasseter goed genoch om it fierder ut te wurkjen, en
Jared Bush
waard ynhierd om derfoar mei Howard gear te wurkjen. Bush wie entusjast oer
Savage Seas
om't syn eigen
heit
en
pake
foar de
CIA
wurke hiene. By de utwurking der't Howard en Bush nei ferrin fan tiid mei op 'e lapen kamen, die bliken dat it earste diel fan it
senario
, dat him ofspile yn in sted fan en foar bisten, fierwei it aardichste part wie. Sadwaande waarden se weromstjoerd nei de tekentafel, mei de opdracht om har der fierder op ta te lizzen.
Uteinlik waard it Howard dudlik dat it ferhaal fan
Savage Seas
net te kombinearjen foel mei wat de studiobazen by Disney foar eagen stie. Hy tanke derom it sechstiger-jierrendekor of, krektlyk as it
spionaazje
-elemint en de ynternasjonale aspekten. It gefolch wie dat der hiel in nij ferhaal untstie, dat him untjoech ta in
plysjefilm
fan it
subsjenre
fan 'e
buddy cop movie
(d.w.s. oer de wikselwurking tusken twa plysjepartners). De haadrol wie yn dat stadium tatocht oan 'e
foks
Nick Wilde, wylst de
knyn
Judy Hopps eins inkeld syn
helpke
wie. In skoft lang leine Howard en Bush harren tige fest oan dy ferzje fan it ferhaal, mar yn
novimber
2014
beseften se dat de
plot
foar it
publyk
ynnimliker weze soe as se de rollen omdraaiden en fan Judy Hopps de haadpersoan makken.
It
senario
foar
Zootopia
waard skreaun troch
Jared Bush
en
Phil Johnston
. Neitiid brochten de
animators
acht
moannen
troch yn
Disney's Animal Kingdom
, it
San Diego Zoo Safari Park
en ek yn
Kenia
, der't se it
halden en dragen
fan ferskate
bistesoarten
bestudearren, sadat se dy sa realistysk mooglik werjaan koene yn 'e film. Se besochten ek it
Natoerhistoarysk Museum fan Los Angeles County
, der't se under de
mikroskoop
beseagen hoe't ferskillende soarten
pelzen
der utseagen under in ferskaat fan ferljochtingsfoarmen. It gebruk fan kompjuteranimaasje stelde de animators by steat om 800.000 underskate bistefigueren oan te meitsjen. Foar de
sted
Zootopia lieten de animators harren ynspirearje troch in ferskaat oan wiere grutte steden, lykas
New York
,
San Francisco
,
Las Vegas
,
Parys
,
Sjanghai
,
Hongkong
en
Brasilia
. Foar it untwerpen fan 'e ferskillende
motorisearre fiertugen
foar safolle underskate bistesoarten waard advys ynwun fan
J Mays
, it eardere haad nije untwerpen fan 'e
Ford Motor Company
.
De
rezjy
fan
Zootopia
kaam uteinlik yn 'e hannen fan
Byron Howard
sels en fan
Rich Moore
, dy't earder grut sukses han hie mei
Wreck-It Ralph
. Produsint foar de
Walt Disney Animation Studios
wie
Clark Spencer
.
Nathan Warner
en
Brian Leach
diene de
kamerarezjy
. Foar de
haadrollen
fan Judy Hopps en Nick Wilde waarden as
stimakteurs
Ginnifer Goodwin
en
Jason Bateman
oanlutsen. De rol fan
kommissaris
Bogo waard ferfolle troch
Idris Elba
. Oare wichtige rollen hiene
Jenny Slate
as
loko-boargemaster
Dawn Bellwether,
Nate Torrence
as
plysje
Benjamin Clawhauser,
J.K. Simmons
as
boargemaster
Leodore Lionheart, en
sjongster
Shakira
as Gazelle. De
muzyk
waard fersoarge troch
komponist
Michael Giacchino
, dy't in
soundtrack
gearstalde mei 21
ynstrumintele numers
en 1
songen
liet
. Dy waard op
4 maart
2016
utbrocht op
cd
as
Zootopia: Original Motion Picture Soundtrack
. Inkeld it earste numer fan it
album
wie net fan Giacchino; dat wie it liet
Try Everything
, skreaun troch
Sia Furler
,
Tor Erik Hermansen
en
Mikkel S. Eriksen
, en songen troch
Shakira
.
