The Mummy
is in
Amerikaanske
horror
-
aksje
-
aventoerefilm
ut
2017
under
rezjy
fan
Alex Kurtzman
, mei yn 'e
haadrollen
Tom Cruise
,
Sofia Boutella
en
Annabelle Wallis
. De
titel
betsjut "De
Mummy
". De
film
is in
reboot
fan 'e moderne
filmsearje
The Mummy
. It
ferhaal
folget Nick Morton, in
sersjant
yn it
Amerikaanske Leger
, dy't troch tafal de
greftombe
fan in
boasaardige
Egyptyske
prinsesse
ut 'e
Aldheid
untdekt, en har by fersin frijlit.
The Mummy
krige oer it algemien negative
resinsjes
fan 'e
filmkritisy
. Hoewol't er it yn 'e
bioskopen
goed die, litte de film troch de ekstreem hege produksje- en
marketingkosten
dochs in oansjenlik
ferlies
. Fan gefolgen waarden mooglike
ferfolchfilms
ofblaasd.
Yn
Londen
wurdt by it graven fan in
tunnel
in reuseftige
greftombe
fan in groep
krusfarders
ut it jier
1127
untdutsen, fan wa't ien
begroeven
blykt te wezen mei in grutte
Egyptyske
robyn
. De fynst wurdt feilichsteld troch de mysterieuze
wittenskipper
Henry Jekyll
, dy't fermoedet dat de tombe ferbun is mei it ferhaal fan Ahmanet, in
prinsesse
ut 'e
Egyptyske Aldheid
dy't har tiidgenoaten besocht hawwe om ut 'e
skiednis
te wiskjen. Jekyll hat har ferhaal lykwols byinoar puzele. Ahmanet wie de
erfdochter
fan har
heit
, de
farao
, oant dyselde
wertroude
en op syn alde dei noch in
soan
krige, dy't doe syn
erfgenamt
waard. De prinsesse wegere har
beerf
op te jaan en sleat in ferbun mei
Set
, de
Egyptyske
god
fan 'e
dea
. Dyselde unthiet har gans macht as se him holp en kring yn 'e wrald fan 'e
libbenen
troch. Ahmanet
fermoarde
har heit,
styfmem
en de
poppe
dy't har
healbroer
wie, mar ear't se it
ritueel
utfiere koe dat Set oproppe soe, waard se oermastere en troch de Egyptyske
preesters
libben begroeven
op in plak fier buten Egypte.
Underwilens binne yn it troch de
Irakoarloch
teheistere
Irak
sersjant
Nick Morton en
korporaal
Chris Vail, twa
militeren
fan it
Amerikaanske Leger
, dwaande mei in syktocht nei kostbere foarwerpen ut 'e
Aldheid
dy't se
efteroer drukke
en op 'e
swarte merk
ferkeapje
kinne. By tafal untdekke se yn 'e
provinsje
Nineve
wat de undergrunske greftombe liket te wezen fan in
prinsesse
ut 'e
Egyptyske Aldheid
, op in ofstan fan hast tuzen
kilometer
buten Egypte. Mei't de
artefakten
te bombidich en swier binne om te stellen en tombe te grut om te missen, bringe Morton en Vail harren befelfierend
ofsier
,
kolonel
Greenway, fan harren fynst op 'e hichte. Greenway komt opdaagjen mei yn syn sok de
Britske
argeologe
Jenny Halsey, mei wa't Morton yn
Bagdad
inkele dagen tefoaren in
onenightstand
han hat werby't er har de
lankaart
untfytmanne hat dy't him en Vail nei de greftobe late. Halsey stelt lykwols fest dat it eins net om in greftombe giet, mar om in
finzenis
.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
Morton is sa
rimpen
dat er in meganisme yn wurking steld dat yn 'e tombe in
sarkofaach
oplukt ut in bad fan
kwik
. Fuort derop tilt it yn 'e tombe op fan 'e
spinnen
, en Vail wurdt troch ien
biten
. De sarkofaach wurdt ut 'e tombe takele en yn in
transportfleantuch
fan it Amerikaanske Leger laden, wernei't Greenway, Morton, Vail en Halsey dermei nei
Ingelan
fleane. Underwilens begjint Morton
fizioenen
fan prinsesse Ahmanet te krijen, weryn't se him
betanket
dat er har frijlitten hat en him har "utkarde" neamt. Underweis boazet ungemurken de sitewaasje fan Vail oan, dy't troch de spinnebyt under ynfloed fan Ahmanet kommen is. As er kolonel Greenway deastekt, is Morton twongen om syn
freon
del te sjitten. Fuort dernei wurdt it fleantuch oanfallen troch in unbidige
swaarm
krieen
, werby't de
piloat
en de
ko-piloat
omkomme en it tastel begjint
del te stoarten
. Morton redt it libben fan Halsey troch har de iennichste
parasjute
te jaan dy't er besette kin en har ut it fleantuch te smiten. Dat stoart del yn it
Ingelske
greefskip
Surrey
, net fier fan 'e
ruines
fan 'e
Abdij fan Waverly
. Alle ynsittenden dy't op dat stuit noch yn libben binne, komme om.