De earste
trailer
fan
Zootopia
waard op
11 juny
2015
utbrocht op
YouTube
. De film gie op
13 febrewaris
2016
yn
premiere
op it
Ynternasjonaal Tekenfilmfestival fan Brussel
, wernei't de
bioskooppremiere
yn 'e
Feriene Steaten
folge op
4 maart
fan dat jier. Op
7 juny
2016
waard
Zootopia
troch
Walt Disney Studios Home Entertainment
utbrocht op
dvd
,
blu-ray
,
blu-ray 3D
en
digital hd
.
Buten
Noard-Amearika
krige
Zootopia
yn guon lannen in oare
namme
. Sa waard de film yn it
Feriene Keninkryk
en ferskate oare
Jeropeeske lannen
(werunder
Nederlan
,
Denemark
,
Flaanderen
,
Hongarije
,
Itaalje
,
Noarwegen
,
Portegal
,
Spanje
en
Tsjechje
) utbrocht as
Zootropolis
. Itselde wie it gefal yn guon lannen yn
Noard-Afrika
. Wylst
Zootopia
in
wurdboarterij
is op
Zoo
(fan
zoology
, '
soology
') en
Utopia
, ferwiist
Zootropolis
nei
Zoo
en
metropolis
("
metropoal
"). De nammeferoaring waard ynjun troch it feit dat
Disney
yn sokke lannen it
auteursrjocht
op 'e namme
Zootopia
net krije koe, mei't dat al oars ferjun wie. Sa wie it yn
Denemark
al sunt
2014
yn 'e hannen fan 'e
dieretun
Givskud Zoo
. Yn
Dutslan
, der't men ornearre dat
Zootropolis
tefolle liek op 'e titel fan it populere
berneboek
Zootopolis
fan
auteur
Kay Fischer
, ut
2010
, krige de film de namme
Zoomania
.
Yn 'e
Britske
krante
The Observer
skreau
filmkritikus
Mark Kermode
dat
Zootopia
in hiel
grappige
en ynnimlike film wie. Der foege er oan ta: "It yn 'e film untsteande drama hjit in ferhaal te wezen oer rofdieren dy't tajouwe oan harren biste-
ynstinkten
, wylst eangstige proaidieren benaud binne foar harren buorlju. Mar eins is it in hearlik opboude
likenis
oer
fertrouwen
en
toleransje
fersus
panyk
en
foaroardielen
."
Neil Genzlinger
fan
The New York Times
fun
Zootopia
"grappich, moai betocht, [en] ta neitinken stimmend." Yn it
tydskrift
Rolling Stone
skreau
Peter Travers
dat
Zootopia
samar ris "de meast
subversive
film" fan
2016
weze koe. Hy priizge it aktuele boadskip oer it kwea dat feroarsake wurdt troch foaroardielen yn in tiid dat
ksenofobyske
politike
retoryk
de oerhan hie.
De Amerikaanske resinsint
Matt Zoller Seitz
fan 'e
webside
RogerEbert.com
mocht
Zootopia
oer it generaal wol lije en joech de film 3 fan 4 stjerren, mar hy hie muoite mei de sintrale
metafoar
, dy't neffens him flokte mei it boadskip dat de film utdrage woe. Hy skreau: "
Zootopia
freget allegeduerigen fan syn personaazjes om fierder te sjen as
stereotypen
dy't op
soarten
basearre binne [...]. Dat liket allegearre moai en aardich, oant je beseffe dat alle stereotypen oer ferskate bisten oant op beskate hichte wier binne, yn 't bysunder de meast elemintere:
karnivoaren
ite
herbivoaren
om't dat yn harren aard leit." Yn 'e Britske krante
The Daily Telegraph
skreau
Rosa Prince
dat sy yn elts gefal tige gelokkich wie mei it haadpersonaazje Judy Hopps, dy't foar har dream fan in karriere as plysje kiest, ynstee fan foar
leafde
en
famyljetrou
, sa't alle Disney-
prinsessen
lykje te dwaan.