Morton wurdt wekker yn in
mortuarium
, sunder dat er in skramke oprun hat. De
geast
fan Vail ferskynt oan him en fertelt him dat er no
ferflokt
is (en dertroch net
stjerre
kin) om't Ahmanet him as har utkarde utornearre hat, dejinge dy't se
offerje
sil om Set yn 'e wrald te bringen, sadat de god syn
lichem
besette
kin. Underwilens is de sarkofaach by it delstoarten iepenbrutsen en is Ahmanet derut untsnapt. Se regenerearrret har
mummifisearre
lichem troch de libbenskreft ut redingswurkers te sugen, dy't op it delstoarte fleantuch ta kommen binne. Troch dat proses feroarje dyselden yn
sombys
. Morton nimt Halsey mei nei it plak fan it delstoarte fleantuch, mei't er him der net bewust fan is dat it Ahmanet is dy't him derhinne ropt. As er foar it ferstan kriget dat Ahmanet him offerje wol mei de
Dagge
fan Set dy't se weromfun hat yn in
relikwarium
yn 'e Abdij fan Waverly, fjochtet er him los en naait er mei Halsey ut yn in
ambulanse
. Ahmanet lit harren efterfolgje troch de sombys, mar hja hat underwilens untdutsen dat de robyn ut it
hantfet
fan 'e dagge untbrekt, wat it
wapen
unbrukber makket foar it ritueel.
As de ambulanse troch tadwaan fan 'e sombys
oer de kop slacht
, komt Ahmanet wer opdaagjen om Morton op te heljen, mar ear't dat barre kin, wurdt se oermastere troch in kloft
kommando's
. Dyselden nimme Ahmanet, Morton en Halsey mei nei
dr.
Henry Jekyll, de lieder fan Prodigium, in
geheim genoatskip
werfan't de leden sizze it
kwea
te befjochtsjen, al hawwe se der twifelige metoaden foar. Halsey blykt de hiele tiid al in aginte fan Prodigium west te hawwen. Hja kantet har lykwols bot oan tsjin Jekyll syn plannen, as se untdekt dat er fan doel is om Ahmanet har ritueel trochsette te litten, sadat se Set yn 'e wrald fan 'e libbenen bringe kin. Jekyll is nammentlik fan doel om dernei Set te ferdylgjen. Dat soks ta de dea fan Morton liede sil, fynt er
spitich
mar oanfurdber. Morton besiket te untkommen troch Jekyll in
searum
of te pakken der't de man himsels om 'e safolle tiid mei
ynjektearret
en der't er blykber net sunder kin. Dat hat lykwols as gefolch dat Jekyll feroaret yn syn
sadistyske
en
gewelddiedige
alter ego
Edward Hyde
. Mei muoite wit Morton Hyde te ynjektearjen mei it searum, sadat er wer weromferoaret yn Jekyll.
Underwilens hat Ahmanet troch in nije spinnebyt ien fan Jekyll syn mannen yn har macht witten te krijen, dy't har befrijt. Hja untsnapt ut 'e fasiliteit fan Prodigium, en yn alle trelit witte ek Morton en Halsey te untkommen. Morton fettet it plan op om 'e robyn ut 'e krusfarderstombe te ferneatigjen, sadat der gjin ritueel plakfine kin en hysels dus feilich is foar sawol Ahmanet har flok as Jekyll syn snoade plannen. Derom bejouwe hy en Halsey harren nei de tombe ta, werby't harren it paad wiisd wurdt troch de geast fan Vail. Mar Ahmanet is harren foar en weeft handich of mei de minsken dy't Jekyll der postearre hat. As Morton en Halsey de tombe berikke, hat Ahmanet sadwaande de robyn al te pakken, dy't se wer weromset hat yn it hantfet fan 'e Dagge fan Set.
Ahmanet nimt Halsey finzen en
ferdrinkt
har, ta
wanhoop
fan Morton, dy't no pas foar it ferstan kriget dat er
fan har haldt
. Op
sluchslimme
wize wit er Ahmanet de Dagge fan Set te untfytmanjen, mar as er de robyn stikken slaan wol, ropt Ahmanet him ta dat er nei it ritueel macht hawwe sil oer libben en dea. Morton wol neat leaver as Halsey wer ta libben bringe, mar beseft dat it ritueel Ahmanet macht oer him jaan sil. Derom jout er har de dagge net oer, mar stekt er it wapen eigenhandich yn syn
hert
. Om't de robyn lykwols al heal barsten is, wurdt er dan mar foar in diel troch Set beset. Neitiid brukt er de macht dy't er no hat om alle libbenskreft ut Ahmanet te sugen, krekt sa't sy dat earder mei de redingswurkers dien hat. Derop bringt er Halsey wer ta libben, mar hy is no in
meunster
wurden en wol net dat sy him sjocht. Ferskule yn 'e
skaden
nimt er
ofskie
fan har en flechtet foar't Jekyll en syn underhearrigen arrivearje kinne om him te fangen.
Letter sjogge Jekyll en Halsey ta hoe't it no wier mummifisearre lichem fan Ahmanet fersegele wurdt yn in sarkofaach folle mei kwik. Halsey oppenearret dat Morton, mei de kreften dy't er no hat, in treflike bunsgenoat weze soe, mar Jekyll freget him of oft Morton syn kreften wol foar it
goede
ynsette sil. Morton is underwilens weromkeart nei de
woastyn
, der't er Vail wer ta libben brocht hat en mei syn alde freon ofset op in nij aventoer.
- haadrollen
- byrollen
In
reboot
fan 'e
Mummy
-franchise
waard troch
filmstudio
Universal Pictures
foar it earst oankundige yn
2012
. Yn
novimber
2015
rekke
akteur
Tom Cruise
by it projekt belutsen. It wie de bedoeling dat de film underdiel wurde soe fan 'e nije
Dark Universe
-rige
fan Universal.
The Mummy
waard
regissearre
troch
Alex Kurtzman
nei in
senario
fan
David Koepp
,
Christopher McQuarrie
en
Dylan Kussman
op basis fan in ferhaalline dy't betocht wie troch Kurtzman,
Jon Spaihts
en
Jenny Lumet
.
As
produsinten
wiene
Chris Morgan
,
Sean Daniel
en Kurtzman sels by it projekt belutsen foar de
filmstudio's
Perfect World Pictures
,
K/O Paper Products
,
Conspiracy Factory
,
Sean Daniel Company
en
Secret Hideout
. Foar de film wie in
budget
beskikber fan
$
195 miljoen. De
kamerarezjy
wie yn 'e hannen fan
Ben Seresin
, en de
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Brian Tyler
. Yn 'e
postproduksje
waard de film oanfolle mei mear as 1.000
special effects
.
De
opnamen
foar
The Mummy
setten op
3 april
2016
utein en duorren oant en mei
13 augustus
fan dat jier. Der waard filme op lokaasje yn it
Ingelske
Oxford
en yn 'e
Kalaharywoastyn
yn
Namybje
. De binnendoarsenes waarden opnommen yn 'e
Warner Bros. Studios, Leavesden
, yn it
Ingelske greefskip
Hertfordshire
en foar in diel yn 'e
Pinewood Studios
, yn
Buckinghamshire
.
Foar it filmjen fan it
delstoarten
fan it
transportfleantuch
waard gebruk makke fan
paraboalyske flecht
yn in saneeamde
Vomit Comet
(in echt
fleantuch
dat rjocht omheech fljocht en dan ynienen wer rjocht omleech om 'e sitewaasje fan
gewichtleazens
te simulearjen). Regisseur Kurtzman woe de hiele
sene
oarspronklik opnimme mei harnassen dy't foarsjoen wiene fan metalen triedden om 'e akteurs oan op te hingjen yn in rotearjende
filmset
, mar Cruise brocht him op oare gedachten. Der wiene de oare akteurs, dy't under de 64
takes
dy't it duorre om 'e hiele sene te filmjen ferskate kearen sa
beroerd
waarden dat se de hiele boel
derut jagen
, him net allegear like
tankber
foar.