Op 'e webside
Rotten Tomatoes
, dy't
resinsjes
sammelet, krige
Zootopia
in goedkarringspersintaazje fan 97% basearre op 267 ferskillende resinsjes. De bygeande
konsensuskrityk
priizge de wielderige nije animaasjetechniken fan Disney, de flotte en grappige ferhaalline dy't foar sawol
bern
as
folwoeksenen
underhaldend is, en it "rike en aktuele" boadskip dat "ta neitinken stimmend en ynklusyf" is. Yn
2016
behelle inkeld
Moonlight
op Rotten Tomatoes in hegere skoare as
Zootopia
.
Zootopia
brocht yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
341,3 miljoen op, en yn 'e rest fan 'e wrald $682,5 miljoen. De totale
opbringst
bedroech sadwaande $1,024 miljard (oftewol $1.024 miljoen), wat, ofset tsjin in
budget
fan $150 miljoen, in skjinne
winst
betsjutte fan mar leafst $874 miljoen.
Zootopia
wie de fjirde
tekenfilm
ea mei in opbringst fan mear as in miljard
Amerikaanske dollar
, nei
Toy Story 3
(
2010
),
Frozen
(
2013
) en
Minions
(
2015
).
Wraldwiid wie
Zootopia
de op trije nei meast opbringende film fan 2016, nei
Captain America: Civil War
,
Rogue One
en
Finding Dory
. Ek wie
Zootopia
de op ien nei meast opbringende (earste publikaasje fan in) film fan 'e
Walt Disney Animation Studios
(nei
Frozen
), en de op ien nei meast opbringende film mei in orizjineel
senario
, d.w.s. in senario dat net op in earder besteand ferhaal basearre wie (nei
Avatar
).
Zootopia
waard yn
2016
bekroane mei de
Oscar foar Beste Lange Animaasjefilm
, de
Golden Globe foar Beste Lange Animaasjefilm
en ferskate oare
prizen
, werunder de
Critic's Choice Movie Award
en
Annie Award
yn 'e
kategory
beste lange animaasjefilm. Ek wun de film dat jieers de Britske
BAFTA
yn deselde kategory.
Op
21 maart
2017
spande
Esplanade Productions
, it
bedriuw
fan
senarioskriuwer
Gary L. Goldman
(dy't u.m. ferantwurdlik wie foar it
skript
fan
Total Recall
, ut
1990
, under
rezjy
fan
Paul Verhoeven
), in
rjochtsaak
oan tsjin
Disney
oer ynbrek op
auteursrjochten
. Goldman hie nammentlik twaris (yn
2000
en
2009
) mei in senario by Disney oan it suteljen west foar in
live-actionfilm
mei de titel
Looney
, oer in sosjaal unhandige
animator
dy't in
tekenfilmsearje
op 'e
tillefyzje
betinkt mei as namme
Zootopia
. Disney wiisde it senario beide kearen of, mar nei de premiere fan 'e Disney-film
Zootopia
bewearde Goldman dat Disney syn
namme
,
tema's
,
dekor
en
personaazjekarakters
stellen hie. Judy Hopps, Nick Wilde, kommissaris Bogo en de
loaiert
Flash, dy't by de Tsjinst Motorrydtugen yn Zootopia wurket, soene allegearre ut
Looney
oernommen weze. In
wurdfierder
fan Disney omskreau Goldman syn oanklacht as "grotfol mei oerdudlik falske beskuldigings".
Rjochter
Michael W. Fitzgerald
die op
8 novimber
2017
utspraak dat der fan ynbrek op auteursrjochten gjin sprake wie. Yn it
funis
sei Fitzgerald: "[...] it besykjen fan Goldman om oerienkomsten tusken de
plots
fan
Looney
en
Zootopia
oan te wizen, wie forsearre. Alle saneamde likenissen tusken de beide wurken wiene tema's, net plotpunten of ferwikkelings, en dy wiene te algemien om beskerme te wurden troch de wetjouwing omtrint auteursrjochten."