De
distribusje
fan
The Mummy
waard fersoarge troch
Universal Pictures
. De film gie op
22 maaie
2017
yn it
Australyske
Sydney
yn
premiere
.
Fan 'e
filmkritisy
krige
The Mummy
oer it algemien negative
resinsjes
. Sa skreau
Peter Travers
yn it
tydskrift
Rolling Stone
: "Nettsjinsteande alle wyn en blast en digitale
wanhoop
fan oerwurke
kompjuters
giet dizze
reboot
op it
wite doek
of as in losse flodder." Yn
Uproxx
joech Vince Mancini de film in pynlike oanpriizging: "As jo fan unbegryplike samlings fan dingen halde dy't ut 'e fierte wol wat wei hawwe fan dingen der't jo yn it ferline fan genoaten hawwe, dan is
The Mummy
de film foar jo."
Peter Bradshaw
, fan 'e
Britske
krante
The Guardian
, skreau: "[De film] hat guon moaie mominten, mar is yn prinsipe in soadsje." De
plot
sakke neffens him yn 'e midden troch en omfieme "in grimelgrammel fan ideeen en
senes
dy't ut [in stikmannich underskate] ferzjes fan it
skript
lykje te kommen."
Neffens
Owen Gleiberman
, dy't foar it bled
Variety
skreau, wie de delfal fan 'e film dat "de realiteit fan wat de film is ? in
Tom Cruise
-fehikel ? tsjinstridich is mei it materiaal." Hy skreau dat de 54-jierrige Cruise noch altyd de "
egoistyske
,
eigenwize
mar ynnimlike smjunt spilet dy't noch opgroeie moat. […] It probleem is dat Cruise […] sa tawijd is oan it hanthavenjen fan syn
imago
as in dudlike en streksume
held
, dat syn
flirt
mei de dunkere kant frijwol hielendal teoretysk wurdt."
Op 'e
webside
Rotten Tomatoes
, dy't resinsjes sammelet, hat
The Mummy
in leech goedkarringspersintaazje fan 16%, basearre op 310 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: "Mei't de oerdreaune
humor
fan 'e meast resinte dielen fan 'e
franchise
hjiryn untbrekt en [ek] om't er foar in
meunsterfilm
net folle spannende mominten leveret, suggerearret [dizze film] in fluch untraffeljen fan it
Dark Universe
." Op
Metacritic
, de wichtichste
konkurrint
fan Rotten Tomatoes, behellet
The Mummy
in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 44 resinsjes.
The Mummy
brocht yn 'e
bioskopen
yn 'e
Feriene Steaten
en
Kanada
$
80,2 miljoen op, en yn alle oare
lannen en territoaria
$329,8 miljoen. Wraldwiid kaam de
opbringst
dermei ut op in hiel kreaze $410,0 miljoen. Ofset tsjin it
budget
fan $195 miljoen soe dat in
winst
fan $215 miljoen betsjutte. Omreden fan 'e oerdiene
marketingkosten
, dy't der noch of moasten, berekkene it bled
Deadline Hollywood
lykwols dat de
The Mummy
$450 miljoen opbringe moast om kyt te spyljen, en dat de film dus uteinlik $40 miljoen of mear
ferlies
makke.
The Mummy
waard nominearre foar acht
Golden Raspberry Awards
, de '
prizen
' foar de minste prestaasjes op it med fan
filmkeunst
. Derfan wun de film yn ien
kategory
: de priis foar minste
akteur
, foar
Tom Cruise
.
The Mummy
makke diel ut fan 'e
Dark Universe
-searje
, in besykjen fan
filmstudio
Universal Pictures
om in modern
sinematysk universum
te skeppen foar de
personaazjes
ut 'e
Klassike Meunsterfilmsearje
fan alearen. De film
Dacula Untold
, ut
2014
, soe oarspronklik de earste film fan dy rige weze, mar nei de
premiere
waard de ban tusken film en filmsearje troch de produsinten behimmele, wernei't
The Mummy
it nije earste diel fan 'e
Dark Universe
-searje wurde soe. It
teloarstellende
resultaat fan 'e film makke lykwols dat Universal neitiid weromkearde nei it meitsjen fan op harsels steande films, ynstee noch in mienskiplike eftergrun nei te stribjen. Dermei einige it
Dark Universe
winliken noch foar't it goed en wol begun wie.